Berne: 09-04-1924, Ljouwert
Ferstoarn: 07-10-2008, Amsterdam
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Diet Huber is berne yn Ljouwert. Har bernejierren brocht se troch yn Ljouwert, Boalsert en It Hearrenfean/Oranjewâld.
Se groeide op yn in meartalich miljeu. Hat mem wie Jet van der Sloot, in boeredochter út Skalsum, suster fan de skilder Andries van der Sloot. Mei har prate Diet Frysk. Har heit kaam fan Utert en wurke op de stoomtram fan de NTM. Mei him prate se Hollânsk, wylst se doe’t se yn Ljouwert wenne mei de bern op ’e dyk Ljouwertersk (stedsk) prate. Troch de krisis moast de húshâlding fan Ljouwert nei Boalsert ferhúzje. Har heit krige in oare funksje en ûndergie dat as in degradaasje.
Nei har middelbere skoaltiid woe Diet Huber graach fierder leare, mar dêr wie doe thús gjin jild foar. Diet moast wurkje, se rekke oan ’e slach yn in manufaktueresaak op It Hearrenfean. Jûns nei it wurk die se de dingen dêr’t se echt nocht oan hie; tekenje en skriuwe. Nei de oarloch, yn 1946 koe se einlings nei Amsterdam om dêr oan de Kunstnijverheidsschool, de foarrinner fan de Rietveld Academie, út ein te setten mei in stúdzje tekenjen en yllustrearjen.
Yn 1950, nei har ôfstudearjen, ferfarde se foar in jier nei Stockholm. Om oan de kost te kommen wurke se in tiidlang as help yn ’e húshâlding, mar al gau krige se opdrachten as yllustratrise foar Sweedske boeken en tydskriften. Nei dat jier gie se werom nei Amsterdam, dêr’t se yn 1955 troude mei Bert Barkey, geolooch fan berop. Mei man en dochter ferhuze Diet Huber yn 1961 opnij nei Sweden. Tsien jier letter festigen se har wer yn Amsterdam, de stêd dêr’t se de rest fan har libben bliuwe soene. Tidens har ferbliuw yn Sweden fleure Diet de jierdei fan har dochter ris op mei in eigenmakke poppespul, dat wie sa’n grut sukses dat it útgroeide ta in proffesjoneel reizgjend teater.
Wurk
Fan Fedde Schurer, doe haadredakteur fan de Friese Koerier, krige Huber yn 1952 it fersyk om foar de Koerier de bernerubryk te fersoargjen. Se krige fan Schurer alle romte om wykliks in heale pagina te foljen; se die dat ûnder oaren mei ferhaaltsjes, gedichten, in jierdei- en in brieverubryk. Se skreau yn it Frysk en yn it Hollânsk en ûndertekene respektivelik mei Diet Huber en mei Marja. De yllustraasjes foar de pagina makke se sels. Yn datselde jier fersoarge se ek de yllustraasjes foar it Boek foar Fryske Bern. Har gedichten wiene sprankeljend en nij troch de rike fantasij, de klankrykdom, de assosjaasjes en de kar fan de ûnderwerpen. Yn in tiid dêr’t anekdoatyske en moralistyske fersen foar bern foar master opsloegen, diene en seine de bern en bisten yn de gedichten fan Diet Huber de frjemdste dingen.
Yn boekfoarm debutearre se yn 1955 mei de bondel Tutte mei de Linten. De suksesfolle bondel befettet inkelde gedichten dy’t ferneamd woarn binne, lykas ‘De biezem en de bjinder’ en ‘De reus pak-yn-pak-op’. Twa jier letter folge de bondel De Mâlbroekmich (1957) dy’t yn 1957 útkeazen waard as ien fan de bêst fersoarge boeken fan dat jier yn de Nederlânske literatuer. Dy bekroaning iepene foar har de doar nei de Nederlânsktalige berneliteratuer; yn 1959 ferskynde De uil met zeven zuurtjes en yn 1963 De snars, de fluit, de sikkepit. De uil met zeven zuurtjes waard nominearre foar de Gouden Griffel. Het Parool frege Diet Huber om Annie M.G. Schmidt op te folgjen foar har bernepagina. In tal fan de gedichten dy’t se skreau foar Het Parool binne letter útjûn yn de bondels: De Vetereter (1979), dy’t bekroand waard mei in Vlag en Wimpel, Letje Annebetje Bot (1981) en Daar moet je nou een beest voor zijn (1989).
Yn it Frysk publisearre se ûnder oare De Teltsjebeam (1976), in bondel mei Fryske Poesyalbumferskes (1979) en It Abee fan Boukje (1982). Foar dat lêste boek krige se Europeeske erkenning mei de Premio Europeo di Padua.
Diet Huber fûn de ynspiraasje foar har wurk tichteby, troch in wurd dat se yn in wurdboek lies koe samar in gedicht opboarrelje, mar ek it ferline ‘doe en no’, jonges en famkes, leafde, earmoede, omgong mei âlders, freonen en freondinnen, ‘oars’ wêze, it wiene allegear ûnderwerpen dêr’t se oer skreau. It slagge har om ‘swiere’ ûnderwerpen mei humor te bringen.
Mar minsken foarmen har grutste ynspiraasjeboarne, har eigen dochter sette har op it spoar fan it poppeteater, op dichtsjen en op it skriuwen fan har roman Rinske en de stoomtram (1986). Yn de jierren tachtich kaam se by tafal werom yn de Ljouwerter strjitte dêr’t se as lyts famke wenne hie, it sette har oan ta it skriuwen fan de ferhalebondel Nûmer alve (1988).
Se stimulearre bern om mei taal te boartsjen en mei taal oan ’e slach te gean. Ek har eigen wurk falt op troch de rykdom fan klank en muzikaal taalgebrûk.
Huber skreau lange jierren gedichten foar de lêssearje Leesleeuw fan de skoalútjouwerij Zwijsen.
Fia de Stichting Schrijvers School Samenleving, reizge se yn de jierren santich en tachtich mei ferskillende poëzy-programma’s by skoallen, biblioteken en ynstellings del.
Neidat se yn 1994 troffen waard troch Angina pectoris (hertynfarkt) en fuort dêrnei ek noch troch in harsenynfarkt, besocht se har kwalen op har eigen wize te bestriden; se makke tragi-komyske brieven yn dei-boekfoarm en gedichten oer de sykte, dy’t se bondele ûnder de titel, Oh! Juffrouw Angina Pectoris (net útjûn).
Ta gelegenheid fan har tachtichste jierdei yn 2004 hawwe ferskate Fryske kollega-dichters in fers foar Diet Huber makke. De fersen binne bondele en útjûn ûnder de titel, Fiif dogeneaten yn in sok. De yllustraasjes by de gedichten binne foar it grutste part fan Diet Huber sels, mar der steane ek tekeningen fan de hân fan Karin Poiesz yn.
Bert Barkey, de man fan Diet Huber, ferstoar yn 2005, Huber sels is ferstoarn yn oktober 2008 op de leeftyd fan 84 jier.
Yn 2022 waard der in nei Diet Huber neamde priis ynsteld foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken, de Diet Huberpriis.
Wurk
Berneboeken
1955: Tutte mei de Linten : ferskes (út de ‘Friese Koerier’) (10e printinge yn 1993)
1957: De Mâlbroekmich (3e printinge 1982)
1959: De uil met de zeven zuurtjes
1963: De snars, de fluit, de sikkepit
1973: Tutte mei de linten
1976: De Teltsjebeam (2e printinge 1979)
1979: De Veter-eter
1979: Fryske poesyalbumferskes
1980: It abee fan Boukje
1980: Poesiealbumversjes
1981: Elleke is boos
1981: Letje Annabetje Bot
1989: Daar moet je nou een beest voor zijn
1993: Blinder de boekeflie
1994: Ald wyfke hie in mûtske makke? Old grannie make a little hat
1996: It telboekje fan Boukje
1999: De Koeterwalen
2000: Zeven zeven
2001: De magogel
2002: De sprookjesprins
Jeugdromans
1986: Rinske en de stoomtram
1993: Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje)
Ferhalebondels
1988: Nûmer alve: koartswilige autobiografyske ferhalen
Prizen
1957: De Mâlbroekmich: nominaasje bêstfersoarge Nederlânske boek
1959: De uil met de zeven zuurtjes: nominaasje Gouden griffel
1980: Bekroaning fan It abee fan Boukje yn it ramt fan de Premio Europea di Padua
Mear ynformaasje
Gerbrich van der Meer, FD 10-10-2008 (in memoriam)
Pieter de Groot, LC 10-10-2008 (in memoriam)
Skriuwerslibben, Omrop Fryslân, 03-09-1995 (portret)
©Tresoar, 24-04-2022