Berne: 22-02-1951, Wolvegea

Harmen Houtman waard berne yn Wolvegea en groeide op yn Nijeholtpade dêr't syn âlden buorken. Fan 1972-2015 wurke er as ferpleechkundige yn sikehûs Tjongerschans op it Hearrenfean.

Libben en wurk
It skriuwen siet der Harmen Houtman betiid yn. Al op de legere skoalle skreau er teksten dy't publisearre waarden yn De Kleine Koerier, in bernerubryk fan De Friese Koerier. Letter skreau er ek yn û.o. it Fries Landbouwblad en de Leeuwarder Courant.

In wichtich momint wie de oprjochting fan de Stellingwarver Schrieversronte yn 1972, mei dêrby it tydskrift De Ovend. Dêrby arbeide er in soad op mei syn maat Johan Veenstra. Ut syn belutsenens wei ferfolle er in ferskaat oan bestjoersfunksjes by de Schrieversronte.

Om't der no ynienen in útjouwer wie om yn it Stellingwerfsk te publisearjen, hielendal doe't de Leeuwarder Courant begûn mei in rubryk yn dy taal, hienen Harmen Houtman en oaren in poadium. Hy skreau en skriuwt sawol proaza (yn de foarm fan ferhalen) as poëzy. Dêrneist hat er ek in soad lietteksten en stikjes skreaun, û.o. foar de Nijjiersrevue op De Jouwer en it Stellingwerver kabaret. Fan in roman is it noait kommen, teaterteksten sprekke him oan. Yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries sei er hjiroer: 'Et mooie van theater is daj’ zels zien kunnen wat et tewegebrengt. As meensken lachen of glimken weej’ dat et goed zit. As iene een boek van mi’j lest, bin ik d’r niet bi’j. Dan heb ik gien idee of et wat losmaekt'.

Neist in trijetal bondels mei gedichten en in ferskaat oan publikaasjes yn blêden publisearre er yn 2019 syn earste ferhalebondel As ik kiezen moch... Hjiryn binne persoanlike ferhalen te finen oer syn jeugd, bygelyks hoe't it om en ta gie doe't er út 'e kast kaam en wat de reaksjes fan syn âlden wiene. Dêrneist binne der yn dizze bondel ek in soad reisferhalen opnommen, lykas oer syn besites oan konsintraasjekampen.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 22-02-2019

Bibliografy

Poëzy
1980: Weerzien
1994: Veur de vorm
2008: Dichterbij

Ferhalebondels
2019: As ik kiezen moch...

Ferskaat
2015: Wurden foar elkoar (busferhalen, mei bydrage Harmen Houtman)

Prizen
2001: Priisfraach Amnesty Stellingwerf (foar De rapper en de rocker)
2015: Ferhalewedstryd Skriuwersboun (2e priis foar De ferleuren zeune)
2016: Emmer Taalpodium (1e priis foar Een zaacht vellegien)
2016: Ferhalewedstryd Skriuwersboun (earfolle fermelding foar Et Bonnegien)
2017: Ferhalewedstryd Skriuwersboun (2e priis foar Niet langer wit)
2018: Fryske akademy (1e priis wedstryd Lân fan Taal foar Leaf wurdboek)
2018: SLAH Heerenveen (earfolle fermelding foar Altijd)

Mear ynformaasje
Ensafh. 09-06-2018 (takenning wedstryd Fryske Akademy)
Nieuwe Ooststellingwerver, 28-04-2022 (ta gelegenheid fan 50 jier Stellingwarver Schrieversronte)
Elisabeth Post, LC 29-04-2022 (ta gelegenheid fan 50 jier Stellingwarver Schrieversronte)

Foto Tresoar -  Haye Bijlstra

©Tresoar, 17-04-2022