Berne: 29-06-1919, TERNAARD
Ferstoarn: 06-02-2022, Feanwâlden
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Heabeltsje Seepma is berne en opgroeid op in pleats yn Ternaard. Al jong moast se mei oanpakke op de buorkerij. Leaver hie se trochleard en har skriuwtalint fierder ûntwikkele, mar dêr krige se gjin gelegenheid foar. As bern mocht se graach lêze. Opstellen skriuwe koe se goed, foar wat snobbersguod skreau se ek foar oare bern út ’e klas noch ien. Nei har trouwen hie se it earst net oan tiid om te skriuwen.
Skriuwster
Doe’t de trije bern grutter waarden krige se einlings tiid om ta te jaan oan har driuw om ferhalen op papier te setten. Ferhalen fertelle oan har bern hie se altyd al dien. Fierder skreau se gedichtsjes en gelegenheidswurk: stikjes foar âlderjûnen en brulloften. Se folge in skriftlike kursus ferhalen skriuwen en gie op Fryske les. Dat stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad. Se debutearre nei har fjirtichste yn boekfoarm mei it berneboek Sa’n koartkop (1960). Har boek kaam út by de Kristlik Fryske Folksbiblioteek (KFFB). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskeidene prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Alle moarnen foar de kofje skreau se in stik. Se wie sadwaande tige produktyf. Nei har debút ferskynden der noch twa berneboeken, It reade kraeltsje (1961) en Rikke de kikkert (1964).
Martsje-rige
Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, Martsje lit it net sitte (1965). Mar ynstee fan troch de fammen waard it boek benammen lêzen troch de memmen. It boek sloech oan, in twadde printinge ferskynde yn 1970 en in tredde yn ’90. It wie it earste diel fan in rige boeken oer Martsje. Martsje koe it net witte, kaam út yn 1968. Martsje : it libben yn ’e mjitte, yn 1969. Hwerom? Hwerta? yn 1976 en De dochter fan Martsje yn 1995. Yn de tuskentiid wiene de earste trije dielen noch yn ien bân as omnibus ferskynd ûnder de titel Martsje (1979).
Oar proazawurk
Njonken de ‘Martsje’ boeken joech frou Heeringa-Seepma in hiele rige oare boeken yn it ljocht. Se skreau romans, in ferhalebondel ûnder de titel, It griene huodsje (1988), in bondel jongerein ferhalen, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar hat se goed tritich titels op har namme stean. It grutste part fan har boeken kaam út by de KFFB. Mar yn 1995 wiisde dy útjouwer it manuskript fan it lêste diel fan de Martsje-rige ôf. Se wie teloarsteld mar socht doe oare wegen, útjouwerij Bornmeer wie ree om it lêste diel út te jaan.
Nei de suksesfolle ‘Martsje-boeken’ skreau frou Heeringa-Seepma in nije rige fan trije boeken mei in jonge frou as haadpersoan. De ‘Hylkje-trilogy’ ferskynde tusken 1984 en 1991.
Dichtwurk en skiednis
Yn 1981 ferskynde der in dichtbondel ûnder de titel Tichelwurk, fan de hân fan Heeringa-Seepma. Se publisearre de bondel ûnder de skûlnamme ‘Hester’, de namme dêr’t se har gedichten dy’t se ynstjoerde nei de Lyrische Courant fan de LC (Leeuwarder Courant) ek mei ûndertekene.
Fersen, ferhalen, searjes en losse bydragen hat Heeringa-Seepma ek lange jierren skreaun foar de Dokkumer en de Kollumer krante, werûnder yn desimber altyd in krystferhaal. Fierders hat se har altyd ynteresearre foar de skiednis fan de krite dêr’t se wenne, it noardeasten fan Fryslân. Se hat dêr yn de streekkranten oer publisearre en trije boeken oer de histoarje fan de Dongerdielen yn it ljocht jûn.
Yn 1982 krige se in Rely Jorritsma-priis foar har ferhaal: ‘Groetnis fan Beitske’. It berneboek Sibe wol syn mem net kwyt, waard yn 1992 bekroand mei de earste priis yn de KFFB-priisfraach.
Wurk
Berneboeken
1960: Sa’n koartkop
1961: It reade kraeltsje
1964: Rikke de kikkert
1971: Fuort mei de geit (2e printinge 1983)
1972: Meindert wurdt man
1975: It aventûr fan swartsturtsje
1977: In nuvere fakânsje
1978: Hwêr is Harke?
1980: It apelwyfke
1989: It hinkelbist
1992: Sibe wol syn mem net kwyt
Romans
1965: Martsje lit it net sitte (2e printinge 1970, 3e 1990)
1968: Martsje koe it net witte
1969: Martsje : it libben yn ’e mjitte
1972: Meindert wurdt man
1974: Ik en myn memmen
1976: Hwerom? Hwerta!
1979: Martsje (trilogy)
1981: Fernanda wurdt plysje
1984: Hylkje
1987: In ferskoppeling
1988: Wêrhinne Hylkje?
1991: Yn foar en tsjin
1995: De dochter fan Martsje
Ferskaat
1975: Monuminten yn Eastdongeradiel
1982: By ús yn Eastrum: doarpsskiednis yn fûgelflecht
1985: Monuminten út ’e oarloch
1987: It griene huodsje (ferhalen)
Prizen
1982: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal De groetnis fan Beitske
1992: 1e priis priisfraach KFFB foar Sibe wol syn mem net kwyt
Ferskate prizen yn KFFB-priisfraach
Mear ynformaasje
Wikipedy
Tim Fierant, LC 29-06-2019 (ta gelegenheid fan har 100ste jierdei)
©Tresoar, 09-02-2022