Berne: 15-10-1962, Grins

Libben en wurk

Alpita (Aaltje Pietertje) de Jong waard yn 1962 berne yn Grins. Har âldere broers en suster wiene yn Ljouwert berne en thús waard Frysk praten. Doe’t se seis wie ferfarde de húshâlding nei Voorschoten by Den Haach. Nei har stúdzje Nederlânske Taal- en Letterkunde en Algemiene Literatuerwittenskip yn Leien folge se in oanfoljend programma Italjaanske Taal- en Letterkunde. Sûnt 1998 publisearret se oer Fryske literatuer.

Yn 2000 kaam se mei in bondel Italjaanske ferhalen, oerset yn it Frysk, en mei de histoaryske blomlêzing Fries stamboek 500 jaar proza uit Friesland, in seleksje fan Frysk proaza yn it Nederlânsk.

Yn 2003 wie se lid fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis. Se wurke as dosint Fryske letterkunde en kultuerskiednis oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre dêr yn 2009 op in proefskrift oer Joast Halbertsma syn kontakten mei oare taalgelearden yn Europa.

Yn 2018 publisearre se in wiidweidige biografy oer Joast Halbertsma. Monica Soeting [1] hjiroer: 'Uiteindelijk is Halbertsma de geschiedenis ingegaan als de grondlegger van de Friese literatuur en als Fries schrijver. Ten onrechte dus, meent De Jong: die kwalificatie doet geen recht aan zijn internationale oriëntatie, zijn veelzijdig schrijverschap en zijn inspirerende ideeën over eenheid in verscheidenheid. 'In Halbertsma kwam veel samen,' concludeert De Jong. Maar ze voegt daar meteen aan toe: 'Soms wat al te veel misschien.' Dat laatste geldt bepaald niet voor dit boek: hulde aan de biografe die Halbertsma in een intrigerende en vlot geschreven biografie aan een breed publiek voorstelt, en lof voor de uitgeverij die het aandurfde een zo dik en rijk vormgegeven boek te publiceren'. Gerben de Vries [2] seach as it om de kwaliteit giet twa kanten oan dizze biografy: 'De kracht en de swakte fan de oanpak fan De Jong lizze beide yn de hiel detaillearre beskriuwing fan it libben fan Joast Hiddes Halbertsma. Jo fernimme op dizze wize wat in wurksum minsk yn syn of har libben allegear wol net dwaan kin. Halbertsma koe in hiel protte ballen tagelyk heechhâlde. De swakte fan dizze opset (‘the devil is in the details’) is dat foar De Jong alle aspekten fan Halbertsma like wichtich binne. De hiele lange beskriuwingen fan bûtenlanske besites oan lang net altyd nijsgjirrige minsken bygelyks hiene foar in grut part weilitten wurde kind. Dat hellet de faasje wolris wat út it boek.'

Yn 2022 waard dit boek bekroand mei de dr. Joast Halbertsmapriis [3].

Ta beslút is Alpita de Jong oersetter en skriuwer foar ferskate letterkundige ynstellingen.

Boarnen foar dit artikel
[1] Monica Soeting, Trouw 10-06-2018 (besprek Joost Halbertsma 1789-1869)
[2] Gerben de Vries, De Moanne 12-02-2020 (besprek Joost Halbertsma 1789-1869)
[3] Sietske Poepjes, taspraak by útrikking Dr. Joost Halbertsmapriis

WURK

Ferskaat
2000: Fries stamboek, 500 jaar proza uit Friesland (gearstalling)
2009: Knooppunt Halbertsma: Joast Hiddes Halbertsma (1789 - 1869) en andere Europese geleerden over het Fries en andere talen, over wetenschap en over de samenleving
2018: Joost Halbertsma 1789-1869 - Triomfen van een uitmiddelpuntig man (biografy)
2020: De predikant en de Boeddha (werútjefte fan 1843)

Oersettingen
2000: Under de minsken - njoggen ferhalen (út it Italiaansk)

Nominaasjes
2022: Dr. Joast Halbertsmapriis foar Joost Halbertsma 1789-1869 - Triomfen van een uitmiddelpuntig man

Prizen
2022: Dr. Joast Halbertsmapriis foar Joost Halbertsma 1789-1869 - Triomfen van een uitmiddelpuntig man

Mear ynformaasje
Eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Jan Auke Brink, FD 31-01-2020 (oer De predikant en de Boeddha)
Omrop Fryslân, 31-03-2022 (n.o.f. takenning Dr Joast Halbertsmapriis)

©Tresoar, 10-04-2022