Berne:03-09-1968, Hilaard
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Lolkje Hoekstra groeide op yn Hilaard, dêr’t har heit haad fan de legere skoalle wie.
Nei it ateneum gie se nei Grins foar in stúdzje ekonomy. Mar it studintelibben krige har sa yn ’e besnijïng dat se fan alles by de ein hie, behalve studearje. Nei in tal jierren besleat se dêrom om de brui oan de stúdzje te jaan en op in oare wize troch de tiid te kommen.
Fia studinteferiening Bernlef, dêr’t se har by oansletten hie, folge se in kursus toanielskriuwen by Bouke Oldenhof. Se krige aardichheid oan skriuwen en folge dêr noch in kursus foar. Se skreau net allinnich toaniel, mar besocht it ek mei koarte ferhalen. Har ferhalen sloegen oan, yn 1993 wûn se mei it ferhaal ‘Under de linebeammen’, de doe krekt ynstelde Afûk-jongereinpriis. Twa kear krige se dêrnei in Rely Jorritsma-priis foar in koart ferhaal: yn 1994 foar ‘De fisk’en yn ’95 foar ‘Alfa Romeo, in lust foar de leafhawwer’. Lolkje Hoekstra skriuwt faak oer minsken dy’t har ferlitten en iensum fiele. Ienlingen, dy’t soms dochs de krêft fine om har oan har situaasje te ûntwrakseljen. Hoekstra publisearret yn literêr tydskrift Hjir en yn De Moanne / Trotwaer. Skôgings skreau se foar it blêd Frysk & Frij yn de perioade 1994-1997.
Artistyk lieder Jos Thie fan toanielselsskip Tryater, frege yn 1994 in tal jonge Fryske toanielskriuwers om in ienakter te skriuwen oer it tema ‘Leafde yn Fryslân’. Lolkje Hoekstra wie ien fan de tsien jonge auteurs dy’t dêrfoar in bydrage leveren. De kollage waard yn it seizoen 1994/95 opfierd ûnder de titel ‘Hertejacht’. Hoekstra skreau en skriuwt geregeld teksten foar toaniel. Fan de foarstelling ‘Roeland & Jolina, vrij naar Romeo en Julia van William Shakespeare’, in Hollânsktalige bewurking fan Wouter Daane, sette se de tekst oer yn it Frysk. It is yn 2002 opfierd troch jongerengroep Frats. Se wurke ek as tekstskriuwster mei oan ‘Rozen & rottigheid’, dat yn 2004 yn Warns opfierd waard.
Fierders leveret se geregeld oersettings foar stikken dy’t spile wurde troch ferskate selskippen, werûnder selskip Sult.
Wurk
Toaniel
1991: Op pretsje: ienakter
1993: Befrijdingsdei: in monolooch
Oersettings toaniel
1999: De wet fan Luisman (fan Alex van Warmerdam)
1999: Nei de rein (fan Sergi Belbel)
1999: Geweld... nee (fan Jan Veldman)
2001: Folwoeksen bist net earder dan ast dea giest! (fan Wouter Daane)
2002: Yn de jungle fan Borneo : toanielstik foar de jongerein yn 12 sênes (fan Hans Brans)
2002: De dûnsles : jongerein toaniel (fan Karin Idzinga)
2002: Roeland & Joliene: in frisse dûk yn in tiidleaze wetterpoel (fan Wouter Daane)
2002: Hoe grutsk wie Pier?: komysk-earnstich-historysk-musyk-teater-stik foar bern fan 10 oant 15 jier (fan Hans Brands)
2004: Walther P5 (fan Jan Veldman)
2006: De griene man (fan Eelco Venema)
2008: Sykje om Suske (fan Hans Brands)
2008: De god fan de hel: swarte komeedzje (fan Sam Shepard)
Prizen
1993: Afûk jongereinpriis foar ferhaal Under de linebeammen
1994: Rely Jorritsma priis foar ferhaal De fisk
1995: Rely Jorritsma priis foar ferhaal Alfa Romeo, in lust foar de leafhawwer
Mear ynformaasje
Wikipedy
©Tresoar, 17-04-2019