Berne: 09-10-1949, Snits

Libben en wurk

Sybout Hartog waard berne yn Snits, mar groeide op yn Amsterdam. Op syn alfde kaam er werom nei Snits, dêr’t er letter dosint Ingelsk oan it Bogerman College waard. As bern skreau er al ferhalen, it dichtsjen kaam letter.

Dat gie yn it Nederlânsk, thús waard Snitsersk praat. Pas doe’t er Fryske boeken begûn te lêzen, ûntstie it ferlet om ek yn it Frysk te skriuwen. Neist gedichten en ferhalen skreau er (yn oparbeidzjen mei Bob Pruiksma en Anne Oosterhaven) mei oan skoallemusicals, teksten foar nijjiersrevues (Sneek Ahoy) en in ferskaat oan lietteksten. Ien dêrfan waard brûkt foar it wolkomstliet dat songen waard doe’t Keninginne Beatrix op besite wie yn Snits. Teksten fan him binne publisearre yn blêden as Hjir, Trotwaer en Frysk & Frij.

Tematyk en resepsje
Yn syn poëzy besiket Sybout Hartog in eigen styl te hantearjen. Omdat er bang is tefolle beynfloede te wurden, lêst er amper wurk fan oare (Fryske) dichters, sa’t er sei yn in ynterview mei de Balkster Courant [1]. Hy hat in foarkar foar it absurde, it kombinearjen fan wurden en begripen dy’t yn wêzen net folle mei-inoar út te stean hawwe, sprekt him oan. Syn ûnderwerpen siket er dan ek net yn it gewoane. Kwa styl falt op dat er gjin haadletters brûkt. Ek it &-teken is in opfallend elemint yn syn wurk.

De fersen foar Sânglês (1996) binne skreaun yn de jierren 1988-1996. Se geane gauris oer de leafde yn al syn foarmen: foar de natuer, it libben, lân en wetter, mar ek foar in frou, man of bern. Henk van der Veer miste in dúdlike yndieling en fergelike de bondel mei in kontener, dêr’t foar elkenien wol wat te finen is, wylst er fraachtekens sette by de kwaliteit [2]. Tjitte Piebenga sinjalearre ‘in slinger nei it anekdoatyske, it insidentele’ mei in talint foar it kabareteske liet [3]. Dat lêste waard ûnderskreaun troch Tsjerk Veenstra [4]. Jelle van der Meulen seach yn Sânglês in bondel mei ‘zeer leesbare poëzie’ dy’t him tinke liet oan ‘kinderliedjes’, yn de positive sin fan it wurd [5].

Boarnen foar dit stik
[1] Balkster Courant, 23-01-1997
[2] Sneker Nieuwsblad, 20-02-1997
[3] Tjitte Piebenga, LC 31-01-1997
[4] Tsjerk Veenstra, FD 25-01-1997
[5] Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite

Bibliografy


Poëzy
1996: Sânglês

Proaza
1999: Ferhaal Tafal yn Neibroei

Prizen
1992: Gouden Pen (Tredde priis Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen)
1993: Rely Jorritsmapriis (Gedicht: Yn ’e neinacht giet it need)
1996: Rely Jorritsmapriis (Ferhaal: In moaie hobby)

Mear ynformaasje
DBNL, primaire teksten (Under de seadden en Winterwaar)

©Tresoar, 13-03-2019