Berne: 17-02-1956, Hitsum

Libben en wurk

Jarich Freark Hoekstra waard berne yn Hitsum. Hy studearre Noarsk en Frysk oan de RUG, mei as byfakken âld- en nij IIslânsk.

Tusken 1981 en 1999 wurke er as frisist oan de Fryske Akademy. Sûnt 1999 is er wurksum as heechlearaar Frysk oan de Christan-Albrechts Universiteit fan Kiel en projektlieder fan it Noardfrysk wurdboek.

Skriuwerij
Jarich Hoekstra en syn kompaan Harke Bremer binne al sûnt ein jierren santich in fêst span oersetters. Har grutte taalrykdom en kreatyf fermogen stelden har by steat om de praattaal fan strypferhalen as fan Asterix oer te bringen yn tige orizjineel Frysk, mar ek it eptige en aparte idioom fan Marten Toonder yn dy syn Bommelferhalen.

Hoekstra en Bremer wûnen yn 1996 de Obe Postmapriis, dêr’t deputearre Mulder yn syn taspraak fan sei: ‘Hy (Bommel) spreekt geen doorsnee Nederlands dus kan (hij) dat in het Fries ook niet doen. Van de vertaler vraagt dat een scherp Fries taalbesef in soepel taalgebruik. Hoekstra en Bremer zijn erin geslaagd om de vreemde Bommeliaanse termen herkenbaar terug te laten komen in het Fries. Hiermee hebben zij aangegeven hoe groot de mogelijkheden van het Fries zijn.’ (Profyl, nr. 12 des. 1996)

As tredde rige oersettingen binne dêr de strypferhalen oer de aventoeren fan kaptein Rob troch Pieter Kuhn. Bremer en Hoekstra skreaune ek eigen proazawurk. It earste, Hâld faasje!, is in kolderyk ferhaal oer in learaar maatskippijlear en biology dat ris karakterisearre waard as in ‘strypferhaal sûnder plaatsjes’, it twadde, De Frouwepenje, in fernimstige histoaryske detektive dy’t spilet yn East-Fryslân ûnder it ting fan de Upstalbeam yn 1323. It boek falt op troch syn knap plot en markant taalgebrûk.

Yn 2013 folge Leffert, in heldedicht, ferteld mei humor en in soad ferwizingen nei dizze tiid. Ek yn Leffert foel it linige taalgebrûk tige op. Fiif jier letter kamen Jarich Hoekstra en Harke Bremer mei De trettjinde asega, in thrillereftige fertelling à la Dan Brown, opboud út in âlde sêge oer Karel de Grutte wei.

Yn 2018 kaam De trettjinde asega, yn 2022 folge troch It smelle ûngelok.

Bibliografy (mei Harke Bremer)

Proaza
1995: Hâld faasje!
2009: De Frouwepenje
2013: Leffert
2018: De trettjinde asega
2022: It smelle ûngelok

Oersettingen

Asterixferhalen troch R. Goscinny en A. Uderzo
1978: Un ferhaal fon Asterix de Goljer (yn de stavering neffens it saneamde ‘Utstel I’)
1978: In ferhaal fan Asterix de Galjer
1980: De gouden sichte
1981: De grutte kleau
1981: De Goaten

Aventoeren fan kapitein Rob troch Pieter J. Kuhn
1996: De aventoeren fan it sylskip 'De Vrijheid'. De aventoeren van kaptein Rob, diel 1
1996: It geheim fan ’e Boskplaat
1997: De speurtocht fan ’e ‘Vrijheid’
1997: De thúsreis fan ’e ‘Vrijheid’
1998: Aventoer op Pampus

Bommelferhalen fan Marten Toonder
1994: It kwea-each
1995: De boppebazen
1996: It kukel
1996: De útfalsels
1997: De fleurige útkyk
1997: It foarlân
1998: De witmûtse
2000: De unistan
2000: Uniek, hm...unyk fan Marten Toonder
2001: De einichste ein
2007: Tom Poes en it spoek fan Bommel State
2015: De Ferjilder

Opmerking: de Toonder-oersetting De oare wrâld út 1994 is makke troch Jan de Jong.

Prizen

1996: Obe Postma-priis foar de oersettingen It kwea-each en De boppebazen út it Nederlânsk

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, Ensafh. 07-09-2014

©Tresoar, 23-11-2022