Berne: 14-09-1980, Ljouwert

Libben en wurk

Sytse Jansma waard berne yn Ljouwert. Hy folge de PA en de oplieding foar Byldzjende Keunst en Foarmjouwing yn Zwolle. Ynearsten wurke er yn Dronryp as ûnderwizer yn it basisûnderwiis, tsjintwurdich is er edukaasjemeiwurker by Tryater. Hy skriuwt net allinnich poëzy, mar hâldt him ek dwaande mei oare kreative prosessen lykas it meitsjen fan films.

Skriuwerij
Doe't Sytse Jansma in jier as santjin wie, lies er it gedicht Tsjilp fan Jan Hanlo. [1] Dat brocht him op it idee om sels ek ris wat te besykjen. Op oanstean fan Piter Boersma, yn dy tiid warber mei it tydskrift Hjir, stjoerde er syn earste gedichten yn. Yn 2003 ferskynde der in gedicht fan Sytse Jansma yn de bondel Myn hert dat trillet my, yn 2004 folge troch in opname yn Dream yn blauwe reinjas.

In reis nei Suriname foarme de ynspiraasje foar syn debútbondel út 2008 Wa’t tate seit moat ek whisky sizze. Kearngedachte fan dizze bondel is de muoite dy't minsken hawwe om harren paad te finen yn ûnbekende, nije omjouwing. Syn fassinaasje foar gaos en ferfrjemding late ta gedichten mei in assosjative opset, dy't oan 'e iene kant o sa boartlik oerkomt, mar dy't foar de lêzer net altyd like maklik nei te kommen is. Harmen Wind [2] hjiroer: 'Ambysje en talint hat er perfoarst. Hy sil mear lykwicht tusken foarm en ynhâld fine moatte. Taal hat, ek as poëzy, neist inekspresje- no ienris in kommunikaasjefunksje, sels as whisky de brânstof foarmet.' Ek Rieuwert Krol [3] seach sawol it talint as de tûkelteammen: 'Sytse Jansma hat oer it generaal dochs in nijsgjirrige toan en wol wat nijs dwaan mei de poëzij. Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten. Yn de earste ôfdieling komst yn trije gedichten hieltyd deselde eleminten tsjin, wêrûnder in skippybal. Dêrtroch ûntstiet in ferhaal dat goed slagge is. Mar faaks hie er mear de klam lizze kinnen op wat poëzij ta poëzij makket en ûnderskiedt fan muzyk of in skilderij. No hat er him tefolle op it lûdpatroan fan de taal rjochte om wiere poëzij te meitsjen.'

Nei oanlieding fan it ferskinen fan syn twadde bondel As nomaden yn tinten teplak - Als nomaden in tenten terecht (2015) kaam Sytse Jansma yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [4] werom op it karakter fan syn skriuwen: 'Myn poëzij beskriuwt de wurklikheid bûten de taal net, mar giet oer de taal sels. De taal stiet net yn tsjinst fan de wurklikheid.' Yn syn besprek fan dizze bondel [5] kaam Eppie Dam werom op dy útspraak: 'By Jansma sels is de taal autonoom en ferwize wurden nei wurden: de lêzer moat deryn leauwe, nee, oan leauwe, him deroan oerjaan.' Dam die dat dan ek en wie tige loovjend: 'Sytse Jansma hat de poëzy ferrike mei in juwiel fan in bondel: Frysk as de hagel, Hollânsk as de sykte, kosmys as it hielal fan Gagarin.'

Yn oparbeidzjen mei Yke Reeder fersoarge Sytse Jansma it berneboek Wapper, dat yn 2016 útbrocht waard as aksjeboek. Paul van Dijk [6] hjiroer: 'Troch it linige gebrûk fan taal, de eigen styl fan Yke Reeder en it boadskip fan it ferhaal is Wapper in printeboek om ûndersteboppe fan te reitsjen. Lit ús allegear mar wapperje, oars is it mar in deade boel.'

Ferskate gedichten fan him binne opnaam yn blomlêzings, bygelyks yn Het goud op de weg en Spiegel van de Friese poëzie.

Oare aktiviteiten
Sûnt 2005 wie Jansma redaksjelid fan it tydskrift Hjir (fan 2009 ôf Ensafh). Fan 2002 oant 2007 organisearre en presintearre er it Literêr Sirkwy, in poadium foar dichters en skriuwers yn Fryslân. Fan 2006 oant 2007 wie er de mei-presintator fan it literêr radioprogramma It literatuerfabryk by de Ljouwerter lokale omrop Radio Mercurius.

Der ferskynde ek wurk fan him yn it boek Inkijk – interieurs in de Hollanderwijk.

Njonken it skriuwen is Jansma ek filmmakker. By syn debútbondel kaam al in DVD út mei in seistal koarte films en foardrachten, troch de dichter sels foarlêzen. De bypassende muzyk/soundscape waard makke troch de Rebound Boogie Bent en de tenorsaksofonist Hans Wijnbergen. Dyselde Hans Wijnbergen spile ek in rol by de poëzymasine dy't Jansma fersoarge yn it ramp fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Yn 2007 waard de ferfilming fan it fers dat der hjoed in mage iepene waard draaid op it Noardlik Filmfestival. Op datselde festival wie mear wurk fan him te sjen, lykas yn 2018 doe't dêr de animaasje Woesj! (by it aksjeboek Wapper) dêr draaid waard. Yn 2008 waard syn animaasjefilm in seemansferhaal draaid op ferskate filmfestivals. Dêrnjonken hat omrop NPS cultura de film útstjoerd.

Boarnen foar dit artikel
[1] Hidde Boersma, Ensafh. 07-03-2009
[2] Harmen Wind, LC 13-03-2009 (diel 1 en diel 2)
[3] Rieuwert Krol, Ensafh. 02-05-2009
[4] Sietse de vries, LC 18-09-2015
[5] Eppie Dam, LC 25-09-2015
[6] Paul van Dijk, De Moanne 28-09-2016

Bibliografy

Poëzy
2008: Wa’t tate seit moat ek whisky sizze
2015: As nomaden yn tinten teplak - Als nomaden in tenten terecht

Berneboeken
2016: Wapper (yllustraasjes fan Yke Reeder)

Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)

Prizen
2006: Rely Jorritsmapriis (gedicht - Dat minsk berne waard)
2011: Rely Jorritsmapriis (gedicht - Dagen ferwaaie)
2012: Rely Jorritsmapriis (gedicht - Oprop oan alle Friezen)
2021: Rely Jorritsmapriis (gedicht - It Waad)

Mear ynformaasje

Eigen webside Sytse Jansma
Hedwig Terpstra, Ensafh. 26-11-2010 (fraachpetear)
Poetry in Motion, 22-05-2019 (Oerwâldwurd)
De Moanne, 01-07-2022 (oer ynhâld earste literêre bank)
Ensafh 04-07-2022 (oer jansma nei festival Transpoesie)

©Tresoar, 06-07-2022

(foto auteur: Tresoar, Hans Jellema)