Berne: 06-10-1884, Wolsum
Ferstoarn: 30-01-1982, Jelsum

Libben en wurk

Hoatse (Hotze) de Jong waard berne as boeresoan op in pleats te Fiifhûs ûnder Wolsum. Hoatse wie de twadde soan fan Pier Piters de Jong (1851-1919) en Mentha Carolina Noordenbos (1858-1949),  nei him kamen noch twa susters. Ut it earste houlik fan syn heit wie der noch in  âldere healbroer. Hoatse syn jongesjierren wiene, troch omstannichheden thús, net harmoanysk. Syn heit kaam út in wolstelde boerefamylje. Troch skeel yn de famylje moast er fan de pleats dêr’t er tweintich jier buorke hie en in tal jierren letter ferlear er syn kaptaal troch it fallyt fan it kassierskantoar dêr’t er syn jild oan tabetroud hie. Hoatse hat, omdat syn âlden faak ferhuzen, op fjouwer ferskillende legere skoallen sitten. Letter binne syn heit en mem útelkoar gien. Syn heit gie as boerearbeider nei Dútslân, dêr’t er yn 1919 ferstoarn is.

Grut wurden op in pleats hie Hoatse de Jong mar ien doel doe’t er sels de kost fertsjinje moast; by in boer oan it wurk. As jonge fan fyftjin rekke er as boerefeint nei de pleats fan Baarda yn Jelsum. Hy is der seis jier bleaun. Yn 1910 troude er mei Grytsje Kooistra fan Jelsum (1881-1957), se krigen tegearre in soan en in dochter. Yn 1916 en 1917 folge De Jong ûnderwiis oan de Ryks Lânbou Winterskoalle te Ljouwert. Twa jier letter kaam er as laborant yn Leiden te wurkjen, letter waard er oerpleatst nei Rijswijk. Doe’t it fabryk yn Rijswijk opheven waard kaam de Jong werom nei Jelsum, dêr’t syn frou en bern noch hieltyd wennen. De jierren dêrnei wurke er as boerearbeider, ûnder oaren by de widdo fan boer-dichter Jan Linses van der Burg.  Fan 1934 oant 1949 wie er yn tsjinst fan de fiedselkommisaris fan Fryslân. Ta syn taken hearde it keallesketsen en biggemerken. Dêrfoar reizge er, op ’e fyts, gâns in hoeke fan Fryslân troch. Doe’t er 65 waard koe er ophâlde mei arbeidzjen, mar dat wie neat foar him, hy hat oant syn 81ste as los arbeider tsjinne op deselde pleats te Jelsum dêr’t er as jonge fan fyftjin begûn wie. Dêrnei wijde er him oan syn hobby’s: skriuwe, einekuorren meitsje foar de fûgelwacht, houtsnije en boartersguod timmerje, kuierje en fytse. Op 30 jannewaris 1982 is Hoatse de Jong ferstoarn, op de leeftyd fan 97 jier.

Skriuwer
Op syn 35ste jier debutearre Hoatse de Jong as skriuwer mei it ferhaal ‘Heger op’ yn wykblêd Sljucht en Rjucht (1920). As jonkje hie er himsels Frysk lêzen en skriuwen leard troch it lêzen fan datselde blêd. Nei dat earste ferhaal publisearren ek It Heitelân en Frisia geregeldwei koarte ferhalen en ferfolchferhalen fan syn hân. Yn de ferhalebondel Fryske sketsen (1934), mei wurk fan û.o. R. Brolsma, D. Kalma, U. Van Houten, B.S. Pollema en B. Tuinstra waard ek it ferhaal ‘It famke’ fan De Jong opnommen. Yn de Leeuwarder Courant hie er fan 1928 ôf ûnder it pseudonym ‘Swalker’ in rubryk mei de titel ‘Fan it Fryske hiem’. Yn ’e oarloch hold er dêr mei op omdat de krant doe yn ferkearde hannen kaam.

Nei de oarloch skreau er in soad foar Frysk en Frij en it Fries Landbouwblad. Syn earste roman, Op Wyldskar, ferskynde yn 1948, twa jier letter folge troch de roman Hester Holkema. Syn bekendste en meast suksesfolle roman, Trude - roman fan in hynder kaam út yn 1953. It boek is fjouwer kear werprinte, de lêste kear yn de rige Fryske Klassiken (1994). De beide ferfolchferhalen, Yn it sicht fan de Aldehou (1933) en En de tijen komme en gean (1941), pleatst yn Slucht en Rjucht, binne respektivelik yn 1966 en 1970 as boek útkaam. Hoewol’t Hoatse de Jong al 35 jier wie doe’t er debutearre, hat syn skriuwerskip dochs sa’n 60 jier omfieme.

Meiínoar hat er trettjin romans, in berneboek, in ferhalenbondel en in skiednisboekje oer Jelsum skreaun. Njonken syn grut tal publikaasjes yn kranten en tydskriften skreau er ek noch in oantal toanielstikken en revu's. De Jong socht syn ûnderwerpen yn it boerelibben en yn it hâlden en dragen fan de bewenners fan de pleatsen, boeren, fammen en arbeiders. Syn grutte kennis fan saken oangeande syn ûnderwerpen en syn leafde foar it boerebestean meitsje foar in part de wearde fan syn wurk út. Dêrnjonken krige er altyd wurdearring foar syn byldzjende ferteltrant en foar syn behearsking fan it Frysk. Minder each hie De Jong foar de komposysje fan in ferhaal en foar de psychologyske ûntwikkeling fan syn haadpersoanen. Ek politike ûntwikkelingen en maatskiplike omstannichheden komme mar sydlings yn syn boeken en ferhalen foar. De kar fan syn ûnderwerpen bleau ek altyd deselde. 

Wurk

Romans

1948: Op Wyldskar (2e pr. 1970)
1950: Hester Holkema (2e pr. 1976)
1953: Trude - roman fan in hynder ( 2e pr. 1957; 3e pr.
1977; 4e pr. 1994 yn rige Fryske Klassiken, 5e pr. 2011)
1960: Tarzan
1966: En de tijen komme en gean
1970: Yn it sicht fan de Aldehou
1972: Dieke Oevering
1978: Rudmer Deinum
1981: Ear’t de sinne ûndergiet (2e pr. 1982)
1981: Yn it lij fan ’e dyk
1983: Ruerd Romkes
1987: Gabe : ferhaal fan in feint
1989: De tiid holp mei / Skaadkant fan it libben (dûbelroman)

Ferhalebondel
1973: Kar út ’e romte (samle en mei ynlieding fan E.S. de Jong)

Berneboek
1974: De reis fan Tyske (2e printinge 1981)

Ferskaat
1965: Jelsum troch de tiden hinne

Toaniel (in seleksje)
1929: En do’t de Krystklok lette... (toanielstik yn 4 bidriuwen)
1935: Tekstboekje fen Frjeonskipsfearren: biwirke nei âldere en nijere stikken

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 01-05-2019