Berne: 19-01-1976, Drachten

Libben en wurk

Arjan Hut groeide op yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Nei it ateneum studearre er Frysk en Ingelsk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. 

Dichter
Skriuwe hat Arjan Hut feitlik syn hiele libben al dien. Op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost siet er yn de redaksje fan de skoalkrante. Hy begûn mei it skriuwen fan gedichten yn 2000. Eins wie er fan doel om lietteksten te skriuwen, mar wat er skreau like mear op gedichten. Fersen fan syn hân waarden opnaam yn literêre tydskriften as Hjir en yn de ynternet tydskriften Kistwurk en Farsk.

Syn debútbondel Nachtswimmers ferskynde yn 2004 by útjouwerij Bornmeer. De bondel waard troch kritisy en lêzers tige posityf ûntfongen. Dat Arjan Hut in grut muzykleafhawwer is, is ek te sjen oan syn bondel, dy’t opboud is as in konsert: it begjint mei it fers Nachtswimmers ûvertuere, dat folge wurdt troch it skift Nachtswimmers 1, it twadde skift hat as titel Wolkom yn de foyer en it tredde en lêste diel Nachtswimmers 2.  Kaaiwurden yn de gedichten binne romantyk en leafde, yn tsjinstelling ta dat romantyske tema binne de fersen net swiet, mar wit de dichter in somtiden surrealistyske, spûkeftige sfear op te roppen. Hy brûkt derby neist hjoeddeistige taal ek argayske wurden en somtiden makket er sels nije wurdkombinaasjes.

Stedsdichter

Yn jannewaris 2005 waard Arjan Hut mei it gedicht Under de toer keazen ta stedsdichter fan Ljouwert. Hy wie dêrmei de earste stedsdichter fan de Fryske haadstêd, oansteld foar in perioade fan twa jier. It stedsdichter wêzen joech in nije ympuls oan syn dichterskip. Der kaam fan alles op him ôf: optredens, fersiken om sit te nimmen yn ferskate sjuerys en redaksjes en om in bydrage te leverjen oan publikaasjes yn en bûten Fryslân.

Arjan Hut makke ûnderskie tusken wurk dat er ûnder syn eigen namme publisearret en wurk dat er ûnder de skûlnamme Goaitsen Andringa yn it ljocht joech. As Arjan Hut wie er kritysk op himsels en liet er gedichten lang lizze om te ‘rypjen’. As Goaitsen Andringa wie er gystener, liet er de remmen los en doarde er mear. Syn stedsgedichten wiene rjochte op in breed publyk en moasten dêrom tagonklik wêze, al wol dat net sizze dat er konsesjes die oan de kwaliteit fan dy gedichten.

In delslach fan syn stedsgedichten ferskynde ûnder de titel 05 06. De titel fan dy (twatalige) bondel slacht net allinnich op syn jierren as stedsdichter, mar is tagelyk in knypeach nei de stjerdatum fan Pim Fortuyn. 

Yn 2010 ferskynde by de Afûk syn tredde dichtbondel Tin. Dizze bondel is skreaun nei syn jierren as stedsdichter. Hut joech oan [1] it dreech te finen om net mear yn opdracht te skriuwen: 'Ik wie wend rekke oan de spanning om yn opdracht te skriuwen.' Om dochs in stôk achter de doar te hawwen, frege er in skriuwersbeurs oan, nei't er in oantal jierren as postrinner de kost fertsjinne. It tema fan Tin is 'loslitte', wat resultearre yn in oantal gedichten dy't op Eppie Dam [2] frijwat ûntagonklik oerkamen, '... al is dat net 'it slimste ferwyt dat je in dichter meitsje kinne. Bloedeleazens is dat al, en dy griist ús by Hut op alle siden oan'.

Seis jier letter ferskynde Aurora Bossa Nova, de earste Fryske dichtbondel dy't ek digitaal ferskynde. 'Ik ha oars oan dizze bondel wurke as oan eardere. Doe ha'k soms gedichten deaskreaun om't ik te perfeksjonistysk wie,' joech er oan yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [3]. Eppie Dam [4], noch tige kritysk oer Hut syn foarige bondel, tocht oer Aurora Bossa Nova gâns positiver: 'In ferademing'. Benammen oer gedichten dy't yn opdracht skreaun binne, lykas Ierappel Bossa Nova en Burgumer Mar, wie Eppie Dam tige te sprekken. Abe de Vries [5] bestege omtinken oan de muzikaliteit fan de teksten en seach in bondel mei 'fersen dêr't Hut de lêzer op dûnsje lit, itsij healwiizjend, hollebatsend of krekt weidreamend of lekker deun tsjin inoar oan'.

Oare aktiviteiten
Arjan Hut wie mei-oprjochter en redaksjelid fan Doar (2003-2008), in ynternetpoadium foar jonge Fryske talinten. Yn febrewaris 2006 is it Doar Boek presintearre, dat in seleksje befettet fan earder yn it tydskrift publisearre wurk. Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp wiene de besoargers fan it boek. Fierder siet Hut yn de redaksje fan go-gol.nl, dêr’t er benammen stikken oer muzyk en syn radiokollums foar Omrop Fryslân op publisearret. Foar de omrop hat er in tydlang in radiokollum skreaun en foarlêzen.

Wurk fan Arjan Hut is opnaam yn ferskate sammelbondels, ûnder oaren yn Droom in blauwe regenjas (2004), yn it trijetalige projekt fan Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen. de reis / No borders, no voyage (2004) en yn de bondel De honderd Mooiste Friese Gedichten (2006).

Yn de jierren dêrnei lei er him ek ta op it skriuwen fan resinsjes foar De Moanne en it Friesch Dagblad, benammen op it mêd fan de populêre muzyk en it fersoargjen fan workshops en masterclasses op bygelyks skoallen.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 10-12-2010 (fraachpetear oer Tin)
[2] Eppie Dam, LC 18-03-2011 (resinsje Tin)
[3] Sietse de Vries, LC 10-02-2017 (fraachpetear n.o.f. Aurora Bossa Nova)
[4] Eppie Dam, LC 27-01-2017 (besprek Aurora Bossa Nova)
[5] Abe de Vries, FD 13-02-2017 (besprek Aurora Bossa Nova)

List fan belangrykste wurk

Poëzy
2004: Nachtswimmers
2007: 0506 - stadsgedichten & klokslag van Leeuwarden / stedsgedichten & klokslach fan Ljouwert
2010: Tin
2016: Aurora Bossa Nova
2020: Fjoertoer yn it wâld

Berneboeken
2007: Toe no! - ferhalen foar bern dy't derom freegje (mei Elizabeth Hietkamp)

Prizen
2005: Steven Sterkpriis (foar liettekst Mata Hari)
2017: Rely Jorritsmapriis (gedicht: Opgean)

Ferskaat
2006: Poëtisch Leeuwarden (gearstaller)
2007: Toe no. Ferhalen foar bern dy't der om freegje (red., mei Elizabeth Hietkamp, ferhaleboek foar bern)
2008: Onferjitlik lok (columns foar Omrop Fryslân)
2009: Goeie (taalgids, mei Elizabeth Hietkamp)
2018: Ik hâld fan it lûd fan in trein yn 'e fierte (audio, citybook)
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)

Mear ynformaasje
Leeuwarder Courant, 31-03-2007 (oer syn ein as stedsdichter)
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Yke Bremer, De Feanster 17-02-2021 (oer syn rol as Wâlddichter)

©Tresoar, 17-03-2021

(foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar).