Berne: 14-05-1959, IKERWÂLd 

Libben en wurk

Wieke de Haan is berne yn Ikkerwâld, in doarp dat yn 1971 opgien is yn Damwâld. Se wurket by Tresoar.

Ien fan har taken wie it redaksjewurk foar Boekenijs, it boekemagazine dat 2 kear jiers ferskynde. Dêrnjonken fersoarge se de boekerubryk oer nij ferskynde boeken foar de F-side, de wyklikse Frysktalige bylage fan de beide provinsjale kranten. Boppedat fersoarge se oant ein desimber 2006 ta – doe't de F-side foar it lêst ferskynde – in part fan de fraachpetearen en skeau se út en troch in kollum. Se wie ien fan de kaai-figueren by It Fryske Boek, dat û.o. de Sutelaksje organisearre.

Skriuwster
Oan de learareoplieding Ubbo Emmius wie Wieke de Haan de earste dy’t har ôfstudearskripsje De Fryske Petiele húshâldkundich besjoen, yn it Frysk skreau. Dat feit wie foar de doetiidske skriuwer fan it Simke Kloostermanlien, ds. A. Wumkes, oanlieding om har te freegjen it itensiedersboek fan Kloosterman, De Fryske petiele en wat der op en yn leit (1938), te bewurkjen en op ’e nij út te jaan. Wieke de Haan hat it op har naam en yn 1986 lei har De Fryske Petiele yn ’e skappen. Yn 1993 folge troch it hielendal troch harsels skreaune De Nije Petiele. Beide boeken foelen der tige yn by har publyk.

In hiel oar paad sloech se yn mei har yn 2005 ferskynde ferhalebondel Optriuwe en ôfbliuwe - ferhaleboek foar froulju. De bondel befettet koarte, fiktive ferhalen oer froulju dêr’t it alderjongste al ôf is. Yn Ingelân wurdt dit type ferhalen ‘chicklits’ neamd, in ôfkoarting fan literatuer foar chicks (âldere fammen). De ûndertitel ‘Ferhaleboek foar froulju’ jout al oan foar hokker publyk de ferhalen bestimd binne. Lykwols, neffens Abe de Vries yn syn besprek fan de bondel (Leeuwarder Courant, 18-11-2005) wolle ek manlju graach lêze oer gelbehaa’s om de boel wat mear lykje te litten, monumintesoarch foar de lea, leskes kondoomstrûpen foar dochters en de seare lûkpolsen fan it slach froulju dat nachts oan kommersjele seks docht. De Haan hat in flotte skriuwstyl, in eigentydsk taalgebrûk en skriuwt oer ûnderwerpen dy’t in grut publyk oansprekke. Dêr binne se ek foar bedoeld, Wieke de Haan hat gjin literêre pretinsjes mei har ferhalen. Se wol oer saken skriuwe dy’t nijsgjirrich binne om te lêzen, har ûnderwerpen binne benammen rjochte op froulju, trochstrings it grutste lêzerspublyk. Har ûnderwerpen kriget se troch te harkjen nei wêr’t froulju mei dwaande binne en wurdt fierder ynspirearre troch stikjes en foarfallen dy’t se yn de kranten en tiidskriften lêst.

Yn 2006 ferskynde har twadde ferhalebondel Ophysje en delbêdzje - ferhaleboek foar froulju, as ferfolch op Optriuwe en ôfbliuwe. Wieke beskôget beide boekjes as in ûnôfskiedlik gehiel: in Siameeske twilling. Yn it ‘ophysboekje’ steane njonken de koarte, ek wat langere ferhalen. De ûnderwerpen binne yn guon gefallen tige aktueel, lykas de persiflaazje op it populêre tv-program ‘Boer zoekt vrouw’ en de goarre fan oprûm- en datingprograms. Nettsjinsteande it feit dat der ‘ferhaleboek foar froulju’ op it omslach stiet, blike it yn ’e praktyk foaral manlju te wêzen dy’t der nijsgjirrich nei binne.

Om de skriuwkondysje op peil te hâlden, hold se oant 2011 in webloch by, dêr’t har lêzers û.o. op folgje koene wat der by Wieke en dy thús op ’e dis kaam. Om har wurk ûnder de minsken te bringen gie de skriuwster gauris op ’en paad mei it Literêr Sirkwy en gie se te sprekken foar frouljus- en nutsferieningen.

List fan belangrykste wurk


Itensiedersboeken

1986: De Fryske Petiele en wat der op en yn leit (bewurking fan it itensiedersboek fan Simke Kloosterman)
1993: De Nije Petiele
2009: Ytboekje

Proaza
2005: Optriuwe en ôfbliuwe (ferhaleboek foar froulju)
2006: Ophysje en delbêdzje (ferhaleboek foar froulju)
2008: Optriuwe en ôfbliuwe (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer)
2009: Ophysje en delbêdzje (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer)

Berneboeken
2012: Tomke syn earste hapkes

Ferskaat
2006: Farsk-skrift (mei oaren)
2006: De Faginamonologen (mei oaren)
2008: Echt moai: froulju oer moaiens en it inerlik (foto's Elske Riemersma)
2008: Echt mooi: vrouwen over schoonheid en innerlijke kracht (foto's Elske Riemersma)
2009: Sara en sa

Mear ynformaasje
http://wiekedehaan.blogspot.nl/
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 13-03-2019