Berne: Aldehaske, 21-03-1938
Ferstoarn: It Hearrenfean, 25-10-2012
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Libben
Klaas Hoekstra waard berne op 21 maart 1938 yn Aldehaske. Hy folge de kweekskoalle op It Hearrenfean en wie jierrenlang skoalmaster yn û.o. Opperdoes, Haskerhoarne (De Hoarne), Aldskoat en Lúnbert. Op De Hoarne hat er ek seis jier haad west, letter waard er ‘gewoan’ learkrêft omdat er wer mear tiid foar himsels ha woe. Hy kocht in âld pleats yn Lúnbert dy’t er sels ferboude, mar syn belangstelling foar skiednis, literatuer en skilderkeunst ferlear er net. Hy mocht ek graach skilderje en muzyk meitsje.
Wurk
Klaas Hoekstra lies yn 1960 de Vertellingen van de Pelgrims naar de Kantelberg yn in oersetting fan A.J. Barnauw. Dat wie in tinnere útjefte as de lettere fan Hoekstra sels: ‘De ûnstichtlike ferhalen stiene dêr net yn’, seit er dêr fan. Earder al sette er fragminten oer út de roman Voyage au bout de la nuit fan de Frânske skriuwer Céline. Boppedat hie er as ûnderwizer al toanielstikken foar bern skreaun. Oan it oersetten fan in folslein boek hie er him oant doe ta noch net weage.
Dêrnei begûn er mei it oersetten fan de Canterbury tales, in berime oersetting fan it ferheljend dichtwurk fan de Ingelske skriuwer Geoffry Chaucer (1345-1400), oer de libbensferhalen sa’t pylgers dy ûnderweis nei Canterbury oan elkoar fertelden.
It spriek Hoekstra tige oan dat dat ferhalen wiene dy’t oer gewoane minsken giene, mei persoansbeskriuwingen dêr’t in grutte tolerânsje fan Chaucer út bliek. Hy seach net op de minsken del, mar joech se in plak en die harren rjocht. Fierder sprutsen it opkommen foar froulju en de selsspot fan Chaucer him tige oan. Hoekstra soe yn earste ynstânsje in moderne Ingelske ferzje brûke as útgongspunt fan syn oersetting, mar hy keas úteinlik dochs foar de oarspronklike tekst yn it Middelingelsk. Oer it oersetten fan wrâldliteratuer yn it Frysk sei Hoekstra: ‘As it Frysk himsels respektearret, dan moatte der safolle mooglik boeken fertaald wurde. Dat jout status oan in taal.’
Klaas Hoekstra hat tegearre mei syn soan Eric de Fryske oersettingen fersoarge fan de gedichten fan John Brown yn de bondel Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down, útjûn by de Koperative Utjouwerij yn 2006. Yn de bondel steane gedichten yn it Frysk en Ingelsk fan Bartle Laverman en John Brown, oer plakken yn Fryslân en Ierlân, mei byldzjend wurk fan keunstner Tjibbe Hooghiemstra.
Belangrykste wurk
Oersettingen
2006 : Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down, Bartle Laverman en John Brown
2010 : De Canterbury ferhalen, Geoffry Chaucer
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 14-01-2011 (fraachpetear)
Rouadvertinsje(s) Mensenlinq
©Tresoar, 17-04-2019