Berne: 27-10-1872, De Gaastmar
Ferstoarn: 13-02-1958, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Jan Jelles Hof kaam te wrâld op ’e Gaastmer, as soan fan in skipper.
It skipperslibben soarge der foar dat Jan yn syn skoalgeande jierren net mear as ien jier leger ûnderwiis folge hat. Mar hy beskikte oer in grut taalkundich fermogen. Hy learde yn ’e praktyk fan it deistich libben. It taaleigen dat er hearde op ’e plakken dêr’t syn âlden kamen mei har skip yn Fryslân, Grinslân en Drinte, heinde er op en makke er him eigen. Boppedat fear syn heit út Heech wei lange jierren mei in ielaak op Londen. De skippers, en sa ek de skippersbern, learden troch dy kontakten in aardich mûltsjefol Cockney-Ingelsk. Se hiene by Hof thús sels in Nij Testamint yn it Ingelsk. Sa ûntwikkele er him al op jonge leeftiid ta taalkenner en letter ta taalwittenskipper. It wie it doel dat Jan Jelles Hof dûmny wurde soe. Hy waard hifke foar de oplieding en te licht befûn, in útkomst dêr’t er sels alle frede mei hie. Hy gie doe as frijwilliger ûnder tsjinst en brocht it ta ûnderofsier, mei as stânplak Haarlim. Dêr sette er útein mei Frysk skriuwen. Hy skreau gedichten en proazastikjes dy’t er opstjoerde nei Waling Dykstra (1821-1914). Dykstra, neffens Hof syn learmaster-skriuwer, naam de stikken fan Hof op yn syn blêd Sljucht en Rjucht. Wat foar him foar syn foarming as wittenskipper fan grut belang wie, wie dat er yn Haarlim yn ’e kunde kaam mei twa dêr wenjende Fryske skriuwers en wittenskippers: Dr. J.B. Schepers en Johan Winkler sr. Troch syn skriuwwurk bedarre Hof yn de sjoernalistyk, yn 1901 kaam er op It Hearrenfean as sjoernalist by de Hepkema krante. Inkelde jierren letter begûn Jacob Hepkema yn Ljouwert mei it Leeuwarder Nieuwsblad (de lytse Ljouwerter). Hof waard haadredakteur, hy ferhuze der foar nei Ljouwert, it plak dêr’t er de rest fan syn libben wenjen bliuwe soe.
Foar syn publikaasjes naam er al gau de skriuwersnamme ‘Jan fan ’e Gaestmar’ oan. Jan fan ’e Gaestmar wie in skriuwer op ’e oergong fan twa tiden. Hy hearde by de lêste fan de, retoarysk-romantyske, 19e ieuske skriuwers. Mei syn grutte talekennis en dichterlike oanlis, benammen op it technyske mêd, en nei’t er yn gâns fersen sjen liet, syn stribjen nei in persoanlik dichterlik taalgebrûk, like Jan Jelles Hof krekt oan te sluten by de idealen fan de yn 1915 oprjochte beweging fan de Jong Fryske Mienskip. Mar Hof die net mei oan de literêre revolusje dy’t Douwe Kalma en konsorten feroarsaken. Krektoarsom hy hie grutte bewûndering foar de troch de Jongfriezen ferspijde ‘grand old man’ fan de Fryske literatuer, Waling Dykstra. En waard, mei dêrtroch, al gau it fernaamste mikpunt fan de polemyske en krityske pylken fan de Jongfriezen. Benammen ien fan de foaroanmannen, Douwe Kalma, oppenearre him as fûl kritikaster fan wurk en opfettings fan Hof. Anne Wadman skreau yn in artikel ta gelegenheid fan de 85e jierdei fan Hof (Het Vrije Volk, 24-10-1957) (stavering oanpast): ‘Yn it each fan Hof, sjoernalist en praktikus yn ieren en sinen, wie it Jongfrysk idealisme yn striid mei de wurklikheid, te dweperich, te sweverich, te heech yn ’e loft, ... (...) Benammen yn syn krityk op de taal fan de Jongfriezen, harren sucht nije wurden út te finen, har breklike kunde fan de Fryske sinbou, har sweverige wurdkeunst, har temin oan folksaardigens, wie gâns rjochtfeardichs. Hy dy’t it findel fan de suvere Fryske folkstaal heechhâlde woe, moast wol de ferklearre fijân wurde fan in espeltsje noch net ta persoanlikheden útgroeide jongkeardels, dy’t fan it folk en syn noeden net folle ôfwisten; dy’t in steil wurd hiene en gjin reputaasjes sparren, mar dy’t it folk net folle te bieden hiene. Hof hat de betsjutting fan dizze revolúsje ûnderskat, hat net ynsjoen dat de flaters fan dizze jongemannen faak de tekoarten fan har jongwêzen wiene. Hy, dy’t as dichter in nij tiidrek ynliede kind hie, waard de steile, fûleindige, redenrike en firtuoze ferdigener fan it âlde. Mar syn striid hat net sûnder betsjutting west, hat holpen de atmosfear te suverjen, hat de Jongfriezen twongen ta mear selskennisse.’
Jan Piebenga jout yn syn Koarte skiednis fan de Fryske Skriftekennisse, in skets fan it karakter fan Hof (s. 204). Hy skriuwt: ‘Hy is in man fan twaspjalt. Under ynfloed fan it Multatuli-rasionalisme rekket er fan it grifformearde leauwe ôf, mar troch sterke famylje- en tradysje-sin komt er der nea alhiel los fan. De dichter en de gelearde, it bern en de oerbewuste âldere, de man fan de romantyske natuermystyk en de ûndergongsprofeet, de leauwige en de skeptikus, hja libje net inkeld, mar tsiere ek oanhâldend yn him meiïnoar.’
De ynset en striidberens fan Jan Jelles Hof foar Fryslân, har taal, seden en kultuer, wie sûnder mis grut. Syn oanpak fûl en fol fan nije inisjativen, mar syn manier fan dwaan rôp ek ferset en krityk op. Faak wiene de oanfallen op him persoanlik fan aard. Dat makke dat syn oanstriid ta pessimisme en syn gefoel fan miskend wêzen sterker waard.
Wie Jan Jelles Hof tige kritysk op it literêre wurk fan oaren, syn eigen wurk hie er neffens guon besprekkers wol sterker troch de souwe helje mocht. Yn syn earstlingsbondel Klankboarne : in foarste samling fersen, dy’t ferskynde ûnder syn skriuwnamme Jan fen ’e Gaestmar(1906), is de kwaliteit fan de fersen wakker ûngelyk. Jan Piebenga skreau yn syn ‘Koarte Skiednis..’ : ‘Op it stik fan de taal kipt Klankboarne der út; it idioom is ryk en geef, mar oerladen; archaïsmen binne der by’t soad; it stêfrym wurdt graach brûkt.’ Foar de oersettings fan Hof wie der mear wurdearring, benammen dy fan it Indiaanske epos ‘The song of Hiawatha’ fan de Amerikaanske dichter H.W. Longfellow waard priizge.
Yn 1907 joech er as Jan fen ’e Gaestmar in samling proaza ûnder de titel Omstikken en Sydstikken, yn it ljocht. Op it mêd fan taal en taaleigen waard de mânske útjefte, mear as trijehûndert siden, heech oanslein. De literêre krige minder wurdearring. In lang ferhaal út dy samling, mei de titel ‘De Greate Striid’, hat Hof letter bewurke ta in toanielstik.
Syn wat omfang en ynhâld oanbelanget grutste wurk ferskynde yn de jierren 1940- ’42; de fjouwerdielige (1600 siden) útjefte Fjirtich jier Taelstriid. It is noch altyd fan wearde as skiedskriuwing fan de Fryske beweging en fan de Fryske literatuer yn de perioade 1897-1940.
Jan Jelles Hof wie ek warber op it mêd fan de taalkunde: mei Onno Harmens Sytstra skreau er de Nieuwe Friesche Spraakkunst (1925) en yn 1933 ferskynde fan syn hân de Friesche Dialectgeografie, in wurk dêr’t taalwittenskippers oant hjoed de dei tankber gebrûk fan meitsje.
Dat J.J. Hof in alsidich man wie blykt út it grutte ferskaat oan publikaasjes dy’t er op syn namme stean hat, dat rint fan wittenskiplike ferhannelingen oer Fryske dialekten en it stedsfrysk oant proaza lykas it ferhaal ‘Idske Galama’ en twa dieltsjes oer geakunde foar bern, dy’t ferskynden ûnder de titel Yn eigen tún (1909). Fierders hat er hiel wat striidskriften yn it ljocht jûn, lykas: ‘Iepen brief oan dr. J.B. Schepers’ (1900); ‘De saek Wielsma en Sipma-Hof’ (1913) en ‘Is der in Fryske tael?’ (1914).
Jan Jelles Hof is oant syn hommels ferstjerren yn 1958 in striidber man bleaun.
Wurk (In seleksje)
Poëzy
1906: Klankboarne - in foarste samling fersen
1951: Fan eigen tiid en folk - in samling fersen
Proaza
1907: Omstikken en sydstikken - in samling proaza
1910: Idske Galama - skiedkindich forhael út ’e Skieringers en Fetkeapers hjar tiden
1940-’42: Fjirtich jier Taelstriid
Taalkunde
1925: Nieuwe Friesche Spraakkunst (mei O.H. Sytstra)
1933: Friesche Dialectgeografie
©Tresoar, 24-04-2019