Berne: Oranjewâld, 22-02-1969
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Mei it takennen yn 2012 fan de twajierlikse literêre Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan dewrâld, hat Ferdinand de Jong de erkenning krigen dat er in betûft skriuwer foar in breed Frysk publyk is. De skriuwer is boeresoan en waard grut yn Oranjewâld. Hy folge de Legere en Middelbere Lânbouskoalle. Nei syn oplieding wurke er earst in skoft as produksjemeiwurker by it suvelfabryk yn Wolvegea en letter by Koudijs yn de produksje fan feefoer. Doe't er dêr syn nocht fan hie, sette er útein as zzp-er. De Jong docht no as selsstannich behearder it ûnderhâld fan sawol de grêven as de begroeiïng fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. Njonken syn eigen webloch Stikelstekker skriuwt er û.o. alle wiken in column foar Omrop Fryslân. Dêrneist hat er it inisjatyf nommen om de Sutelaksje yn fernijde foarm nij libben yn te blazen. Ek yn de sportwrâld (fuotbal en iishockey) is er in bekende ferskining.
Syn debútroman Guozzeflecht ferskynde yn 2010 en is in detective. It boek bestiet út trije dielen, dy’t har op ferskillende plakken en yn meardere jierren (1949, 1953 en 1979) ôfspylje. Oan de ein fan it ferhaal wurde dy op in ferrassende wize mei elkoar ferbûn. Ferdinand de Jong hat dit boek skreaun mei stipe fan it projekt Skriuw fan It Skriuwersboun. Oer dy stipe seit er yn in fraachpetear mei Hedwig Terpstra [1] fan Ensafh (ûnder de titel We moatte grutsk op it Frysk wêze!): ‘Foar begjinnende skriuwers is soks echt hiel goed en nuttich. Je leare der in soad fan en by it twadde boek ha je dêr profyt fan.’
Oer syn twadde boek It dak fan de wrâld wurdt yn it sjueryrapport fan de Rink van der Veldepriis [2] it folgjende sein. ‘It winnende boek is sadanich flot skreaun, dat wy tinke dat it gaadlik is foar in breed publyk. It is ek leechdrompelich en dat is wichtich foar jonge en nije Frysklêzers. It boek is spannend en nimt de lêzer mei, oan de ein ta. De opbou is nijsgjirrich, de berchtochten dy’t yn it boek makke wurde binne tige byldzjend beskreaun.’ Opbouwende krityk wie der fan de sjuery oer de intime sênes, dy’t troch de skriuwer wolris wat knoffelich werjûn waarden. Mar al mei al: literêr Frysk proaza foar in breed publyk. Dat is it sjenre dat De Jong sels ek graach lêst. Hy is dan ek in grut leafhawwer fan it wurk fan Rink van der Velde (njonken de boeken fan Hylke Speerstra en Durk van der Ploeg), hat hast alle boeken fan Van der Velde yn ’e kast te stean en de personaazjes út syn eigen boeken ha wol gauris oerienkomsten mei dy fan Van der Velde: net al te autoriteitsgefoelich, faak wat ûnder en boppe de wet en gauris in bytsje bûten it wenstige.
Yn earderneamd fraachpetear mei Hedwig Terpstra seit De Jong oer syn skriuwen: ‘Ik skriuw eins allinnich winters; simmers as ik it ûnderhâld op de begraafplakken doch tink ik wol nei oer wat ik skriuwe wol en betink ik ek ferhalen. Ik haw no trije boeken yn trije jier útjûn, mar ik wit noch net oft ik dat de kommende jierren sa folhâld.’
De earste oanset ta syn tredde boek De lêste trúk hat De Jong hiel tapaslik skreaun yn it arkje fan Rink van der Velde by de Feanhoop. Hy bliuwt mei dy roman op it paad fan de misdied. Besprekker Doeke Sijens [3] fûn it ferhaal ‘op in betûfte wize ta in kreas ein brocht’ en skreau yn syn besprek: ‘It nije boek fan Ferdinand de Jong sil ferromming jaan oan dejingen dy’t miene dat de Fryske literatuer tsjintwurdich allinne noch bestiet út geef en dreech skreaune boeken fan âlde skriuwers.’
De fjirde roman fan De Jong, Bedoarne hannel, waard útbrocht yn 2014. Yn dit boek draait alles om de ûntfiering fan Aukje, dochter fan priveedetective Jan syn eks. Geandewei docht bliken dat ferskeidene minsken om Aukje hinne in dubieuze rol spylje. Geart Tigchelaar [4] seach in meinimmend boek mei ek in pear ûnwierskynlikheden. Hy konkludearre: 'Om jin meinimme litte te kinnen mei it boek, moat men net al te folle neitinke en gewoan yn it boek dûke. Dan krijt men in spannend en flot lêsber ferhaal foar eagen.'
Begjin 2015 foel it promoasjeprojekt 'Bus fol ferhalen' fan Boeken fan Fryslân net goed by De Jong. Hy makke beswier tsjin it yn syn eagen fergees beskikber stellen fan syn wurk yn Fryske bussen en foel der benammen oer dat er net ynljochte wie. Om dy reden stapte er op by syn útjouwer Friese Pers Boekerij om fierder te gean by útjouwerij Bornmeer. Dêr brocht er yn datselde jier De Nova Scotia Staazje út, in boek mei as ûnderwerp in staazje-perioade fan de achttjinjierrige Freark Fritsma op in pleats yn Kanada en syn fierdere wjerfarrens. It boek, yn ien lange haal skreaun, is in ferslach mei in soad autobiografyske eleminten. Meindert Reitsma [5] oer dit boek: 'Foar jonge lêzers, lykas dy fan Y-Skrift Skanomodu, sit de wearde fan it boek, neist oansluting by de belibbingswrâld fan de haadpersoan, him benammen yn de skriuwstyl fan De Jong. It boek is frij maklik benei te kommen, wat it tagonklik makket foar minsken dy’t net faak Frysk lêze.' Doeke Sijens [6] hie fjouwer stjerren oer foar De Nova Scotia Staazje. Hy priizge it boek om de details en de beskriuwing fan de ynfloed dy't it hurde bestean yn Kanada op de jonge haadpersoan hat: 'De wize wêrop't de skriuwer sjen lit hoe't sa'n jonge jonge troch dy spikerhurde boerelju knoeid wurdt, makket noch mear yndruk'.
Twa jier nei De Nova Scotia Staazje folge De Jong syn sechsde roman De tredde perioade. Om dit boek skriuwe te kinnen, sette de skriuwer ôf nei it noarden fan Sibearië. Dêr lit er him it ferhaal fan in oan leger wâl rekke luitenant út it Russyske leger ôfspylje. Rodion Zakirov besiket om de tried wer op te pakken yn it hege noarden. Dêr moetet er in stewardess mei wa't er in realaasje krijt. Har soan wol graach iishockeyer wurde, in doel dat Rodion oansprekt. Doeke Sijens [7] fûn dat De Jong alles om it ferhaal hinne, lykas de kjeld en it iishockey, 'leafdefol' en ek sekuer en byldzjend' beskriuwt, tagelyk wie er fan betinken dat it ferhaal sels in 'bytsje spanning' hat en ek dat de haadpersoanen 'net botte yngeand' beskreaun wurde. Jaap Krol [8] wie it fierhinne mei Sijens iens. Hy seach in roman mei 'meardere gesichten'. Wat de beskriuwing fan de regio oanbelanget, soene je De tredde perioade 'in reisboek' neame kinne, de wiidweidige útlis oer iishockey kinne dan suver, sa stelt er him foar, beskôge wurde as 'ynliedings foar de leek'. Dêrby komt it ferhaal sels wat yn 'e knipe: 'De Jong set yn mei in pear spannende triedden, mar dy drama's rinne nei in foarsisber ein'.
Ein 2021 waard bekendmakke dat De Jong it Frysk Kadoboek 2022 skriuwe sil. Dit boek, De oarloch fan Jan Snip, waard publisearre ta gelegenheid fan de boekewike fan 2022.
Boarnen foar dit artikel
[1] Hedwig Terpstra, Ensafh. 14-09-2012
[2] Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2012
[3] Doeke Sijens, LC 27-07-2012
[4] Geart Tigchelaar, Ensafh. 13-10-2014
[5] Meindert Reitsma, Y-skrift 09-12-2015
[6] Doeke Sijens, LC 19-02-2016
[7] Doeke Sijens, LC 06-04-2018
[8] Jaap Krol, FD 16-06-2018
Bibliografy
Proaza
2010: Guozzeflecht
2011: It dak fan de wrâld
2012: De lêste trúk
2014: Bedoarne hannel
2015: De Nova Scotia staazje
2018: De tredde perioade
2021: De museummoard
2022: De oarloch fan Jan Snip (kadoboek Fryske boekewike 2022)
Prizen
2012: Rink van der Veldepriis foar It dak fan de wrâld
Mear ynformaasje
Eigen Bloch Stikelstekker
Sietse de Vries, LC 16-02-2018 (fraachpetear n.o.f. ferskining De tredde perioade)
©Tresoar, 26-10-2022