Berne: 20-04-1995

Joël Hut is sûnt 2020 de skriuwersnamme fan Joël Huitema. 

Libben en wurk

Hy is berne yn 1995 yn Sint-Nyk. Yn syn ferhalen en gedichten giet er hiel bewust om mei foarm en ynhâld om sa in eigen lûd te jaan. Hy wennet yn Ljouwert en wurket as húswurkbegelieder.

Hy wol mei syn wurk maatskiplike tema’s oankaartsje, wylst er út himsels wei skriuwt. Sa giet er bewust om mei ûnderwerpen as seksualiteit, dichterskip en opstannigens.

Sûnt 2013 hat er fersen en koarte ferhalen yn Ensafh en De Moanne publisearre. Wêr’t er it earst ôfwiksele mei it Standertfrysk, skriuwt er hjoed-de-dei inkeld yn it Súdwesthoeksk, de taal dêr’t er yn opgroeide. Syn debútbondel is ek yn dizze Fryske streektaal. Hy boartet yn syn wurk mei de foarm.

Yn 2021 begûn er mei in nij tydskrift foar poëzy: 'Tolef Bryfkes'. It tydskrift ferskynt yn it Frysk fan ’e Súdwesthoeke.

WURK

Publikaasjes
2019: Möne,skyn (ferhaal yn poëzyfoarm, yn publikaasje stiet 2018 as jiertal, mar it ferhaal is yn 2019 útkaam)
2020: börtertsgrut (dichtbondel, útjûn yn eigen behear)
2021: Wat oerblûwt (ferhaal)

Oersetting
2019: dù sk/òùnhyt wùt f/ãylt (fragmint) (Tr. Riemersma)

Mear ynformaasje
Ruurd Walinga, FD 07-05-2020 (fraachpetear)
Jacob Haagsma, LC 24-02-2021 (fraachpetear)
It Nijs, 26-04-2021 (oer 'Tolef Bryfkes')

Foto fan de auteur is makke troch Line Hut.

©Tresoar, 28-07-2021