Berne: 15-12-1975, penjum
-
Boeken, AV materiaal, artikels
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Martsje de Jong makke ferskate oersettingen fan (berne)boeken nei it Frysk. Ek skriuwt se ferhalen, gedichten, teksten en reportaazjes foar ferskate media. Dêrneist is se ferhaleferteller (foar jong en âld), lid fan Dichterskollektyf Rixt en fertelt se op skoallen oer har wurk. Mei Hilda Talsma organisearre se Boeksimmerboek en Boekwinterboek, jûnen mei koarte ferhalen. Se is ek bestjoerslid fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).
Libben en wurk
Se groeide op op in pleats yn Penjum en gie nei de Hegere Lânbouskoalle yn Ljouwert. It lêste part fan har stúdzje folge se oan de University College Dublin. Nei har ôfstudearjen yn de rjochting Nederlânske Lânbou/feehâlderij wie der gjin wurk yn har rjochting. Se waard freelancer by ûnder oaren it Friesch Dagblad, Friesland Post, Paard en Sport en it keatsblêd Wis In.
Fan 2001 oant 2007 wurke se oan Ingelsktalige akademyske fakblêden foar geodesy en hydrografy by in dochterûndernimming fan Reed Elsevier. Yn 2008 begûn se as freelancer by útjouwerij PENN. Foar dy útjouwerij wurke se as einredakteur fan de Skûtsjekrante, it IFKS-magazine, de webside www.skûtsje.nl en it kwartaalblêd Fryslân Markant. Ek makke se (mei) ferskate boeken lykas Het Veenparadijs en Van Schroot naar Vloot en makke se ien kear jiers de útfeartglossy Waardig Afscheid.
Wilens groeide de leafde foar de Fryske literatuer hieltyd mear. It earste boek dat se oersette, De GFR, fan Roald Dahl, waard in opmaat nei hieltyd mear lytse en grutte oersettingen, mar ek krige se no en dan de fraach om boeken ris nei te sjen foar publikaasje. Yn 2018 besleat se har eigen bedriuw hjirfoar op te setten MartsjeTekst, earst noch yn kombinaasje mei har wurk by útjouwerij PENN.nl, mar sûnt novimber 2019 wurket se foltiid yn har eigen bedriuw as oersetter, redakteur, skriuwer en korrektor.
Yn septimber 2020 sette se útein mei in Frysktalige column yn 'e Ljouwerter krante.
WURK
Publikaasjes / Oersettingen
2020: Leafde yn Ljouwert (fan Fleur van Ingen)
2020: Noch lang net útblaasd – 75 jier Brassband Looft den Heer (eigen)
2020: The Challenge (fan Anita Terpstra)
2019: Karlsson fan it dak (fan Astrid Lindgren)
2019: Doarp oan see (wertaling fan Hein Faber)
2018: It Libben fan in Labbekak (fan Jeff Kinney)
2018: Beafeart (wertaling fan Rink van der Velde)
2017: Ventoux (fan Bert Wagendorp)
2016: De GFR (fan Roald Dahl)
2020: Pippi Langkous (fan Astrid Lindgren)
2021: De Goargels (oersetting De Gorgels fan Jochem Myjer)
2022: Healwize beamhutferhalen (berneboekewikegeskink - oersetting ferhaal út De Waanzinnige Boomhut fan Andy Griffiths en Terry Denton)
2022: Pingjum, dorp van Ulefellen en Alde Jonges (mei foto's fan Sjoerd Vriesema)
De GFR is opnommen yn de IBBY-list of honour 2018.
Mear ynformaasje
Eigen bedriuw MartsjeTekst
Antje van Schepen Heit en Mem 20-01-2020 (besprek Karlsson fan it dak)
Sietse de Vries LC 14-12-2018 (ynterview)
Sjoerd Bottema De Moanne 22-09-2017 (besprek Ventoux)
Sigrid Kingma FD 04-0-2017 (besprek De GFR)
Tjitske van Dijk De Moanne 11-01-2017 (besprek De GFR)
Jelle van der Meulen Friese Literatuursite (besprek De GFR)
Rixt Oenema LC 20-09-2016 (besprek De GFR)
Omrop Fryslân, 31-08-2020 (oer De Kameleon)
Jacob Haagsma, LC 18-09-2020 (oer har start as columnist by de LC)
Suwarda Vis, Franeker Courant 14-10-2020 (oer Pippi Langkous)
Rianne Kramer, FD 06-11-2020 (oer Pippi Langkous)
Elisabeth Post, LC 09-11-2020 (oer Pippi Langkous)
Maria del Grosso, LC 07-01-2023 (by it ferskinen fan Pingjum)
Foto Tresoar - Haye Bijlstra