Berne: 24-01-1954, Frederiksoard
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Klaske Hiemstra is berne yn Frederiksoard en hat dêr ek it grutste part fan har jeugd trochbrocht.
Nei de middelbere skoalle gyng se nei Grinzer universiteit foar de stúdzje Nederlânske taal en letterkunde. As byfak folge se kolleezjes Nijfryske literatuer, dat sette har oan om te eksperimintearjen mei skriuwen yn it Frysk. Se hat nei har ôfstudearjen as learares Nederlânsk ferbûn west oan in middelbere skoalle en oan it folwoeksenen-ûnderwiis. Nederlânsk wie har earste taal, al hearde se fan har Frysktalige âlden en famylje wol safolle Frysk dat se dêr ek aardich wat fan meinaam. It praten en skriuwen yn it Frysk hat se serieus oppakt doe’t se har yn 1990 yn Grou nei wenjen sette.
Klaske Hiemstra sette har yn foar de Fryske literatuer, se wie ek aktyf yn it bestjoer fan It Skriuwersboun.
Skriuwster
Har earste skriuwerfaring die Klaske Hiemstra op by de Hoogeveense Courant, dêr’t se in tiidlang in kollum foar skreau.Yn 1996 ferskynde in ferhaal fan har hân yn it boekje De bok, it gouden aai en de sân ravens. Dat boekje waard útjûn as resultaat fan in ferhalewedstriid dy’t útskreaun wie troch it Fries Museum ta gelegenheid fan de iepening fan har nijbou oan de Twabaksmerk. Foar Hiemstra wie it opnimmen fan har ferhaal in stimulâns om troch te gean mei skriuwen. Se skreau gedichten yn it Frysk dy’t publisearre waarden yn de de literêre tydskruften Hjir, De Moanne/Trotwaer, yn de Skriuwerskalinder en yn de regionale krant De Midfrieslander. Se debutearre yn boekfoarm mei de fersebondel De skaadfrou (2003). Har fersen, dy’t opfalle troch in oarspronklik taalgebrûk, hawwe as tema it libben dat feroaret en it omgean mei gefoelens fan leafde, fertriet en iensumens.
Yn 1990 die bliken dat se manysk-depressyf wie. Har wjerfarren mei dy sykte hat se ferwurke yn in roman mei de titel Retoer Skylge (2004), har proazadebút. Se hat bewust keazen foar de romanfoarm en net foar in ego-dokumint. De earste ferzje skreau se yn it Nederlânsk, letter hat se it manuskript oerset yn it Frysk.
Har twadde roman It rinnen fan Silke ferskynde yn 2006. De haadpersoan yn dat ferhaal is Silke, 3e jiers rjochtenstudinte yn Grins. It libben fan Silke komt op ’e kop te stean as se te hearren kriget dat har mem slim siik is en net wer better kin.
List fan belangrykste wurk
Romans
2004: Retoer Skylge
2006: It rinnen fan Silke
2007: Eilânreis
Poëzy
2003: De skaadfrou
Toaniel
2008: Sa gek noch net?: in nuvere syktocht troch it libben yn 21 sênes
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen 'Friese literatuursite'
©Tresoar, 17-04-2019