Berne: 06-04-1960, It Hearrenfean
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Eric Hoekstra is taalkundige, dichter, oersetter, resensint en kollumnist.
Hy wurket as taalkundige by de Fryske Akademy en hâldt him dêr dwaande mei ûndersyk nei taalsystemen. Foardat er by de FA kaam, hat er yn Amsterdam oan it Meertens ynstitút yn inselde funksje de ferskillen tusken de dialekten fan Grinslân, Drinte en Noard-Hollân ûndersocht.
Hoekstra hat yn Grins Ingelsk en algemiene taalwittenskippen studearre. Hy publisearret artikels oer taalkunde en fersoarge yn it Friesch Dagblad de kollum Taalgenoat en taalgeniet, dêr't er foar in breed publyk yn skriuwt oer nijsgjirrige taalkundige saken. Syn kritiken waarden publisearre yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer en yn de Ynternettydskriften Farsk en Erosmos. Hy joech op eigen manneboet it tydskrift M3 út (1998-2000).
Hy is (mei)oprjochter en foarsitter fan ELF de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, in stifting dy't ta doel hat om Fryske oersettingen fan wurken út de wrâldliteratuer algemien tagonklik te meitsjen. In oare doelstelling fan ELF is, om te besykjen ôfspraken te meitsjen mei útjouwers fan Fryske boeken, om boeken dy't net mear ferkocht wurde digitaal op te slaan. Op dy wize kin der in digitale biblioteek oanlein wurde om sokke boeken te bewarjen en in twadde libben te jaan. Datsoarte literatuer bliuwt op sa'n wize beskikber en kin foar wa't dat wol ek útprinte wurde. In fergelykber projekt is de Nederlânsktalige side Project Laurens Jz Coster, in digitale biblioteek mei klassieke wurken út de Nederlânske literatuer.
Publikaasjes
Yn 1997 publisearre Hoekstra as 'kommersjeel humorist' it hollânsktalige boekje Dat zijn nou typisch Friezen. Syn earste dichtbondel De floeibere bân: kronyk fan in dichterslibben ferskynde yn 2000. De ûndertitel fan de bondel makke Hoekstra wier troch op de rjochtersiden it fers ôf te printsjen en op de linkerside kommintaar te jaan op it ûntstean fan it gedicht. Sa'n manier fan wurkjen wie nij yn de Fryske literatuer. Sa 'holp' de dichter de lêzer op in humoristyske en tagelyk sinyske wize de fersen tagonkliker te meitsjen. De bondel, yndield yn de skiften 'Bewûndering', 'Ferachting', 'Oergeunst' en 'Meilijen', neffens de emoasjes dy't in dominearjende rol spylje yn de fersen, jouwt sa't Hoekstra it sels seit 'in plaatsje fan myn siel'. It skift 'Bewûndering', mei it titelfers 'De floeibere bân' hat dêr it grutste plak yn.
Yn datselde jier 2000 ferskynde by útjouwer Bornmeer Dat sei Zarathustra: in boek foar alleman en foar gjinien, de oersetting dy't Eric Hoekstra makke fan Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche. Troch de útjefte fan dy oersetting joech Hoekstra in belangryk filosofysk-literêr monumint in plak yn de Fryske literatuer. (Nietzsche neamde it sels syn belangrykste wurk). Hoekstra hat de kar foar Nietzsche makke omdat er him as tinker ynspirearret. Yn in fraachpetear mei Fedde Dijkstra [1] seit er dêr oer: 'Ik fyn dat er nijsgjirrich tinkt. It tinken is echt in aventoer by Nietzsche. Dêrby lit er him troch neat beheiningen oplizze. Dat fyn ik moai.'
Yn 2002 krige er foar syn oersetting fan Also sprach Zarathustra de Dr. Obe Postma-priis, de provinsjale literêre priis foar oersettingen fan de provinsje Fryslân. Yn syn tankwurd [2] joech Hoekstra in taljochting op syn motivaasje om krekt Nietzsche oer te setten: 'Guon minsken kinne har net yntinke dat men Nietzsche oerset. Se sykje der wat achter. Se tinke dat it idealisme is. Idealisme te'n geunste fan it Frysk. Of se tike dat it sosjale ambysje: in filosoof hat status, dus set mar in filosoof oer. Ik kin allinnich mar herhelje wat ik yn it neiwurd by de Nietzsche-oersetting skreau: "it wie willewurk". Nietzsche is ommers myn favorite skriuwer en filosoof, yn feite myn learmaster. It Frysk is myn favorite taal. Oersette is ien fan myn favorite beuzichheden. Wat leit dan mear foar de hân as dat ik Nietzsche oerset? Ik daagje elkenien út: ha jo in favorite skriuwer, en binne jo serieus, set dy favorite skriuwer dan oer'.
De oersetting fan in twadde wurk fan Nietzsche Jenseits von Gut und Böse ferskynde yn jannewaris 2003 ûnder de titel Oarekant Goed en Kwea.
Yn 2007 publisearre Eric Hoekstra syn earste roman: Kening fan 'e junks. It waard in skelmeroman mei in haadpersoan dy't ûnbekamsum misbrûk makket fan it systeem troch as direkteur fan in wolwêzensynstelling de grinzen op te sykjen om der by need oerhinne te gean. Ek al wie Jaap Krol [3] kritysk op de oerstallige ynformaasje yn it boek en benammen ek de keazen lokaasje (Grins), dochs hie er lof foar de kar fan in foute haadpersoan: 'De skriuwer hat der goed oan dien syn haadpersoan as in bûtenspoarich min persoan del te setten'. André Looijenga [4] sleat dêrby oan: 'In smjunt as Desiderius as held is in ferademing yn’e dochs faak nuete Fryske skriuwerij.' Op syn Boeklog seach A.IJ. van den Berg [5] ek de potinsje fan it boek en foaral fan de skriuwer, mar tagelyk foel it einresultaat him dochs wat ôf, û.o. fanwege de lange petearen.
Yn datselde jier folge Hoekstra ta gelegenheid fan de Moanne fan de Filosofy it foarbyld fan de Gryk Diogenes troch him njoggen dagen werom te lûken yn in tonne. Hjirfan die er ferslach yn Libje goed. Op nei de tonne. Yn de besprekken krige Eric Hoekstra de hannen net opelkoar. Sa neamde Jaap Krol it boek sels 'neatsizzend', al hie er wol lof foar it idee om op dizze manier reklame te meitsjen foar de Moanne fan de Filosofy.
Seis jier letter kaam Hoekstra fanwegen mei in nije roman: Lofts! Rjochts! Lofts! Rjochts! In Fries yn Afganistan. Yn dit boek wurdt fannijs Desiderius opfierd, de haadpersoan fan Hoekstra's romandebút, diskear as kommando yn Afganistan, benammen om ferfolging yn Nederlân foar te wêzen. It is in hilarysk ferslach mei in krityske ûndertoan nei de westerske hipokrisy ta wurden, wat benammen ta utering komt yn de petearen dy't de haadpersoan mei syn maten hâldt. Doeke Sijens [7] wie tige te sprekken oer dizze satire: '... bytiden flau mar meastentiids tige ûnderhâldend. De filosofyske útweidingen binne altyd nijsgjirrich'.
Nei 2013 folgen noch meardere oer- en omsettingen. Yn 2017 bekearde Hoekstra him ta it kristendom nei't er in mystike ûnderfining hân hie. Yn 2018 liet er him dope by de opwekkingsbeweging The Last Reformation, wylst er opskode fan frijsinnicheid nei ortodoksy. Yn 2018 publisearre er in selektive harmonisaasje fan 'e fjouwer evangeliën mei as titel Roman fan in hielmaster (Elikser), dat yn ôfleveringen op itnijs.nl ferskynde.
Boarnen foar dit artikel
[1] Fedde Dijkstra, LC 20-07-2001 (fraachpetear)
[2] Obe Postmapriis 2002, tankwurd Eric Hoekstra
[3] Jaap Krol, FD 11-08-2007
[4] André Looijenga, eigen webside 21-09-2010
[5] A.IJ. van den Berg, Boeklog 01-03-2007
[6] Jaap Krol, FD 09-02-2008
[7] Doeke Sijens, LC 04-10-2013
List fan belangrykste wurk
Romans
2007: Kening fan de junks
2013: Lofts! Rjochts! Lofts! Rjochts! In Fries yn Afghanistan
2018: Roman fan in hielmaster
Poëzy
2000: De floeibere bân: kronyk fan in dichterslibben
2002: Yn 'e fal fan jûn (mei Eeltsje Hettinga ûnder de skûlnamme Hu Thung-song)
Toaniel
2011: Redbad (iepenloftspul skreaun mei Pieter Stellingwerf)
Oersettingen
2000: Dat sei Zarathustra: in boek foar alleman en gjinien (oersetting: Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche)
2003: Oarekant goed en kwea: foarspul fan in filosofy fan 'e takomst (oersetting: Jenseits von Gut und Böse fan Friedrich Nietzsche)
2004: Trije komeedzjes fan Shakespeare
2012: Bhagavad Gita, It liet fan God / Het lied van God
2015: Tao te Ching. It Boek fan de Wei en de Deugd / Het Boek van de Weg en de Deugd
Ferskaat
1998: Dat zijn nu typisch Friezen
1999: Friesland
2007: Libje goed: op nei de tonne
2014: Alde meuk? - Essays oer klassikers yn de Fryske literatuer (y.g.m. Friduwih Riemersma en Tryntsje van der Steege)
2015: Midfrysk Goud. It bêste út 'e 17e iuw yn goed lêsber Frysk (omset nei modern Frysk)
2018: Waatze Gribberts brulloft & It libben fan Aagtje IJsbrants (omset nei modern Frysk)
Prizen
2002: Dr. Obe Postma-priis foar Dat sei Zarathustra: in boek foar alleman en foar gjinien
Mear ynformaasje
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen
Hedwig Terpstra, Ensafh. 26-10-2012
Hidde Boersma, De Moanne 28-08-2018 (by de publikaasje fan Waatze Gribberts brulloft & It libben fan Aagtje IJsbrants)
Sietse de Vries, LC 28-09-2018 (fraachpetear n.o.f. Roman fan in hielmaster)
Eric Hoekstra, ItNijs 13-01-2023 (oer artikel Tsjibbe Gearts van der Meulen)
Webside fan Eric Hoekstra
©Tresoar, 18-01-2023