Berne: 18-06-1952, Aldetrine

Libben en wurk

Hanneke de Jong is berne op 18 juny 1952 yn Aldetrine. Doe't se trije jier wie kamen se yn St. Nyk te wenjen, har heit waard dêr haad fan de legere skoalle. Hanneke folge de fuotleasten fan har heit en waard ûnderwizeres. Har earste baan yn it ûnderwiis krige se yn Beusichem yn 'e Betuwe. In jier letter waard se beneamd oan de Hjerre Gjerritsskoalle yn Grou. Nei't se troude en mem wurden wie, stapte se út it ûnderwiis. Se sette doe útein mei de stûdzje Frysk, helle earst de legere en dêrnei de twadde graads akte. Letter krige se in baan as learares Frysk oan skoallemienskip Slauerhoff yn Ljouwert. Se wurket no op de ôfdieling PR & Kommunikaasje fan skoallemienskip Piter Jelles.

Skriuwster
Skriuwe hat Hanneke de Jong eins har hiele libben al dien, as bern stjoerde se faak stikjes op foar de berne-pagina yn de Friese Koerier. Yn har Grouster tiid begûn se mei it skriuwen fan mearkes. Dy waarden opfierd by de Sint Piterfeesten, by guon opfierings hie Hanneke de Jong sels de rezjy. Nei it earste mearke ‘Tusken tolve en ien oere’ krige se de smaak fan it mearkeskriuwen te pakken en yn de jierren dêrnei skreau se noch fjouwer. Mei Simy Sevenster skreau se twa revues: yn 1994 Segen mei it jild en yn 1998 500!!!.

Nei it skriuwen fan mearkes woe se wat oars en begûn se mei berneboeken en út en troch ris in koart ferhaal. Yn 1990 wûn se mei in ferhaal de Rely Jorritsmapriis. Har earste berneboek De kraan seit: drip ferskynde yn 1992 by de Afûk yn de rige ‘Foar begjinnende lêzers’. Har folgjende berneboeken kamen út by de Koperative Utjouwerij: Tsienfersnellingen (1994) en Aanst as it tsjuster is (1995). De griene fretop ferskynde as nûmer tsien yn de rige ‘Ljochtmoanneboekjes’ by it 25-jierrich bestean fan de KU (1995). Yn 1996 kaam Ik ha it altyd dien út en it jeugdboek De lêste brief yn 1999.

De lêste brief
en fierder
De lêste brief
wie in tige suksesfol boek. It waard yn juny 2000 troch de Fryske Jeugdboekesjuery útkeazen ta it bêste lêsboek fan dat jier en Hanneke de Jong krige der de Sulveren Spjelde foar. Se fertaalde it boek sels yn it Hollânsk en stjoerde it op nei Utjouwerij Van Goor yn Amsterdam, dy wiene entûsjast en yn 2002 kaam de Hollânske ferzje op 'e merk. Ek dy oersetting waard yn 2002 bekroane, en wol mei in earfolle fermelding fan de Gouden Zoen sjuery, in priis ynsteld troch de CPNB (Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek) as ûnderdiel fan in jeugdboekenkampanje. Omrop Fryslân, Productiehuis 'n Meeuw en GCO Fryslân bewurken it boek ta in multimediaprojekt, bedoeld as promoasje fan boeken en rjochte op de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis. It stik, spile troch Lianne Zandstra, Tamara Schoppert en Nynke Heeg gie ein 2004 op toernee en waard besjoen troch sa'n seistûzen taskôgers.

De jeugdroman Sterke skouders ferskynde yn 2004, haadpersoan yn dat boek is de 16-jierrige hafû-learling Willem. Willem komt fan Texel, mar hy wennet by syn pake en beppe oan 'e wâl. Hy wol neat mear mei syn heit en mem te krijen hawwe om wat der bard is doe't hy noch in lyts jonkje wie. It boek behannelet de syktocht fan Willem nei wat der yn it ferline bard is, tagelyk is it in syktocht nei syn heit. Yn 2005 kaam by Van Goor de Hollânske ferzje Sterke schouders út. De Jong hat it boek yn beide talen om en om skreaun, foar har wie dat in goede wize fan wurkjen; as it soms yn de iene taal net gong sa as sy dat graach woe, dan slagge dat yn de oare faak wol. Sterke skouders is pleatst op de IBBY list of honour 2006 (International Board on books for Young People), dat betsjut dat it ynternasjonaal rekkene wurdt ta de kwalitatyf bêste jeugdliteratuer. Yn 2004 frege de Stichting It Fryske Boek Hanneke de Jong om it aksjeboek foar bern foar de sutelaksje en de Berneboeketiid 2005 te skriuwen. Dat boek De betoverhoed, yllustrearre troch Babs Wynstra, ferskynde simmer 2005.

Mei Salsafamke út 2008 skreaun De Jong op ’en nij in jeugdboek dat der goed ynfoel, sawol by de lêzers as by de sjuery fan de Simke Kloostermanpriis, dy’t it boek yn 2010 bekroande. Nei in ûngemak wie se in oantal jierren net ta skriuwen by steat. Pas yn 2016 brocht se wer in nij jeugdboek út: Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. Hjiryn besiket in famke (marike) mei ADHD in feest te regeljen foar har mem dy't fjirtich wurdt. It boek waard yn 2016 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis.

Yn 2015 wie Salsafamke it meast besjoene boek op de Fryske ôfdieling fan Lezen voor de lijst.

Wurk

Berneboeken
1992: De kraan seit: drip
1994: Tsien fersnellingen
1995: Aanst as it tsjuster wurdt
1995: De griene fretop (Ljochtmoanneboekje nr. 10)
1996: Ik ha it altyd dien
2000: De geasten fan Sjaerdemastate
2005: De betoverhoed (aksjeboek foar bern 2005, foar Stichting It Fryske Boek)
2006: It ear fan Sven
2008: Mira en de betoverhoed (oersetting fan De betoverhoed)
2009: Radio Afke
2017: Gers op it dak
2017: Heksegrytta
2018: De Bonsterkes op 'e terp (aksjeboek mei Linda de Haan)
2019: Yn de rimboe (Sweltsje-rige)
2019: Gers op it dak 2 (Sweltsje-rige)
2020: It ferbeane boek

Jongereinboeken
1999: De lêste brief (2e pr. 2003)
2002: De laatste brief (oersetting troch skriuwster sels)
2004: Sterke skouders (2de pr. 2014)
2005: Sterke schouders (oersetting troch skriuwster sels)
2008: Salsafamke
2009: Salsameisje (oersetting troch skriuwster sels)
2010: Time-out (Nederlânsk, tegearre mei Dolf Verroen)
2010: Weg met de jongens (Leopold)
2013: Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
2014: Dertien dagen om een spetteren feest te organiseren
2016: Wês net bang (mar wol foarsichtich)
2020: Sis my wa't ik bin
2022: Wat het hele dorp wist

Toaniel

1990: As de noardewyn gûlt (Sinteklazemearke)
1992: It swurd fan Grutte Pier (Sinteklazemearke
1993: Tusken tolve en ien oere (Sinteklazemearke)
1993: Kroezels yn trollebollebosk (Sinteklazemearke)
1994: Doe't de mûtse fan de kening skeef stie (Sinteklazemearke)
1994: De segen mei it jild (mei Simy Sevenster, nijjiersrevue)
1998: 500!!! (mei Simy Sevenster, nijjierssrevue)

Prizen
1990: Rely Jorritsma-priis foar ferhaal It wetter oan 'e lippen
2000: Sulveren Spjelde berneboekesjuery foar De lêste brief
2002: Gouden Zoen van de CPNB (Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek) foar De laatste brief
2006: Plak op de IBBY list of honour (International Board on books for Young People) mei Sterke skouders
2010: Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke
2016: Simke Kloostermanpriis foar Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen
2017: White Raven foar Wês net bang

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Gerbrich van der Meer, fraachpetear by takenning Simke Kloostermanpriis 2016, FD 18-05-2016
Sietse de Vries, idem, LC 20-05-2016
Brosjuere 10 books from Friesland 2016
Elisabeth Hietkamp, FD 06-10-2018 (besprek De Bonsterkes op 'e terp)
Portret yn Skriuwerslibben (Omrop Fryslân) út 2002
Randy Leidelmeijer, FD 07-05-2022 (oer Wat het hele dorp wist)

©Tresoar,08-06-2022