Berne: 15-01-1949, Burchwert
Ferstoarn: 07-03-2013, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Libben
Tsjêbbe Hettinga is hikke en tein yn Burchwert, in doarp yn de Greidhoeke op inkele kilometers fan Boalsert.
Hy wie it twadde bern yn in katolike boerehúshâlding mei seis bern. Syn heit hie grutte leafde foar hynders en siet yn de hynstehannel. Hy wie in man fan taal, wie kommunikatyf en blomryk. Yn Pieter Verhoeff syn film ‘Yn dat sykjen sûnder finen’ út 2006 fertelt Hettinga dat er syn wille yn taal en syn taalgefoel fan heit urven hat.
Tsjêbbe Hettinga folge fan 1969 ôf de katolike pedagogyske akademy yn Hengelo. Nei syn mem har dea kaam er yn 1971 werom nei Fryslân en makke er de p.a. ôf yn Snits. Doe’t er yn 1972 syn diploma helle hie, hie er yn ’e rekken dat er gjin baan yn it ûnderwiis krije soe fanwegen de eachsykte, dy’t him yn syn jonge jierren al oppenearre hie, mar letter hieltyd slimmer waard. Wat dat oangiet wie er tige hurd oer himsels. Hy woe safolle mooglik ‘op deselde foet trochgean’, sa’t yn ien fan syn earste gedichten oanjûn stiet. Mei de help fan in lêsloep koe er ynearsten noch lêze. Fierder makke er gebrûk fan op kasette ynsprutsen teksten.
Yn de santiger jierren wurke Hettinga trije jier as opnametechnikus by de blinebiblioteek yn Grins, dêr’t er letter ek wenje soe. Hy begûn in stúdzje Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit, dy’t er yn 1986 ôfsleat mei in doktoraal eksamen. Fan 1982 ôf wenne er mei syn partner yn Ljouwert. Se krigen twa bern. Yn desimber 2012 die bliken dat er de sykte fan Kahler hie, dêr’t er pear moanne letter oan ferstoar.
Begjin dichterskip
Hettinga debutearre yn 1970 yn it literêr tydskrift Trotwaer mei it gedicht ‘Forsyk’. Mei de fersen ‘Forfal’ en ‘Ljocht út en troch’ wûn er yn 1970 en 1971 in Rely Jorritsmapriis. In pear jier letter ferskynde yn eigen behear syn earste bondel Yn dit lân (1973). It jier dêrop ferskynde Loft, lân en sé, dat er tegearre skreau mei Jelle Kaspersma, ûnder de pseudonimen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga. Lykas yn de earste twa bondels binne yn de tredde, Fan lân loft en leafde (1975), kollaazjewurk en yllústraasjes fan Kaspersma opnommen.
Nei de foarm rekkene binne Hettinga syn fersen yn dy trije bondels net sa gelyksoartich en strak opboud as de lettere. De rigellangte wikselt en der sitte noch in soad fersen by mei koarte rigellangte. Al hast fan it begjin ôf skriuwt de dichter dêrnêst ek poëzij opboud út lange rigels mei sinnen dy’t oer de rigelein hinnegripe (enjambemint). Dat is in aspekt fan Hettinga syn poëzij dat yn de lettere bondels oanwinne sil. Fierder brûkt de dichter gauris begjinrym en klinkerrym. Einrym komt hast net foar. In aparte kant fan Hettinga syn byldzjend dichterskip is ek dat er der net bang foar is om nije wurden te meitsjen, bg. de tiidwurden ‘ferjiskebakje’ of ‘oktoberje’. De fjirde bondel Tusken de bedriuwen troch is âlderdom ferskynde yn 1981 en waard printe yn in hânskreaune tekst. De poëzij yn dizze bondel is tige oerladen mei bylden en hiel sterk assosjatyf út de taal wei skreaun.
Hettinga sleat him yn de santiger jierren oan by de rûnten fan it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1975 oant 1990 yn de redaksje siet. Dêrnêst foarme er mei de dichter Binne Lútsen Boarnstra in skoft ‘It Sizzenskiplik Wurkferbân’, in ‘parapluviusterm foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’ (de termen ferwize as parody nei de wittenskiplike wurkgroepen fan de Fryske Akademy en nei Aldfryske wurdfoarmen). Dêryn waard op in boartlike wize oan de taal ‘kaaike’ (sjoch Hjir maart 1980 s. 30).
Definitive foarm yn de jierren njoggentich: Frjemde kusten
Nei Tusken de bedriuwen troch is âlderdom waard it in skoft stil en moast de dichter, sa’t er it letter sels sei, syn wurk earst fierder rypje litte. Mei it wurk dat fan 1992 ôf ferskynde hie er syn definitive foarm fûn.
De fjouwer bondels út 1992, 1993, 1995 en 1999 foarmje in sterke ienheid, omdat se foar in part deselde ynhâld ha. Yn de earste, Under seefûgels / De kust, is de risping fan tsien jier dichterlike arbeid byinoar brocht. De oare trije bondels binne twatalich. Sy besteane út de twadde helte fan de bondel út 1992, De kust (op ien fers nei), mei respektivelik in Dútske, Nederlânske en Ingelske oersetting derby. Yn de bondels fan 1995 en 1999 stiet dan fierder ek noch it lange gedicht ‘It faderpaard’, opdroegen oan de neitins fan Piter Mewis Hettinga (1916-1993), de heit fan de dichter.
De poëzij yn de fjouwer bondels toant mear balâns tusken byldstream en ferhaalline as yn it eardere wurk, al ferskille de fersen ûnder inoar noch wol yn begryplikens. Ien fan de mear bekende fersen is it titelfers ‘Frjemde kusten’. Jabik Veenbaas, dy’t in grut essee skreau oer it wurk fan Hettinga, stelt dat de dichter yn dizze bondels in soarte fan persoanlike mytology skept, wêryn’t er yn allerhanne bylden de oarsprong, it wêzen en de ein fan langst en drift werjout. Ljocht en simmer hawwe dêrby hast altyd te meitsjen mei lok en leafde, de see is it symboal foar de ivichheid, en de kust it plak der’t in minske oan de ivichheid reitsje kin. Seefûgels binne dêrby it ‘besieljende’ foarbyld, sy ferbyldzje de langjende libbenskrêft, de ‘eros’, en fiskers ferbyldzje faak de minske op syk nei it lok. By al dizze mytologyske symbolyk is der lykwols yn alle gedichten wol in ferhaal oanwêzich dat it gehiel struktuer jout.
Fan oer see en fierder
Ein 2000 ferskynde de bondel Fan oer see en fierder. Yn fergeliking mei de eardere ‘kuste’-bondels is it ferheljende elemint yn dizze bondel sterker wurden, de toan is evenrediger en minder hertstochtlik. De bondel hat njoggen fersen en foarmet in ienheid. De dichter beskriuwt in odyssee: it dichterlike ‘ik’ komt yn it earste fers oan op in Gryksk eilân, op de lêste siden set er wer ôf en giet de syktocht fierder. Babs Gezelle Meerburg stelt yn har besprek fan de bondel (LC 11-05-2001) dat de kombinaasje fan ‘gewoan’ deistich libben, ferwizingen nei âlde literatuer en de dreamerige wrâld fan it dichterlike ‘ik’ de sfear yn de bondel riedseleftich makket. Veenbaas jout oan dat it eilân de siel fan dichter ferbyldet, isolearre, sykjend, longerjend nei lok en leafde. Hy ferdútst dat mei it sitaat: ‘Yn dat sykjen sûnder finen koe de siel him / Wer as in eilân troch eilannen omspield’.
Oan dy rigels ûntliende Piter Verhoeff de titel fan de dokumintêre film dy’t er yn 2006 oer de dichter makke. It sykjen is ien fan de sintrale romantyske tema’s út Hettinga syn wurk, sykjen om lok en leafde dy’t ûnder oare ferbylde wurde troch it ljocht, in motyf dat yn in protte fan Hettinga syn fersen foarkomt. De slotsin fan de bondel is: ‘En earst no / Stapt de ezel ûnder de moerbeibeam fuort yn it ljocht / Dat oars net is as lokies foar syn bline passagier.’ It ferbinende motyf fan de Odysee yn Fan in see en fierder waard troch alle kritisy neamd. Abe de Vries stelt lykwols dat de wichtichste rol fan de ik-dichter yn de tekst dy is fan in bline sjogger. Dêrby wiist er op in ferbining mei Tiresias, in ferlykber mytologysk figuer dy’t ek in rol spilet yn The Waste Land fan T.S. Eliot.
Foar dizze bondel krige Hettinga yn 2001 de Gysbert Japicxpriis. By de priisútrikking yn it histoaryske stedhûs fan Boalsert, in healoere rinnen fan syn berteplak, droech er it gedicht ‘It faderpaard’ foar, skreaun as hommaazje oan syn heit.
Equinox – Evening en bondel foar gedichtedei
Yn 2009 folge de bondel Equinox. Hettinga syn statuer wie op lanlik nivo al sa grut dat De Volkskrant de fiifstjerre-resinsje fan Piet Gerbrandy pleatste wylst der noch hielendal gjin Nederlânske oersetting op de merk wie (dy kaam pas mei in twatalige fersy yn 2012). As ultime foarm fan wurdearring en erkenning folge yn 2010 de lytse twatalige bondel Aan schor en Stad Niks voorbij – Oan leech en Stêd Niks foarby, de ‘Nationale Gedichtendagbundel’ fan dat jier. De teksten en foardracht fan de beide gedichten waarden ek publisearre troch Poetry International, ‘Oan leech...’ en ‘Gesicht fol seefûgels’.
Janita Monna yn Trouw: ‘Nadat in eerdere jaren grote Nederlandstalige dichters als Judith Herzberg, Hugo Claus en Gerrit Kouwenaar de eer te beurt viel, is de keuze voor Tsjêbbe Hettinga als auteur voor de Gedichtendagbundel opvallend en gewaagd. En niet alleen omdat Hettinga in het Fries schrijft. Het lezen van zijn beeldende epische poëzie, waarin de zinnen worden voortgestuwd door klank en ritme, vergt een onalledaagse concentratie (…). Maar wie Hettinga ooit hoorde voordragen, is voorgoed betoverd door de zangerige toon waarmee de nagenoeg blinde dichter zijn gedichten declameert. Niet voor niets geniet hij wereldfaam.’
De bondel Equinox bestiet út trije skiften. De measte gedichten binne koarter as dy yn de foargeande bondels en ek minder epysk. Se slute oan by in bûniger foarm fan poëzij dy’t Hettinga earder ek skreau, lykas ‘Brandy cove’ út 1987 (net bondele, mar wol opnommen yn de Spiegel van de Friese poëzie). It twadde skift, ‘Twa kontininten’, bestiet út poëzij dy’t in jier earder ek opnommen wie yn it boek mei foto’s dy’t Andries Deinum yn augustus 1946 yn Fryslân makke.
It slotgedicht út de bondel, ‘De lêste staasje’, ferbyldet it lêste trajekt fan de Alvestêdetocht, riden yn de glûpend kâlde tsjusternis, dêr’t hallusinaasjes yn religieuze bylden yn gearfalle mei it langst de einstreek te heljen.
Oersettings
Hettinga makke ek oersettingen fan it wurk fan in oantal dichters dêr’t er him mei besibbe fielde. Ien dêrfan is Dylan Thomas, waans wurk him oanspruts fanwegen it fisuele en byldzjende karakter. Hy sette it gedicht ‘Fern hill’ oer en skreau der in wiidweidige analyze by. Oare skriuwers wiene Derek Walcott en Walt Whitman. Sa droech Hettinga de oersetting fan it lange gedicht ‘Salut au Monde’ fan Whitman foar op it Frysk Festival yn 1995 en hie earder al in protte sukses mei syn fertolking fan de Walcott-oersetting ‘It ljocht fan ’e wrâld’. Fierders makke er ek in oersetting fan it ‘Sinneliet’ fan Franciscus fan Assisi.
Hettinga syn eigen wurk is ek yn mannich taal oerset. Fansels in soad yn it Nederlânsk, mar ek yn it Dútsk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk.
Op it ynternasjonaal poadium
Fan it begjin ôf joech Hettinga optredens op poëzijjûnen en by gruttere evenenimten as it Frysk Festival, de Fryske skriuwerstoernee ‘Skipperslatyn’ yn 1985 en it Frysk strjitfestival yn Ljouwert yn de twadde helte fan de tachtiger jierren.
It jier 1993 soe in mylpeal yn syn karriêre wurde. Yn dat jier trede er nammentlik op yn de grutte kulturele jûn fan de Frankfurter Buchmesse. De Nederlânske literatuer stie yn dat jier sintraal op de Buchmesse en de organisaasje woe ek omtinken skinke oan de Fryske literatuer. Mei finansjele stipe fan de provinsje Fryslân en troch ynset fan Bouke Oldenhof, yn 1992 koördinator literatuerbefoardering by it FLMD, foel de kar op Hettinga. Dêr die bliken dat in Fryske dichter op it Dútske publyk likefolle yndruk meitsje koe as hokker Nederlânsktalige dichter ek.
‘Wie is de 44-jarige Friese dichter Tsjêbbe Hettinga die woensdag deelneemt aan het Nederlands-Vlaamse openingsprogramma van de Frankfurter Buchmesse, naast bekende auteurs als Hugo Claus, Hella Haasse, Harry Mulisch en Cees Nooteboom?’ frege Reinjan Mulder him ôf yn de NRC fan moandei 4 oktober 1993. It antwurd kaam twa dagen letter mei in yndrukwekkend optreden, dat it plaad sjochte foar optredens bûten it Fryske taalgebiet, net allinne foar Hettinga sels mar ek foar in soad oare Fryske dichters.
Twa jier letter folgen optredens op de wichtichste poëzijpoadia yn Nederlân: by de ‘Nacht van de Poëzie’ yn Utert en op Poetry International yn Rotterdam. Datselde jiers ferskynde by útjouwerij Atlas yn Amsterdam de bondel Vreemde kusten / Frjemde kusten, dy’t yn de lanlike parse tige posityf ûntfongen waard.
Letter folgen folle mear optredens op festivals yn it bûtenlân, ûnder oare yn Brussel, Barselona, Berlyn, Londen, Vancouver en op it ‘Festval Internacional de Poesia’ fan Medellín yn de simmer fan 2007 (sjoch bjusterbaarlike klip). Mar ek yn Nederlân en yn Fryslân trede er faak op yn de tweintich jier nei 1993. Stadichoan waard er bûten Fryslân ien fan de bekendste Fryske dichters.
Cd’s en muzyk
Trochdat de dichter minne eagen hie, droech er al syn fersen út ’e holle foar. Hettinga sels fergelike syn foardracht graach mei solo’s yn de jazz. Hendrik Carette stelt yn Ons Brussel: ‘Hettinga horen is poëzie ondergaan zoals je muziek ondergaat’. Yn in fraachpetear dat Corine Vloet mei Hettinga hie, seit de dichter dêr fan dat de foardracht in ferlingstik foarmet fan wat op papier stiet.
Hast al syn poëzij waard fan 1995 ôf ek op cd útbrocht. Dat beklammet nochris it belang fan syn foardracht as wichtich bestânsdiel fan syn literêr keunstnerskip. In tal kearen bestie de tekstútjefte fan syn wurk sels út net mear as in ynlay-boekje by in cd. Dat jildt foar de cd dy’t yn 2000 ferskynde ta gelegenheid fan de manifestaasje ‘Simmer 2000’ mei as titel It doarp Always Ready, mei emigraasje as tema. De oare cd giet oer it libben fan folksdichter-skilder Gerben Rypma, oer wa’t syn jongere broer Eeltsje yn 2010 in biografy skreau.
Lykas boppe sein wie muzyk wichtich foar Hettinga. Sa kaam er yn novimber 1991 mei it jûnfoljende programma ‘Hotelkeamers eigen’, dêr’t foardracht yn kombinearre waard mei in optreden fan it jazzensemble Breed Freed. Hettinga spile dêr saksofoan yn en trede oant 2012 geregeld op mei de band. Yn april 1997 wie yn Boalsert de premiêre fan in programma mei de Angolese muzikant Basile Maneka Lukadi ûnder de titel ‘De dood, het lied, het paard’, dêr’t Hettinga ûnder oare syn lang gedicht ‘It faderpaard’ yn foardroech.
In oare kombinaasje fan poëzij en muzyk wie it projekt ‘Wind Images – stem, slagwerk en orgel’ út 2010, tegearre mei Sytze Pruiksma en Reitze Smits. Begjin 2014 waard yn Ljouwert in grutte muzykteatershow holden mei Fryske hynders, dêr’t it gedicht ‘It faderpaard’ fan Hettinga sintraal yn stie. By dy gelegenheid joech Bornmeer de twatalige bondel út 1995 op ’en nij út as It faderpaard / Het vaderpaard en andere gedichten.
Dokumintêres troch Geart de Vries en Pieter Verhoeff
Twa kear leine dokumintêremakkers it ferhaal fan Hettinga syn bysûnder dichterskip fêst. Geart de Vries makke yn 1998 foar Omrop Fryslân ‘Moarn sil it foar ivich maitiid wêze’, in portret fan 30 minuten mei opnames fan Hettinga syn optreden yn Tübingen en in fraachpetear mei de dichter yn it strânpaviljoen fan Hylpen.
Filmmakker Pieter Verhoeff folge Tsjêbbe Hettinga in pear jier foar syn dokumintêre ‘Yn dat sykjen sûnder finen’. Hy joech in byld fan de dichter en optreder oan it wurk, mar hy slagge der ek yn om – ûndanks de ôfkar fan Hettinga foar omtinken foar syn yn priveedomein – in portret te jaan fan de man achter it wurk. Verhoeff filme Hettinga ûnder oare yn Maastricht yn 2004 en op Flylân, dêr’t de dichter graach tahâlde. Hy brûkte ek opnames oer Hettinga doe’t dy yn 2006 optrede op Gabriola Island by Vancouver. De dokumintêre waard yn 2007 troch de Friese Pers Boekerij útjûn op dvd mei ûndertiteling yn ferskate talen. Der kamen twa farianten, ien dêrfan yn it Spaansk. Oanlieding wie Hettinga syn reis nei Kolombia, dêr’t er in optreden fersoarge op it ‘Festival Internacional de Poesia’ yn Medellin yn de simmer fan 2007.
Boarnen foar dit stik
Foar it skriuwen fan boppesteand stik is benammen gebrûk makke fan de in memoriam stikken en de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait (2006).
Bibliografy
Poëzy
1973: Yn dit lân
1974: Loft, lân en sé (tegearre mei Jelle Kaspersma, ûnder de skûlnammen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga)
1975: Fan lân loft en leafde (mei tekeningen fan Jelle Kaspersma).
1981: Tusken de bidriuwen troch is âlderdom
1992: Under seefûgels / De kust; (2de printing 1995)
1993: 8 Gedichte / Gedichten (oersettingen yn it Dútsk troch Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers)
1995: Vreemde kusten / Frjemde kusten (Nederlânske oersetting Benno Barnard; mei de cd ‘De foardrachten’)
1998: Fryslân! De wrâld! Friesland! Die Welt! (oersettingen yn it Dútsk troch Ard Posthuma, Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers, ek mei wurk fan Obe Postma.
1999: Strange shores / Frjemde kusten (oerset yn it Ingelsk troch James Brockway)
2000: It doarp Always Ready (cd mei teksten yn inlay boekje: Nederlânke oersetting: Benno Barnard en Tsjêbbe Hettinga, Ingelske oersetting: Susan Massotty)
2000: Fan oer see en fierder
2003: Platina de zee (twatalige edysje fan de bondel út 2001 mei oersettingen troch Benno Barnard en Tsjêbbe Hettinga)
2003: Oan ’e Brek in dei / Een dag aan de Brekken. (cd mei teksten op ynlay-boekje; muzyk fan the Doarmers)
2007: DVD Het Licht van de Zee: mei dokumintêre Piter Verhoeff 2006 en ûndertitele yn Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk; foardrachten fan Hettinga; en alle teksten fan Fan oer see en fierder digitaal yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Tekstboekje yn it Nederlânsk.
2007: DVD La Luz del Mar mei dokumintêre Piter Verhoeff 2006 en ûndertitele yn Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk; foardrachten fan Hettinga; en alle teksten fan Fan oer see en fierder digitaal yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
Tekstboekje yn it Spaansk, oersettingen Diego Puls.
2008: Andries Deinum : Fryslân revisited (Foto's: Andries Deinum; gedichten: Tsjêbbe Hettinga; tekst: Geart de Vries, Brooke Jacobson, Tsjêbbe Hettinga; oers.: Susan Massotty, Abe de Vries)
2008: De leginde fan it ljocht. Tekstboekje Frysk Festival 2008, twatalige útjefte, oersetting Benno Barnard en Tsjêbbe Hettinga.
2008: De mer et d'au-delà (Frânske oersetting fan de bondel út 2000 troch Kim Andringa)
2009: Equinox
2010: Aan schor en Stad Niks voorbij - Oan leech en Stêd Niks foarby (oersetting troch Benno Barnard)
2012: Evening - Equinox (twatalige útjefte fan de bondel út 2009 mei oersettingen troch Benno Barnard en David van Reybrouck)
2012: La Luz del Mar seguido de Santa María del Mar. Poemas. Oersetting yn it Spaansk fan Fan oer see en fierder en it gedicht 'Santa María del Mar'; troch Diego Puls. Ientalige útjefte.
2014: It faderpaard / Het vaderpaard en andere gedichten. Werútjefte fan de bondel Vreemde kusten / Frjemde kusten út 1995.
2017: Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten
Oersettingen
1986-1988: Fersen fan Dylan Thomas yn Hjir
1989: Tusken de rails, Peter Römer (toneeltekst)
1989: Brel, in Fries (oersettingen fan lieten fan Brel yn it Frysk, mei oaren)
1990: ‘It Arkansas Testamint’ en ‘It Ljocht fan ’e Wrâld’, Derek Walcott, Hjir
1995: Salut au Monde fan Walt Whitman (oersetting yn it Frysk troch Tsjêbbe Hettinga en yn it Nederlânsk troch Jacob Groot).
2001: ‘Sinneliet’, Franciscus fan Assisi, yn De heit fan Serafyn, Marga Claus, 2003
Oaren oer Hettinga en syn wurk (in seleksje)
1992: Johan Oppewal, ynterview mei Tsjêbbe Hettinga (oerset), Frysk en Frij, 07-10-1992
1993: Reinjan Mulder, ‘Het Fries is de taal van mijn gevoel’, NRC 04-10-1993, ynternetfersy fan auteur
1994: Piter Boersma, ‘It literêre tydskrift Hjir’, yn Byskriften nr 8, 1994
1995: Guus Middag, ‘De geur van instinct en gasolie’, NRC 14-04-1995
1995: Y. Né, ‘dionysische geestdrift bij Hettinga’, De Stem 21-04-1995
1998: Dokumintêre Geart de Vries, ‘Moarn sil it foar ivich maitiid wêze’: portret fan Tsjêbbe Hettinga. Omrop Fryslân 22-03-1998
2001: Sjueryrapport GJ priis 2001 yn Trotwaer nr. 9, 2001, s. 361-368
2001: Artikel fan Hettinga sels yn Revolver, 2001
2003: Jabik Veenbaas, ‘Dionysos yn de stringen’, yn De lêzer is in duvel, Ljouwert
2003: Op De Moanne 07-03-2013.
2003: Corine Vloet, ‘Een zwak voor havens. Gesprek met de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga’. NRC 28 november 2003
2004: Piet Gerbrandy, ‘”Oanwaaid en eigen”. De rusteloze epiek van Tsjêbbe Hettinga’, Ons Erfdeel jg 47, nr 3, 2004, p. 407-419
2004: Teake Oppewal, Laudatio by útrikking Hans Berghuisstok, 20-06-2004
2006: Dokumintêre oer Tsjêbbe Hettinga, Piter Verhoeff Yn dat sykjen sûnder finen. VPRO 08-01-2006
2007: Peter Swanborn, ‘Het belang van poëzie 4’, Passionate [op de dbnl]
2007: Joep van Ruiten oer de DVD ‘Het Licht van de Zee’ op Woest en Ledig 15-07-07
2007: Ernst Bruinsma, 'Tsjêbbe Hettinga en de canon in Friesland', de Moanne 07-03-2007
2008: Abe de Vries, ‘De eagen fan Tiresias. Oer it sjen yn Fan oer see en fierder fan Tsjêbbe Hettinga’. Yn Identiteit & kowesturten.
2010: Janita Monna, ‘Lees, er staat wat er staat’, Trouw 28-01
2013: Jabik Veenbaas, ‘De warme dieselwalm van de zomer’, op De Moanne 05-07-2013
Prizen
1970: Rely Jorritsmapriis (fers: ‘Forfal’)
1971: Rely Jorritsmapriis (fers: ‘Ljocht út en troch’)
1987: Rely Jorritsmapriis (fers: ‘Súdwesthoeke’)
2001: Gysbert Japicxpriis foar de bondel Fan oer see en fierder
2004: De Hans Berghuisstok fan de gemeente Maastricht
2013: Fryske Anjer (postúm)
Nominaasjes
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Equinox
Media
Foardracht ‘Frjemde kusten’, Poetry International
Foardracht ‘De krûk’, Medellín, simmer 2007
Foardracht ‘De lêste staasje’, Tresoar, gedichtedei, 31-01- 2008
Registraasje 'Faderpaard', Jubileumshow KFPS 9 en 10 jan 2014 yn it FEC
Mear ynformaasje
Eigen website
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Opnamen by Operaesje Fers
Arjan Hut, De Moanne 08-07-2020 (gedicht oer Hettinga fan Andrea Thompson)
Media
Picture poem: 'De Râne Fan De Metro-Poal'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
©Tresoar, 17-04-2019