Berne: 17-03-1938, Ljouwert
Ferstoarn: 12-06-2000, Ljouwert

Libben en wurk

Holwerda waard berne te Ljouwert, mar nei trije wike ferfear er al nei de Burgumerdaam.

Hy neamde himsels in Wâldsjer. Hy gong nei de legere skoalle yn Sumar, yn Drachten folge er de HBS en letter studearre er Sosjale Geografy en Skiednis oan de RU yn Grins. Foar syn VUT wie er ôfdielingsdirekteur fan de rjochting Hafû oan it OSG, "De Delta" yn 't Aldlân te Ljouwert. Hy wie earst benammen ynteresearre yn Nederlânske, Dútske en Spaanske literatuer. Letter pas kaam syn ynteresse foar de Fryske literatuer. Hy folge skriuwkursussen op it FLMD en doe't er 50 jier wie publisearre er foar it earst. Hy siet yn 'e redaksje fan De Strikel en it Skriuwerskalinderboek, wurke mei oan de Strikelboekjes en skreau fersen foar de Lyrische Courant, de Skriuwerskalinder, Operaesje fers, Hjir en Trotwaer. Fierder siet er yn 'e redaksje fan De Oesdrip en hat er in skoft skriuwer west fan it Skriuwersboun. Holwerda wie bestjoerslid fan it FLMD en lid fan de Koperative Utjouwerij Q. Op pinkstermoandei 12 juny 2000 is Frâns Holwerda hommels ferstoarn, 62 jier âld.

Wurk

Poëzy

1997: Wâldmanshikke
2001: Wâldmanshikke ( 2e útwreide printinge, redaksje en neiwurd fan Jan Pieter Janzen, tekeningen: Dick Kok)

Prizen
1993: Twadde priis skriuwwedstryd fan de SLAH, "De Gouden Pen" foar it ferhaal De soan fan Doris Day

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 24-04-2019