Berne: 09-02-1955, Burchwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Eeltsje Hettinga hikke en tein te Burchwert. Syn heit hie in boerebedriuw en wie hynstetysker. Hy hat lange jierren wurke as selsstannich sjoernalist. As sadanich wenne er fiif jier yn de Feriene Steaten.
As literator is Eeltsje Hettinga aktyf op meardere gebieten: hy is dichter, oersetter, pamflettist en hy skreau monografyen oer de keunstners Abe Gerlsma (Nederlânsktalich) en Gerben Rypma (Frysktalich).
Kistwurk
Mids 2000 wie er de inisjator fan it Frysk literêr tydskrift Kistwurk op ynternet. Op it boekefeest yn febrewaris 2001 ferskynde ek in printe ferzje dy’t as fearnsjiersblêd ferskine soe. Dêrmei wie Kistwurk in primeur yn de Frysk literêre wrâld. De redaksje, dy't neist Hettinga bestie út Elske Schotanus en Eric Hoekstra, wie ambysjeus en woe grinzen ferlizze. It ynisjatyf sloech oan by skriuwers en lêzers, it naam bûten bydragen fan Fryske auteurs ek Hollânsktalige bydragen en oersettings fan bûtenlânske auteurs op. Troch ferskeidene oarsaken, û.o. in te lytse subsydzje fan de provinsje neffens wat de útjouwer frege hie, kaam der yn 2002 [1] in ein oan webside en blêd.
Dichter
Hettinga debutearre yn boekfoarm yn 1998 mei de bondel Akten fan winter. By de oanbieding bespriek Philippus H. Breuker de bondel; dy resinsje is letter yn 'Hjir' nr 3 fan 1998 [2] publisearre. De kritisy priizgen de bondel foar de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. De bondel waard yn 1999 bekroand mei de Fedde Schurerpriis. De sjuery [3] neamde it 'in yndrukwekkende, bytiden oangripende dichtbondel'.
Nei oanlieding fan it foarnimmen fan de Provinsje om de Fedde Schurerpriis net langer út te rikken, levere Hettinga de priis yn 2012 wer yn by deputearre Janne-Wietske de Vries.
Ek foar syn twadde bondel Dwingehôf út 2000 krige Hettinga loovjende kritiken.
Hettinga wrakselet yn syn fersen mei tema’s as leafde, dea, tiid, taal en oarsprong. Yn syn besprek fan Dwingehôf skreau Abe de Vries: ‘Lykas syn earstling, de mei de Fedde Schurerpriis bekroande Akten fan winter, bringt ek Dwingehôf in persoanlike mytology fan ferline, oantinken en dea’. Fierderop yn itselde besprek: ‘Yn Dwingehôf is de foarm fan de fersen almeast frij, sûnder einrym. Mar foar dy frijheid oer stiet regelmjittichheid yn de lingte fan de rigels en in opfallend ryk gebrûk fan alliteraasje en assonânsje’. De Vries neamt de bondel ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it nei-oarlochske Fryslân.
Tegearre mei taalkundige Eric Hoekstra publisearre Eeltsje Hettinga yn 2002 ûnder de skûlnamme Hu Thung-song in bondel fersen yn Sineeske styl Yn ’e fal fan jûn. ‘Literatuer is foar in part ek in grap,’ sei Hettinga, ‘sels jinsels moat men bytiden de gek oanstekke’.
Syn fjirde bondel Apreos kaam yn 2006 yn it ljocht. Krekt as yn syn beide eardere bondels wit Hettinga ek yn Apreos op oertsjûgjende wize syn fertellend fermogen, mei troch it brûken fan poëtyske techniken as alliteraasje en assonânsje, stal te jaan. Hettinga, dy't wol ris it enfant terrible fan de Fryske literatuer neamd wurdt, hat him yn dizze bondel opnij ynspirearje litten troch byldzjend keunstners lykas Edward Hopper en de Grinzer skilder Siep van den Berg (1913-1998).
De bondel Ikader út 2012 giet yn ien fan de skiften oer keunstner Bas Jan Ader: 'Ik, Ader'. Dizze keunstner waard bekend troch syn performances dy't gauris de swiertekrêft as ûnderwerp hiene. Ek ditkear is wer in ferskaat fan ferwizingen nei byldzjende keunstners opnommen, yn dit gefal fan Breughel en Ensor oant Sjoerd de Vries ta, fan wa't in wurk op it omkaft te sjen is. Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013, sjoch foar mear ynformaasje oer dizze bondel it boekprofyl [4].
Sûnt 2012 hat Hettinga derfoar keazen om gjin poëzybondels mear út te jaan, hy woe ta op oare presintaasjefoarmen.
Yn dat ljocht besjoen kaam op inisjatyf fan Hettinga It Font (2013-2018) ta stân, in fideopoëzyprojekt [5] yn gearwurking mei fideokeunstner Lotte Middendorp, dat yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd (2018) ek diel útmakket fan Lân fan taal. Doel wie û.o. om poëzy ek op in oare manier as fia literêre tydskriften foar it fuotljocht te bringen. Films út It Font - mei-inoar binne der 12 makke - ha te sjen west yn Museum Belvédère, Fries Museum en op de Frankfurter Buchmesse. De gedichten yn It font binne twatalich (Frysk-Ingelsk). Yn 2019 folge in oar projekt, in doaze mei gedichten, in essee en byldzjend wurk ûnder de titel Nachtspraak.
Oare literêre aktiviteiten
Yn 2002 kaam er tegearre mei Elske Schotanus mei in nij inisjatyf, de Stichting Cepher. Doelstelling fan Cepher is it befoarderjen fan (Fryske) letterkunde. De earste útjefte fan útjouwerij Cepher, de trijetalige dichtbondel Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis / No borders, the voyage, ferskynde yn 2004. It is in troch de jonge foarmjouwer Michiel Postma prachtich foarmjûne útjefte, dy’t ta stân kaam yn gearwurking mei Omrop Fryslân. It boek waard yn 2004 bekroand mei de Liuweprint, de foarmjouwerspriis fan de Stichting It Fryske Boek. Yn it radioprogramma Omnium waarden 23 dichters befrege oer it tema de reis. Elke dichter wie fersocht om in fers oer it tema te skriuwen. Dy fersen waarden yn de hjerst fan 2003 foarlêzen yn it radioprogramma fan de Omrop. De opnamen dêrfan waarden as cd útjûn. De teksten fan de fersen binne yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk yn de tagelyk ferskynde bondel opnommen.
Yn 2002 naam Hettinga ek it inisjatyf ta de útjefte fan de bondel Wrâld, finster, gedicht, dy’t in jier letter ferskynde. Yn dy bondel hawwe 30 Fryske dichters har meast favorite gedicht út de wrâldliteratuer taljochte en oerset. Sels hat Hettinga wurk oerset fan û.o. Tranströmer, Bachmann, Bataille en Slauerhoff.
Yn 2003 hie Eeltsje Hettinga ek de einredaksje fan it troch Ronald Giphart skreaune, en dêrnei oersette ferhaal Der is gjin dêr, dêre.
Nei it ferdwinen fan Kistwurk sette Hettinga fan 2003-2004 troch mei syn digitaal ienmanspoadium Erosmos. Dêrneist begûn er yn 2005 it literêre ynternettydskrift Go-gol (2005-2009, útjûn troch Stifting Cepher), mei in redaksje dy't fierder bestie út Elske Schotanus, Arjan Hut en Huub Mous. Neist bijdragen fan de redaksje - faak columns, mar ek resinsjes oer Fryske literatuer - wiene der geregeldwei bydragen te lêzen van keunsthistoarikus en publisist Huub Mous en Philippus Breuker, âld-heechlearaar Fryske taal en letterkunde, frisiast en publisist. Yn 2011 is Sichting Cepher opholden mei it meitsjen fan Go-Gol. Fan july 2009 oant maaie 2011 publisearre Hettinga op it bloch Goloch, yn maaie 2011 begûn er in bloch ûnder eigen namme.
Yn 2008 kaam er yn De leagen op ’e dyk fûl yn it ferhef [6] tsjin de fyzje op de Fryske literatuer dy’t Abe de Vries dellein hie yn syn ynlieding op de blomlêzing Het goud op de weg / It goud op ’e dyk. Mei de blomlêzing woe De Vries ‘tonen hoe de Friese poëzie zich aan haar eigen haren uit het moeras van een minderheidstaal heeft opgetrokken.’ Yn it foaropwurd neamde er as wichtichste skaaimerk fan de Fryske poëzij de manier dêr’t dichters har plak op sochten tusken tradysje en eksperimint. Hettinga ûntstried dat mei it sizzen dat de tsjinstelling tradysje-eksperimint achterhelle wie en dat De Vries de poëzij opnij tsjinstber meitsje woe oan bûtenliterêre doelen.
Yn syn monografy [7] oer skilder-dichter Gerben Rypma (1878-1963) joech Hettinga net allinne in biografyske skets fan de ‘hjerremyt fan de Brek’, mar ek in byld fan de achterlizzende tiid, mei spesjaal omtinken foar de sosjaal-ekonomyske omstannichheden, de ûntjouwing yn de Fryske literatuer en de Frysksinnige roomske rûnten.
Yn 2019 waard it gedicht 'Net te beteljen', in hommaazje oan de frijwilligers dy't Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 mei mooglik makken, fêstlein op in poëzystien dy't foar de Blokhúspoarte leit. Yn datselde jier brocht Hettinga Nachtspraak út, in doaze mei dêryn û.o. it titelgedicht, mar ek wurk fan keunstner Anne Feddema en in boekje gearstald troch Willem Winters. Yn syn besprek neamde Arjan Hut [8] dizze útjefte 'in skatkist fan komsa'.
Fierder publisearret Hettinga bydragen yn tydskrift De Moanne.
Dichter fan Fryslân
Yn 2017 waard Hettinga beneamd [9] ta earste Dichter fan Fryslân. Yn syn tankwurd [10] joech Hettinga oan wat syn motivaasje is om dizze funksje oan te nimmen mei dêrby de mooglikheden dy't er sjocht. Tagelyk reaferearre er oan syn ûnôfhinklikens: 'Unôfhinklikens betsjut yn dizzen dat ik nimmen's slippedrager [11] bin, net fan de polityk noch fan hokker ideology ek'. Alle gedichten dy't er yn dizze funksje skreau, binne te finen yn in katern [12] dat meistjoerd waard mei LC en FD.
Yn 2021 die Hettinga mei oan it projekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid', in digitale presintaasje fan in tal iisbanen bûten de wintermoannen om. Underdiel hjirfan wie in tal gedichten dat op fideo ferskynde, wêrûnder 'Der gie in snijen' [13] fan Eeltsje Hettinga.
Gysbert Japicxpriis
Begjin oktober 2021 waard bekendmakke dat Eeltsje Hettinga de Gysbert Japicxpriis takend krigen hie [14] foar it wurk dat er skreau as Dichter fan Fryslân. Yn syn Laudatio by it útrikken fan de priis gie Eric Hoekstra [15] yn op trije aspekten fan Hettinga syn poëzy: de leafde foar it moaie fan taal, de leafde foar gerjochtichheid en de leafde foar it frije wurd. De advyskommisje [16] oer syn wurk as Dichter fan Fryslân: 'Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die yn oare bondels. Hy slagget der no ek noch yn om de aktualiteit te ferbinen mei poëzij. Hy makket fan it nijs in fers en fan in fers it nijs of in stik skiednis.'
Boarnen foar dit stik
[1] Kistwurk, FD 19-04-2002
[2] Ph. H. Breuker, Hjir nr. 3 1998
[3] Sjueryyrapport Fedde Schurerpriis 2002
[4] Sirkwy, Ikader
[5] Webside itfont
[6] Eeltsje Hettinga, 01-01-2013
[7] Leeuwarder Courant, 24-07-2010
[8] Arjan Hut, FD 28-11-2019 (besprek Nachtspraak)
[9] Webside Dichter fan Fryslân
[10] Tankwurd Eeltsje Hettinga, LC 25-11-2017
[11] Eeltsje Hettinga, LC 28-08-2017
[12] Katern Dichter fan Fryslân, LC 22-11-2019 (oersjoch fan de gedichten)
[13] YouTube, 12-05-2021
[14] Diane Romashuk, FD 01-10-2021
[15] Eric Hoekstra, Ensafh 18-11-2021 (laudatio GJ-priis))
[16] Sirkwy, 11-2021 (ferslach Advyskommisje GJ-priis))
List fan belangrykste wurk
Sjoch foar in folslein oersjoch: webside Eeltsje Hettinga
Poëzy
1998: Akten fan winter
2000: Dwingehôf
2002: Yn ’e fal fan jûn (ûnder skûlnamme Hu Thung-song, mei Eric Hoekstra)
2006: Apreos
2012: Ikader
2013: De wetters / de wateren (keunstnersboek, tegearre mei grafikus Antje Velstra, útj. AV, Grins /Groningen)
2016: It Font, leporello mei it twatalige gedicht In spegel de see / The sea a mirror en seis stills út it fideopoëzyprojekt mei deselde namme (ûntwerp en foarmjouwing Gert Jan Slagter, Ingelske oersetting David Colmer)
2016: It Font (fideopoëzie, in literêr-digitale útjefte fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp yn it Frysk / Ingelsk mei David Colmer as oersetter)
2018: De hannen de doeken. Cahier mei skilderij fan Christiaan Kuitwaard.
2018: It klappen fan 'e dyk
2019: Nachtspraak (spesjale útjefte mei gedichten en in essee yn kombinaasje mei byldzjend wurk fan Anne Feddema. Oersettingen fan Elske Schotanus, foarmjouwing: Richard Bos)
2019: Dichter fan Fryslân 2017 - 2019. Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad, Ljouwert. Redaksje en oersettingen: Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus
2021: De hôven (leporello, mei yllustraasjes fan Elske Schotanus)
Inisjator fan
2003: Wrâld, finster, gedicht : de moaiste fersen út de wrâldliteratuer útkeazen en oersetten troch 30 Fryske dichters
2004: Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis / No borders, no voyage
Pamflet
2012: De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018.
Ferskaat
1994: Abe Gerlsma (foar galerie de Roos van Tudor)
2003: Slauerhoff (seleksje út de fersen fan Slauerhoff, oerset troch Eppie Dam, Abe de Vries en Eeltsje Hettinga, mei ynlieding fan Hettinga)
2003: Der is gjin dêr, dêre (Ronald Giphart) (einredakteur E. Hettinga)
2008: De leugen op 'e dyk / De leugen op de weg (oer de blomlêzing Het goud op de weg, in krityk, in pleit)
2010: Gerben Rypma: de keunstner fan it dûbele krús (fotografy: Jan Tijsma)
2014: Sies Bleeker - libje yn liende tiid / leven in geleende tijd (y.g.m. Willem Winters)
2019: Ryzji yn it Frysk (gedichten fan Boris Ryzji, oerset troch E.H., mei portretten fan Jochem Hamstra)
2020: It skip (animaasjefilm fan Anne Fie Salverda, op basis fan in gedicht fan Eeltsje Hettinga)
Prizen
1988: Rely Jorritsmapriis foar fers Ofskied
1991: Rely Jorritsmapriis foar fers Nacht oer Greonterp
1994: Rely Jorritsmapriis foar fers It hinnekleed fan winter
1997: Rely Jorritsmapriis foar fers De Woldberch
1999: Fedde Schurerpriis foar Akten fan winter
2021: Gysbert Japicxpriis foar 'Dichter fan Fryslân'
Nominaasjes
2012: Shortlist Fedde Schurerpriis mei Gerben Rypma
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Ikader
Mear ynformaasje
Pieter de Groot, Kistwurk in katedraal yn opbou, LC 12-9-2001 dl 1 en dl 2
Sietse de Vries, LC 30-09-2016 (fraachpetear oer itFont)
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Opnamen Eeltsje Hettinga by Operaesje Fers
Webside Eeltsje Hettinga
Asing Walthaus, LC 27-09-2019 (oer Nachtspraak)
Yntroduksje Buchmesse 2019
Skriuwerslibben op ynternet, Omrop Fryslân, 28-01-2001
Vincent Meininger, FD 23-09-2021 (oer animaasje fan Anne Fie Salverda by 'It Skip' fan Eeltsje Hettinga)
Arjan Hut, De Moanne 08-11-2021 en FD 06-11-2021 (oer it wurk fan Eeltsje Hettinga n.o.f. de Gysbert Japicxpriis)
Elmar Kuiper, LC 05-11-2021 (oer de takenning fan de Gysbert Japicxpriis)
Elisabeth Post, LC 08-11-2021 diel 1 en diel 2 (oer takenning Gysbert Japicxpriis)
©Tresoar, 08-12-2021
Foto auteur: Jacob van Essen