Berne: 21-08-1935, haskerhoarne
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Nelly Jongsma-de Jong wurke yn it ûnderwiis, se wie learares lân- en túnboukunde. Se brocht twa romans út.
Libben en wurk
Nelly Jongsma waard berne yn Haskerhoarne. Har heit wie boer. Nei de legere skoalle gie se nei de mulo op De Jouwer en nei in jier foarmingsskoalle folge se yn Deventer trije jier de oplieding ta learares lân- en túnboukunde. Se joech op ferskate plakken les en wie in pear jier út it wurk doe't se trije bern krige. Dêrnei pakte se it lesjaan wer op, yn Wolvegea en letter op It Hearrenfean. Se learde de learlingen û.o. skoffeljen en hoe't se in siedbêd meitsje koenen. Letter joech se les yn natuer- en skiekunde. It skriuwen kaam pas letter op har paad nei't se mear tiid krige. Foar de menistegemeente op De Knipe skreau se in toanielstik en letter noch in stik oer Anne Zernike. Se skriuwt benammen foar harsels om't se der aardichheid yn hat.
Yn 2014 ferskynde Brief út it ferline. Troch it gouden earizer fan har oeroerbeppe komt de haadpersoan yn kontakt mei in famylje op Jellema-State. Foaral mei de bern kin se goed opsjitte, dêr is se wiis mei en se fielt har dêr thús. Spitigernôch is it net sa moai as it liket, want der is ek kriminaliteit. Twa jier letter ferskynde Moard út it ferline oer in misdied fan fyftich jier âld dy’t noait oplost waard.
WURK
Publikaasjes
2014: Brief út it ferline
2016: Moard út it ferline
2022: Hilde ferstjitten
Mear ynformaasje
©Tresoar, 18-05-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra