Berne: 20-01-1941, Peins
Ferstoarn: 01-11-2020, Bayonne

Libben en wurk

Josse de Haan groeide op yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert.

Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy't yn 1967 in twamansskoalle waard; Trinus Riemersma waard yn 1970 syn direkte kollega. Yn De Haan syn berneboek It geheim fan de 7 moskeflappers (1974) spylje sân âld-learlingen ûnder eigen namme [1] de haadrol. De basisskoalle waard letter nei it boek ferneamd as 'de Moskeflapper'; de skoalle [2] bestie oant 2013. Yn 1971 krige De Haan in beneaming as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip te Skagen yn Noard-Hollân, dêr’t er him ek nei wenjen sette. Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk oan it Nutsseminary fan de UvA en oan de Vrije Leergangen VU, beide yn Amsterdam. Fan 1982 ôf wenne er dêr ek. Yn 1988 sei er it ûnderwiis farwol en wijde er him alhiel oan it skriuwen. Josse de Haan festige him, neidat er wer in skoft yn Fryslân wenne hie, yn 1999 yn it Súd-Frânske grinsplak Hendaye oan de Golf fan Biskaye. Hy wenne dêr tegearre mei syn partner, de Spaansk-Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal.

Aktiviteiten en opfettings
De Haan wie ien fan de oprjochters en earste redaksjeleden fan Operaesje Fers (1968). Fierders wie er in skoftke redakteur fan de literêre tydskriften Quatrebras en Trotwaer. It lêste blêd wie ein 1968 ûntstien út ûnfrede mei de besteande blêden en as protest tsjin de doetiidske ynstituten (sa as subsydzjeferstrekkers en útjouwers). Tweintich jier letter wie it blêd neffens De Haan sels in ynstitút wurden. Hy rjochte doe syn eigen ienmanstydskrift op: iP²r90-Rendez Vous. Sels lei er dy titel út as: ‘Ik protestearje yn ’t kwadraat tsjin de rommel fan 1990. En Rendez Vous as in moetingsplak’. It blêd ferskynde yn juny 1994 foar it lêst. De literêre fernijing dy’t yn de jierren sechstich fan de tweintichste iuw ek yngong krige yn de Fryske literatuer, hie yn Josse de Haan in waarm pleitbesoarger. Neffens De Haan is it de taak fan de skriuwer om taboes troch te brekken en om fêste gewoanten en tradysjes yn de kiif te stellen. Literatuer is net frijbliuwend, mar moat de lêzer stikelje en altyd wer fernijend wêze, minsken op in oar spoar sette, fragen oproppe en him nea konformearje oan it besteande. ‘Goede literatuer hâldt minsken saken foar dy’t se sels net sjogge, om’t se yn foarmen finzen sitte. De literator sit net yn de foarm mar stiet der altyd bûten’.

De Haan hat altyd yn it Frysk en yn it Nederlânsk dichte; troch syn stúdzje en wurk as learaar Nederlânsk wiene beide talen him like nei. Yn syn proaza brûkte er foaral it Frysk as earste taal.

De boeken fan Josse de Haan waarden lange jierren almeast útjûn troch de Koperative Utjouwerij (KU) te Boalsert. Begjin jierren njoggentich woe it bestjoer de útjouwerij oerdwaan nei de Afûk. De inisjatyfnimmers fan it begjin wiene it dêr net mei iens en hâlden de útjouwerij in skoft draaiend. Doe’t it letter dochs op ’e non rûn mei de KU, rjochte De Haan yn ’e mande mei Trinus Riemersma en dy syn frou Dineke Bos in nije eigen útjouwerij [3] op: útjouwerij Venus, dy't yn oktober 2008 wer opdoekt waard.

Tematyk en resepsje
Josse de Haan publisearre fan 1962 ôf yn Quatrebras en letter yn Trotwaer en Hjir. Hy joech mei Meindert Bylsma, Reinder Rienk van der Leest en oaren it bondeltsje Broadtsje heal-om / Broodje half-om (1968) út, mar syn debútbondel Spegelbyld ferskynde earst yn 1971. Begjin jierren sechstich wie De Haan troch de ‘Bende van de Blauwe Hand’ yn Harns yn ’e kunde kaam mei it dadaïsme en it surrealisme; ynfloeden fan beide streamingen binne yn syn wurk werom te finen. Hy wie as iennichste Fryske dichter mei trettjin fersen fertsjintwurdige yn de Spiegel van de surrealistische poëzie in Nederland (1989).

Tema’s yn syn poëzy wiene leafde, erotyk en it net by steat wêzen fan minsken om elkoar fia taal te berikken. Hoewol’t De Haan ek yn syn proaza eksperimintearre mei de foarm, wie foar him de ynhâld it wichtichst.

De resepsje fan syn earste bondels wie wikseljend. J. Noordmans [4] seach yn syn besprek fan Ferstekeningen / tekenfersen in dichter mei ideeën en idealen, al wie er kritysk op taalbehearsking en ‘artistike selsbihearsking’.

Debútroman
It kredo dat literatuer in funksje hat om de wrâld te feroarjen, stie by Josse de Haan rjocht oerein: ‘In skriuwer giet dêrom ek nea akkoard mei hoe’t de wrâld is’ [5]. Dy opfetting kaam al yn syn surrealistyske debútroman Forneukte stêd ta utering. It wichtichste tema fan de roman, de wreedheid fan de minske nei syn meiminske, de dieren en de natuer ta yn de moderne maatskippij, symbolisearre de skriuwer troch de roman as flessepost op de Waadsee te wetter te litten. Dêr siet in oprop yn sân talen yn oan dyselde dy’t de flesse fine soe, om it boadskip fierder troch te jaan. De weckflesse waard fjirtjin dagen letter by De Cocksdorp op it strân weromfûn troch in non [6], en dêrnei op ’en nij fan in Tekselske kotter ôf yn see smiten.

In oar tema yn de romans fan Josse de Haan, dat al yn syn earste wurk prominint nei foaren kaam, wie de befrijing fan seksuele taboes en it besykjen fan de iensume, moderne minske om troch seksueel kontakt oansluting mei de oar te krijen. Kritisy wisten net goed wat se oan moasten mei it debút. Drs. Ko Pop (yn ‘Boekenbus’ fan de RONO) hold it derop dat De Haan syn hân oerspile hie troch twa dingen te kombinearjen dy’t elkoar winliken útslute: ‘Zijn beide hoofdpersonen confronteert hij zowel met eigen, althans eigentijdse ervaringen op het platteland als met het schrikbeeld van een lugubere, toekomstige samenleving.’ Fierder woe er hawwe dat de skriuwer wat mear oan selskrityk dwaan soe. Yn de Ljouwerter Krante [7] waard dit lêste punt ek oanstipt: ‘Josse de Haan hat in rike en wylde fantasije, mar to min selsbehearsking’. Tagelyk waard de skriuwer priizge: ‘Josse de Haan hat de moed om hyltiten wer fierder te gean, sykjendewei en stroffeljendewei. Hy fortsjinnet it te slagjen – al wie it mar ien kear’. Adri van Hijum kaam yn Trotwaer mei in wiidweidige struktueranalyze fan it boek. Hy konkludearre dat de fragmintaryske opbou de roman wat boartliks joech; tagelyk waard it de lêzer net maklik makke, omdat de roman him ôfspile op de grins fan wurklikheid en krekt noch gjin wurklikheid. Mar dat woe er ynskewiele, omdat it hjir (by syn witten) gie om de earste surrealistyske roman yn it Frysk [8].

Letter proaza
Sliepe yn spinreach is in eksperimintele roman oer relaasjes, yn dit gefal tusken Hester en Swaen en har ferhâlding ta Murk. De mieningen oer dit boek ferskilden. Tineke Steenmeijer-Wielinga neamde it ‘in dochs wol fassinearjend boek, byldzjend en ynkringend skreaun, mei pittige, mar wol wat moadieuze dialogen’ [9]. Ko Pop sei yn radioprogramma ‘De Boekenbus’ dat dit boek ‘meer boeit dan menige traditionele roman’. Gerben Abma wie yn Frysk en Frij lykwols in stik minder tefreden: ‘Unecht yn de dialooch, hol yn de biskriuwing, slap fan tael, de yntrige plagieard’. Teije Brattinga joech yn Trotwaer in ‘ferslach fan it besykjen in boek te begripen’. Hy koe him foarstelle dat lêzers der net wiis út waarden; it ferhaal dreau neffens him op in ûnskuldige foarm fan skydzofreny. It boek moast net lêzen wurde as in wenstige roman, mar as in ridlik slagge eksposee fan de tizeboel, dy’t dy skydzofreny wie foar elk dy’t der mei de krijen hie. Hy einige mei: ‘It lêzen fan dit boek freget in lêskultuer, dêr’t ik yn de Fryske ferhâldingen net wis fan bin. No kin dat my net it measte skele en de skriuwer ek net wol ’k leauwe.’ (Trotwaer 1979 nr. 1).

Tusken 1980 en 1996 ferskynden Omskotten fanleafde, in ‘reguliere roman’, sa’t de skriuwer it sels oanjout, en twa novellen, Katastrofe (1992) en Fyts mei wynflessen, poëpro’s op wetterpiano, in lytse publikaasje yn de rige Ljochtmoanneboekjes fan de Q. Omskotten fan leafde hat as haadtema in leafdesrelaasje tusken in learares (36) en in learling fan har (16). De Haan hie it materiaal foar de roman yn de tsien foarôfgeande jierren [10] byelkoar garre.

Hege poëzyproduksje
Opfallend yn de jierren foar 1980 wie de hege produksje op it mêd fan poëzy: acht (diels yn eigen behear útbrochte) publikaasjes yn amper tsien jier tiid. Foaral de bondel Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke toande neffens Jan Dotinga (RONO, Literair Kwartier) it talint fan De Haan as dichter: ‘De dichter heeft zoveel natuurlijk onbewust leven weten weer te geven, in barokke taal vaak, met een vreemde interpunktie, maar voor mijn gevoel des te juister getroffen.’

Nei 1980 folgen noch trije dichtbondels. Geeffike pears gers (1987) befettet neffens it kolofon ‘foar it grutste part leafdesfersen mei in direkt eroatyske ynslach, skreaun yn de surrealistyske tradysje’. Jan Wybenga [11] neamde de bondel 'in dichterlik kado dêr't men wiis mei wêze kin'. Eppie Dam gie yn Frysk en Frij yn op benammen it surreälistyske aspekt. Hy fûn de fersen yn it algemien té kryptysk. Dêrtroch sinjalearre er in fersteurde relaasje tusken skriuwer en lêzer.

Yn syn besprek fan Rapsody yn stien foar Jerusalem (1989) stelde Tjitte Piebenga [12] noch mar ris fêst dat De Haan de iennichste Fryske dichter is dy’t him konsekwint troch it surrealisme beynfloedzje liet. Al wie Piebenga oer de kwaliteit fan de fersen yn lêstneamde bondel net sa te sprekken, dochs fielde er de driging dy’t der fan útgie: ‘In benaudens dy’t net wer by my wei gie’. Beart Oosterhaven (Frysk en Frij) luts in heldere konklúzje, hy fûn Rapsody yn stien foar Jerusalem ‘de bêste bondel fan De Haan oant no ta’. De lytse dea soms (1996) wie yn de wurden fan Tjitte Piebenga [13] ‘in echte, in wierhaftige surrealistyske bondel’. Piebenga hie by syn reserves grutte wurdearring foar it oermoedich sykjen fan de dichter om de oermem en de grûn fan it bestean.

Begjin jierren njoggentich sette De Haan ek út ein mei it skriuwen fan byldpoëzij, troch him 'anarkys' neamd. Se ferskynden yn de rin fan de jierren yn tydskriften en yn syn sammelbondels fan nei 2000.

Werom nei Peins/Snyp
Syn grutste en meast posityf ûntfongen wurk, de mânske roman Piksjitten op Snyp, ferskynde yn 1999. Dêryn beskriuwt de haadfiguer syn bernejierren yn it doarp Snyp, de literêre wjergader fan Peins. Yn de roman spylje trije personaazjes in promininte rol: De Grutsk, de Lytsk en in ik-ferteller ‘Ika’ of I.K. De Grutsk en Ika binne beide skriuwer. De Grutsk is de kreative en hertstochtlike fan de beide, Ika de harmonieuze. Sy jouwe kommentaar op inoars teksten oer De Lytsk wêrby’t Ika besiket om te profitearjen fan it wurk fan De Grutsk. De Lytsk is in gefoelich jonkje fan tsien jier út it doarp Snyp begjin jierren fyftich. Foaral de beskriuwing fan de wreedheden mar ek de tearens dy’t er ûnderfynt waard neffens de kritisy masterlik ferteld. Jabik Veenbaas [14] neamde it sintrale haadstik ‘Even te skiten yn Snyp’ ûnferjitlik. Tagelyk fûn er De Haan syn moralisme te oerhearskjend. Hy preau yn it boek in ‘autentike grime’, mar ek ‘paranoïde dogmatisme’. De stikken oer De Lytsk sprutsen ek Piter Boersma yn Hjir it measte oan: ‘It is in merakel hoe’t it De Haan slagget om út it perspektyf fan De Lytsk wei in grotesk, surrealistysk byld te jaan fan wreed, ûnmeilydsum, bekrompen en ûnminsklik doarpslibben’. Kees ’t Hart [15] hie in positive resinsje titele 'Piksjitters heb je overal' yn De Groene Amsterdammer wat mei oanleiding wie foar útjouwerij Meulenhoff om in oersetting út te bringen, in opdracht dy’t tafoel oan Harmen Wind. De Nederlânsktalige oersetting Kikkerjaren fûn yn NRC Handelsblad in posityf ûnthaal troch Kester Freriks [16]: ‘Kikkerjaren is een overrompelende, veelvormige roman waarin heden en verleden, stad en platteland, romantiek en pornografie, realisme en poëzie een verbijsterend amalgaam vormen. Herman Franke [17] kaam yn De Volkskrant mei in negatyf besprek út it perspektyf fan in Grinzer wei.

Vincent van Gogh
De roman Nanette (2003) is situearre yn it Súd-Frânske Arles, it doarp dêr’t de skilder Vincent van Gogh ek in pear jier taholden hat. Hoewol’t allinne ‘nije’ brieven fan de skilder yn it boek foarkomme, spilet er der wol in grutte rol yn, yn de persoan fan syn, troch de skriuwer opfierde, oerpakesizzer Nanette (de beskikbere resinsjes oer dit boek en oer alle oare titels fan nei 2000 binne sammele by it oanbelangjende boekprofyl).

Feuilles mortes
De sânde roman fan De Haan, Feuilles mortes, kaam út yn 2004. Krekt as yn de beide foarige romans besykje de haadpersoanen (IK, HY en DO) yn dizze roman troch middel fan rekonstruksjes fan it ferline, fet te krijen op har libben yn it no en op har omgean mei partners en relaasjes. Dizze roman makke op Henk van der Veer (Sneeker Nieuwsblad) yndruk, en dan benammen de stikken fan de HY-figuer: ‘Kwa foarm en ynhâld is Feuilles mortes in hiel nijsgjirrige roman en heart it ta it bêste wat Josse de Haan oant no ta skreaun hat.’

Boeken fol ferskaat: essays, kritiken, polemiken
Yn de yn 2005 ferskynde bondel Kastanjes poffe. Opstellen / essays oer (‘oare’) literatuer, analyses fan proazawurken en poëzy, skreau De Haan oer wat hy belangryk fûn yn literatuer. Hy fielde him besibbe oan de histoaryske avant-garde út it tiidrek 1916-1939, mar hy woe dy term net brûke foar de literatuer fan dêrnei. Dêrom spruts er fan ‘oare literatuer’ of ‘literatuer bûten de stringen’: ‘Oar proaza hat as wichtichst kenmerk dat it stelling nimt oangeande de konvinsjonele literatuer, de hearskjende oarder, de haadstream, dêr’t de mearderheid him net allinne oan konformearret mar ek lokkich by fielt. (…) De oare literatuer is meastal kontraliteratuer, meidat de skriuwer bewust in anty-lûd hearre litte wol’ (Kastanjes poffe, s. 10). Noch twa oare titels mei ferskaat wurk folgen.

Elja
In jier letter joech De Haan al wer in roman yn it ljocht: Elja. De skepping fan Gummykut – in film. It boek beskriuwt it stribjen fan de filmmakker El, dy’t in film meitsje wol oer in naïve, autentike leafde, fol langst, begearte en oergeunst. In sjike hoer, Elja, dy’t er tafallich moetet, moat syn haadrolspylster wurde. Yn it boek komme tema’s út earder wurk yn in oare foarm werom. Wat is echt (yn dit gefal oan har relaasje) en wat makket diel út fan de film en is dêrmei fiksje? Ek de grutte maatskiplike tema’s komme oan ’e oarder. Yvonne Dijkstra (FD) fûn it net in maklik boek, mar murk al op dat dit boek in soad te bieden hat foar wa’t trochsette wol, al wie it allinnich mar omdat de skriuwer der foar soarget dat de diskusje oer literatuer op gong komt én bliuwt.

Gysbert Japicxpriis
Yn 2007 krige Josse de Haan de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer. De advyskommisje ornearre dat de skriuwer mei ‘Piksjitten…’ by wize fan sprekken de keatlings om syn hannen losslein hie en hyltyd op ’en nij eksperimintearre en boarte mei nije foarmen, op grûn fan syn kredo: ‘Sûnder eksperimint mei de taal (en dus de foarm) ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk.’

Lettere poëzij
Tegearre mei surrealistysk keunstner Hendrik Beekman brocht De Haan de bondel As wurden slipe wurde (2008) út. Harmen Wind [18] stelde fêst dat De Haan yn dizze bondel hoedener as oars te wurk gie: ‘It wurd bliuwt ynholden, flústerjend hast’. Pas yn 2013 kaam Josse de Haan mei in nije, tige kreas fersoarge trijetalige bondel: Reade bus yn magysk lânskip. Yn tolve gedichten wurdt in busreis beskreaun dy’t de ik-figuer tegearre mei konduktrise ANNA makket. Jelle van der Meulen oer dizze bondel: ‘Dit bundeltje bevat “gewoon” heldere en beheerste poëzie waarin met prachtige beelden jeugdherinneringen worden beschreven.’

Echo’s fan oare skriuwers
Frou mei mandoline op sofa waard publisearre yn 2014. De ferteller yn dizze roman hat in fechtskieding mei syn eks. Sy wol him finansjeel útklaaie. Syn nije freondinne hâldt ôfstân fanwegen de striid mei syn eardere frou. De man besiket syn pynlik ferline ûnder eagen te sjen mei filosofearjen oer keunst en literatuer. Neist syn eigen oertinkingen pleatste er stikken út literêre teksten fan oare skriuwers, dy’t in alternatyf sicht jouwe op it ferhaal en de persoanlike en ferheftige stikken fan de ferteller lichter en algemiener meitsje.

Dy echo's fan oare skriuwers binne ek werom te finen yn Passys, dat koart foar De Haan syn ferstjerren publisearre waard, in 'autofiksjonele' roman oer in libben yn leafde en literatuer. Middels in assosjative manier fan wurkjen beskreau De Haan it libben fan de haadpersoan, dy't yn meardere identiteiten nei foaren stapt, wêrby't it doe, no en de takomst trochinoar hinne rinne. Ferdield oer seis dielen krijt de lêzer sa in byld fan in skriuwerslibben yn tsjinst fan 'e literatuer.

Boarnen foar dit artikel
[1] LC 30-11-1974
[2] Franeker Courant 10-07-2013. It artikel seit dat de skoalle ferneamd is nei in boek fan Trinus Riemersma, mar dat moat Josse de Haan wêze.
[3] Pieter de Groot, LC 26-03-2004
[4] Jacob Noordmans, LC 30-10-1971 part 1 en part 2
[5] De Nije, 30-06-1982
[6] LC 08-05-1973
[7] LC 17-11-1973
[8] Trotwaer 1973 nûmer 6 en 1974 nûmer 4
[9] Tineke Steenmeijer-Wielinga, LC 30-08-1975
[10] LC 10-10-1981
[11] Jan Wiebenga, LC 25-03-1988
[12] Tjitte Piebenga, LC 01-06-1990
[13] Tjitte Piebenga, LC 06-09-1996
[14] Jabik Veenbaas, LC 15-10-1999 diel 1 en diel 2
[15] Kees 't Hart, De Groene Amsterdammer 01-03-2000
[16] Kester Freriks, NRC 16-11-2001
[17] Herman Franke, De Volkskrant 08-02-2002
[18] Harmen Wind, LC 03-10-2008

List fan belangrykste wurk

Poëzy

1971: Spegelbyld
1971: Ferstekeningen / Tekenfersen (mei Jopie Huisman)
1972: Bonifasius en it ûnderbroekje fan God of syn opfolger
1972: Ynferzen: Fersen út ’e frije hân…
1972: Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke (eroatyske fersen)
1975: Skuttingskroat
1975: Getikte eieren – poëzie rond het ei (Nederlânsktalich)
1979: De dei fan de kraenfûgel / De dag van de kraanvogel
1987: Geeffike pears gers (leafdesfersen)
1989: Rapsody yn stien foar Jerusalem (yllustraasjes Paulo Martina)
1996: De lytse dea – soms
2008: As wurden slipe wurde (bylden: Hendrik Beekman; mei oers. yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Spaansk)
2013: Rode bus in een magisch landschap / Reade bus yn in magysk lânskip / Red bus in a magical landscape
2018: Anarkystack (fisuele poëzy)

Romans
1972: Forneukte stêd
1975: Sliepe yn spinreach
1981: Omskotten fan leafde
1993: 100 jier keatsen Hjerbeam (histoaryske roman keatsen)
1999: Piksjitten op Snyp: groteske of essay
2003: Nanette – Van Gogh’s geheime leafdes
2004: Feuilles mortes – de Anna’s
2006: Elja – de skepping fan gummykut – in film
2014: Frou mei mandoline op sofa
2020: Passys

Novelles

1992: Katastrofe
1996: Fyts mei wynflessen – poëpro’s op wetterpiano (Ljochtmoanneboekje nr. 9)
2016: Reade snie en swarte hagelstiennen

Oersetting
2001: Kikkerjaren. Groteske of essay (oersetting troch Harmen Wind fan Piksjitten op Snyp)

Berneboek
1974: It geheim fan de 7 moskeflappers (yll. learlingen; 1996, 2e printinge)

Ienmanstydskrift
1990-1994: iP2r90 – Rendez Vous (9 ôfleveringen)

Essays, polemiken, kritiken
2005: Kastanjes poffe – opstellen/essays oer ('oare') literatuer: analyses fan proazawurken en poëzy
2007: Kidelstiennen heine en slaan: literatuerkritiken, analyses, polemiken en oar proaza
2013: Frozen moonlight yn myn hannen – tipelje mei wurden byld
2016: Reedride op glêd iis

Toaniel
1974: Românse foar 6 hannen (yn Trotwaer 1975)
1983: Monumint foar in beferzen seefûgel (fragmint spile by iepening surrealistyske útstalling yn Ljouwert, 1989)
1993: De zeemeermin baart een bisschop (spile yn 1993 yn Den Bosch, by de iepening fan in útstalling fan Hendrik Beekman)

Prizen
1968: Rely Jorritsmapriis (fers: Undergrounderotyk)
1971: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Pasiense)
1973: Provinsjale toanielpriis (Românse foar 6 hannen)
1974: Us Frysk Berneboek (foar It geheim fan de 7 moskeflappers)
1985: De Groene Amsterdammer
2007: Gysbert Japicxpriis (foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de trije dêrop folgjende romans, en foar al syn krewearjen foar de ‘oare literatuer’ as essayist en as útjouwer)

Nominaasjes
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis foar Frou mei mandoline op sofa
2019: Piter Jellespriis (foar Reade snie en swarte hagelstiennen)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries fraachpetear LC 19-10-2007
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite 
Mear oer de Gysbert Japicxpriis
Presintaasje wurk Josse de Haan by gelegenheid fan de Gysbert Japicxpriis 2007
Brosjuere 10 books from Friesland 2016
Eeltsje Hettinga De Moanne 28-08-2014 (besprek fan Frozen moonlight yn myn hannen)
Omrop Fryslân, 03-11-2020 (Ernst Bruinsma oer it ferstjerren fan Josse de Haan)
De Moanne, 03-11-2020 (oer ferstjerren Josse de Haan, mei link nei dossier)
Huub Mous, De Moanne 03-11-2020 (in memoriam)
Friduwyh Riemersma, Fers2 01-11-2020 (in memoriam)
Abe de Vries, FD 04-11-2020 (in memoriam)
Pieter de Groot, LC 06-11-2020 (in memoriam)
Pieter de Groot, De Keatsfreon 2021 s. 40-44 (oantinkens fan Josse de Haan oan it keatsen)

Foto LC des. 2006 (kolleksje Tresoar)

Media
Picture poem: 'Kweekskoalleleafde — foar g.c.l.c.'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

Skriuwerslibben, Omrop Fryslân, 29-04-2001

©Tresoar, 02-11-2020