Berne: Rotterdam, 02-02-1908
Ferstoarn: Leiden, 25-08-1990
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Lieuwe Hornstra waard as Leo Hornstra berne yn Rotterdam. Syn heit wie as jong ûnderwizer dêrhinne gien, om’t er yn Fryslân gjin wurk fine koe.
Hornstra wie al jong maatskiplik en polityk aktyf en lid fan de blauwe (gehielûnthâlders) en reade (sosjalistyske) jeugdbeweging. Hy studearre genêskunde, psychology en filosofy yn Leiden, Amsterdam en Grins. Yn 1951 promovearre er op in dissertaasje dy’t as titel hie: ‘De mens in de organisatie van de arbeid’. Earst hat er inkelde jierren as bedriuwspsycholooch wurke by de KLM, letter hie er in praktyk as psycho-analitikus yn Den Haach en Wassenaar. Tegearre mei syn frou, de balletdûnseres Johanna Verwer, ferhuze Hornstra yn 1968 nei Bakhuzen yn Gaasterlân. Yn koarte tiid makke er him de Fryske taal eigen en waard er aktyf yn literêre en politike fermiddens yn Fryslân. Yn 1983, Hornstra wie doe 75, helle er oan de Ryksuniversteit fan Grins syn doktoraal Frysk.
De earste Frysk-literêre publikaasjes fan Lieuwe Hornstra, yn de foarm fan gedichten, ferhalen en essays, ferskynden yn de tydskriften Trotwaer en Alternatyf. Syn debút yn boekfoarm, de ferhalebondel Ljippeblommen, kaam út yn 1974. Yn datselde jier publisearre er it essay: ‘Het innerlijk gezicht. De vervreemding als maatschappelijk en psychisch verschijnsel’. Syn opfettings oer libben en maatskippij dy’t er yn ‘Het innerlijk gezicht’ wittenskiplik ferwurke, beskreau er literêr yn Ljippeblommen. ‘Hornstra kombinearret yn syn essay de ideeën fan Marx oer de maatskiplike ferfrjemding en dy fan Freud oer de geastlike ferfrjemding en komt sa ta in revolusjonêr maatskippijbyld, dat útrint op in fizioen fan in nije paradyslike wrâld, wêrynt de minske gjin frjemd mear is foar himsels en gjin fijân foar syn neiste’ (Jacob Noordmans yn: Leeuwarder Courant, 05-10-1974).
Mei Ljippeblommen yntrodusearre Lieuwe Hornstra it symboalysk realisme yn de Fryske literatuer. Yn de foarm fan mearkes of idylles beskriuwe de ferhalen de maatskiplike ferfrjemding fan de minske yn de moderne maatskippij.
Twa jier letter ferskynde de twadde ferhalebondel fan Hornstra, Sniejacht (1976). De beide bondels waarden troch de besprekkers ferskillend ûntfongen. Jacob Noordmans wie yn it boppe oanhelle besprek fan Ljippeblommen fan betinken dat sa’n bondel wer hope foar de takomst fan it skriuwen en útjaan fan Fryske boeken joech. Tineke Steenmeijer-Wielenga neamde Sniejacht as gehiel nijsgjirrich, mei inkelde tige knappe ferhalen as útsjitters.
Njonken de ferhalebondels hat Lieuwe Hornstra ek fiif fersebondels yn it ljocht jûn, Fersen (1975) en De guozzen fleane (1977) befetsje gedichten en haikû’s. Hornstra hat him talein op it skriuwen fan haikû’s, 3-rigelige fersen mei 17 wurdlidden. Syn haikû ‘Murns’ wie nei alle gedachten de earste dy’t yn it Frysk ferskynde. Yn de bondel Ald en nij (1988) is in samling fan earder ferskynde fersen en haikû’s fan Hornstra opnommen. Fierders binne der noch gelegenheidsbondels fan Hornstra ferskynd: Haikû (1978) in sammelbondel fan earder ferskynd wurk by gelegenheid fan de santichste jierdei fan de auteur en Lieuwe 75 (1983).
Lieuwe Hornstra wie de man efter de útjefte fan it tydskrift Sneed. Yn Sneed waard yn it Frysk oer ynternasjonale politike en maatskiplike saken skreaun, it blêd hat bestien fan 1976 oant 1983.
Hornstra hat him altyd mei ham en gram ferset tsjin de ynfiering fan de nije Fryske stavering (1980), hy stie der op dat syn wurk yn de âlde stavering ferskine soe. Yn ’e mande mei inkelde oaren dy’t itselde fan betinken wiene, hat Hornstra him inkelde jierren talein op in alternative oersetting fan de bibel yn de âlde stavering. Postúm kaam it ta de útjefte De fjouwer evangeeljes (1994), dêr’t nammers ek oare oersetters oan meiwurke hiene.
Syn novelle Trije nêsten, dy’t ferskynde yn de bondel Sniejacht (1976) waard yn it Russysk oerset en ferskynde yn in dûbelbân mei de oarspronklike Fryske tekst (2003). De útjefte wie in inisjatyf fan de Stichting Stedenband Leeuwarden-Orjol.
Wurk
Proaza
1974: Ljippeblommen (ferhalen)
1976: Sniejacht (ferhalen)
Poëzy
1975: Fersen
1977: De guozzen fleane
1978: Haikû (gelegenheidsbondel)
1983: Lieuwe 75
1988: Ald en nij (sammelbondel)
Ferskaat
1974: Het innerlijk gezicht. De vervreemding als maatschappelijk en psychisch verschijnsel. (essay)
1985: Brieven aan Elizabeth (Over Jezus en het Godsrijk)
1987: It symbolisme yn West-Europa binammen yn Fryslân (essay)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
©Tresoar, 24-04-2019