Berne: 17-05-1942, Wânswert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Simen de Jong is berne yn Wânswert en waard grutbrocht yn Boalsert. Hy gie nei de middelbere skoalle yn Snits (Bogerman Lyceum) dêr’t er ôfstjoerd waard omdat er sa’t er it sels seit ‘net klikke woe’. Sa bedarre er op de Kweekskoalle. Nei ûnderwiis- en hotelwurk yn Ingelân studearre er psychology yn Grins en Amsterdam. De Jong krige wurk yn de jeugdsoarch en as koördinator fan it flechtlingewurk. Mar ek wurke er as ûndersiker en sjoernalist. Foar Amsterdam Kabouterstad siet er twa kear yn de gemeenteried (1970-1974).
Skriuwerij
Simen syn heit Eelke Simens de Jong wie ien fan de driuwende krêften yn de KFFB en ek skriuwer. It promoasjewurk en de skriuwerij die syn heit altyd neist syn wurk as learaar, dûmny, ferslachjouwer foar de Boalserter krante en yllustrator. Thús en ek letter hie De Jong earst gjin oanstriid om mei skriuwen te begjinnen, miskien wol om’t syn heit der dei en nacht mei dwaande wie. Simen de Jong hie nea tocht dat er it sels ek koe en woe. Yn in fraachpetear mei Bram Buruma (Fleanende Krie nr. 146, sept. 2005) seit er dêroer: ‘Mar taal rekke my altyd wol. Dêrom spyt it my no ek dat ik der net earder wat mei dien haw.’ Oer de warberens fan syn heit: ‘Hy siet by ús yn ’e keamer oan ’e tafel as wy oant spultsjedwaan wienen of sieten te kwebbeljen. Hy makke dan in stik klear foar de krante of der wie lang om let wer in boek fan him klear. Ik freegje my no noch hieltyd of hoe as dy man dat sa dwaan koe. Ik kin sels sa absolút net wurkje, ik moat der echt foar sitten gean en my weromlûke om wat op papier te krijen.’
Nei oanlieding fan it houlik fan de kroanprins yn 2002 skreau Simen de Jong de parabel Een geur van verlangen.
Syn debútroman De lêste halte is basearre op neilitten oantekens fan syn heit en giet oer in feridele moardoanslach. It is teffens in oade oan Gysbert Japix. Troch it skriuwen fan dat boek kaam de skriuwer hiel ticht by syn heit. Hy sei dêroer: ’Ik tink ek dat heit glimket no’t syn soan dit boek foar him ôfmakke hat…’ It boek is skreaun ûnder it pseudonym Simen Oetie, dat er brûkt foar Fryske teksten. Dy namme leit ticht by him, omdat er himsels sa neamde as beuker. Yvonne Dijkstra [1] wie net al te posityf oer benammen de opset: 'Ik koe sa no en dan gjin tou fêstknoopje oan dit ferhaal'. It boek siet neffens har te fol mei alderhande figueren en ferhaallinen. Wol hie se lof foar de styl dêr't it boek yn skreaun is.
Yn twee, dat ferskynde yn 2010, beskriuwt er mei ko-auteur Klaas Rusticus harren freonskip, yn de kweekskoalletiid. Yn datselde jier ferskynde It libben in dream, in ferhalebondel. Jaap Krol [2] neamde dizze útjefte 'slagge', al gie dat net op foar alle ferhalen. Benammen oer De pion ('spannend') en Leafde hâldt skoft wie er goed te sprekken. Krityk hie er op redaksje en útfiering: 'In boek is noch altyd in boek - en gjin pak ynbûne stinsels'.
Yn 2016 publisearre De Jong in boek oer de skilder Alma-Tadema en syn dochter by útjouwerij Aspekt.
Fierder skriuwt er koarte ferhalen – ‘autofiktive ferhalen’ sa neamt er dit sjenre – opnommen yn de literêre tiidskriften Trotwaer, De Moanne en Ensafh.
Boarnen foar dit stik
[1] Yvonne Dijkstra, FD 04-02-2006
[2] Jaap Krol, FD 19-02-2011
Bibiografy
2001: Een geur van verlangen (parabel)
2005: De lêste halte (roman)
2010:Twee (kearboek), mei Klaas Rusticus
2010: It libben in dream (roman yn ferhalen)
2016: Alma-Tadema, Vader en dochter, schilder en schrijfster
2019: Onderweg in 12 verhalen (reisverhalen)
Ferskaat
2016: De laatste halte (oersetting De lêste halte)
Literêre prizen
2009: Rely Jorritsmapriis, ferhaal Leafde hâldt skoft
2012: Rely Jorritsmapriis, ferhaal Woldien yn Hylpen
2014: Rely Jorritsmapriis, ferhaal Oer wurd en dea
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, fraachpetear LC 26-03-2010 diel 1 en diel 2 (by de publikaasje fan Twee)
Eigen webside
©Tresoar, 22-05-2019