Berne: 12-02-1935, Ljouwert
STOARN: 31-08-2018, BURGUM
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Steven Hotse Pieter de Jong waard berne te Ljouwert op 12 febrewaris 1935 en is op 31 augustus 2018 ferstoarn. Nei syn ûnderwizersoplieding oan de kristlike kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert stie er in jiermannich yn Surhuzum oan skoalle. Yn 1964 sette De Jong yn Grins útein mei de m.û.-stúdzje Nederlânsk. Dêrnei wie oant syn pinsjoen as learaar Nederlânsk ferbûn oan de kristlike skoallemienskip it Lienward kolleezje yn Ljouwert.
Wurk
As Frysk dichter debutearre er yn it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras. Yn de lette sechstiger jierren doe’t de jongere skriuwers rebûlje makken tsjin de âldere generaasje, wie Steven de Jong warber foar meardere Fryske tydskriften, earst as lid fan de redaksje dy’t it lêste nûmer gearstalde fan De Tsjerne (1968, 11/12) en letter as redakteur fan it nije blêd Trotwaer. Hy hie sit yn de Trotwaerredaksje fan 1968 oant 1970. Foar Quatrebras skreau De Jong in stikmannich kritiken, mar syn bydrage oan de Fryske literatuer bestie ynearsten dochs benammen út poëzy.
Tusken 1965 en 1988 ferskynden fiif fersebondels fan syn hân. Underwilens wie yn 1980 De maagd fan Babylon útkommen, dêr’t njonken fersen ek ferhalen yn steane. Syn earste roman publisearre De Jong yn 1989. Foar dat boek, De Wuttelhaven del, waard him yn 1992 de Gysbert Japicxpriis takend. It boek Groetenis fan Prakash ferskynde as Frysk Boekewikegeskink fan 2005. Fan Steven H.P. de Jong ferskynden yn 2011 mei de publikaasje fan En de inket sil útrinne syn sammele gedichten, wylst yn 2014 It testamint fan Mr. Dr. K. útkaam, in bondel mei âldere ferhalen en teksten, mar ek mei nij wurk. Om betizing mei de filmmakker Steven de Jong foar te kommen, skriuwt De Jong him konsekwint mei syn tuskeninisjalen H.P. derby.
Dichtwurk
As dichter debutearre De Jong mei eksperiminteel wurk. Humor en irony giene hân yn hân. ‘Ik gie mei de moade mei,’ murk de auteur der sels oer op. Tineke Steenmeijer-Wielinga beoardiele it iere wurk yn de Ljouwerter Krante as ‘roazen dy’t hyltyd stikeliger waarden en gemienere toarnen krigen’. By har besprek fan de bondel 20 lytse românsen stelde se lykwols fêst dat de dichter net langer oerkaam as ‘in dwerse, jonge idealist’, mar mear as ‘in âlder wurden romantikus’. Tiny Mulder sinjalearre yn har besprek fan deselde bondel yn it Friesch Dagblad mear romte foar ‘de mystike kant fan syn dichterskip’.
Ferhalen
Yn syn ferhalen skôget Steven H.P. de Jong de relaasje tusken de swakte fan de minske en de machten dêr’t er mei konfrontearre wurdt. Dy machten kinne drank of drugs, mar ek de dea wêze, bygelyks yn it ferhaal ‘De flok fan Jochem’ oer in bern dêr’t de heit fan ferstoarn is. Dêrby lûke de haadpersoanen, lykas yn de bondel mei ferhalen en gedichten De maagd fan Babylon yn ’e regel oan de koartste ein, fakentiids yn dekôrs as in ferfrjemdzjend lânskip of gebou. Tiny Mulder koe der yn it Friesch Dagblad wol wurdearring foar opbringe, al wist se der net altyd fet op te krijen: ‘Ik mei wol oer kryptogrammen, ek yn myn literatuer. It riedsel yrritearret bytiden, mar it ferfeelt net.’ De gedichten dy’t ek yn dizze bondel opnommen binne, fûn se dêr foaroer ‘oases fan rêst en helderheid’, al hiene dy neffens har itselde tema as de ferhalen. Durk van der Ploeg lykwols hie yn de Ljouwerter Krante gjin goed wurd foar de ferhalen yn dizze bondel oer: ‘Wif symbolisme en sweverich surréalisme.’ In útsûndering makke er foar it ferhaal ‘It mearke fan de Fryske dichter’, dat er ‘in lykwichtige fertelling’ neamde.
De Wuttelhaven del
As romanskriuwer debutearre Steven H.P. de Jong mei De Wuttelhaven del, dat yn 1992 bekroane waard mei de Gysbert Japicxpriis. Yn dizze kaairoman hannelet oer kollaboraasje yn de Twadde Wrâldoarloch. Dêr stiet de fraach by sintraal hoe’t minsken dy’t goed by har ferstân binne dochs beslute kinne út idealisme in ferkearde kar te meitsjen. Neffens de skriuwer sels is it tema fan it boek ek it gefaar fan werhelling: ‘Dêr bin ik bang foar.’ Syn heit en haadredakteur-yn-oarlochstiid fan de Leeuwarder Courant Sybe Douwes de Jong stie as kollaborateur model foar Doede Haaies de Vries, beskreaun út it stânpunt fan syn soan en ferteller Eeltsje de Vries wei. Ek fierder yn it boek wurde in soad persoanen werkenber beskreaun, soms mei har echte nammen as it om bekende figueren as bygelyks Douwe Kalma gie. De haadstikken spylje om en om yn it no en it ferline en foarmje as sadanich tsjinhingers fan elkoar. Anne Wadman is yn Frysk en Frij benammen kritysk oer de haadstikken dêr’t de no-situaasjes yn beskreaun wurde. Hy fynt se gauris ‘ûnreëel beskreaun’ en ‘te keunstmjittich yn de tsjinstelling mei de nazistise ideology fan Doede Haaies de Vries lutsen (heal)Joadse figuer fan David Kingma’. Ek fynt er de lêste fjouwer haadstikken oerstallich: ‘In restante-opromming.’ Jan Wybenga sit op deselde line en is benammen posityf oer de haadstikken dy’t yn it ferline spylje. Alle besprekkers fan dit boek binne it der yn de regel oer iens dat dit in opmerklike roman is. De sjuery fan de Gysbert Japicxpriis sei dêrroer: ‘In roman dy’t ymponearret en ynspirearret.’ Of sa’t Rients de Boer yn it Friesch Dagblad syn besprek beslút: ‘In boek dat lêzen wurde moat en wa wit nochris.’
Letter proaza
In spylman op it binnenpaad út 1999 is opset oan ’e hân fan de tweintich gedichten út de bondel 20 lytse românses. Fan elk gedicht is in ferhaal makke, in imazjinêre dichter (Feike Fidel) ferbynt de ferhalen min ofte mear mei elkoar. Jabik Veenbaas (Ljouwerter Krante) fûn dy konstruksje net oertsjûgjend, de kwaliteit fan de ferhalen te wikseljend: ‘Wol amusant, mar as gehiel te keunstmjittich, te folle in griemmank fan foarmtechnyske fynsten.’ Ek oer de roman Swarte egen hat Jabik Veenbaas sa syn opmerkings. It boek is basearre op in histoarysk gegeven, nammentlik de feroardieling fan Froukje Haaies út Earnewâld ta de deastraf om’t se har bern ombrocht hie. Veenbaas fynt dit boek mear in persiflaazje op in histoaryske roman mei te min sterke sênes om it boek oerein te hâlden. Fanwege dy krityk reagearre Steven H.P. de Jong yn Trotwaer dêr’t er de kritikus typearret as ‘in omfallen boekekast’, ‘in alleswitter’, waans skriuwsels ‘benaud en kultuerferstikkend’ binne.
Yn 2005 skreau Steven H.P. de Jong it boekewikegeskink Groetenis fan Prakash. Yn dit boekje wurdt troch de skriuwer in reis troch Brazilië beskreaun dy’t er mei syn frou Syb makke. Abe de Vries hie yn syn besprek (Ljouwerter Krante) in soad wurdearring foar de ‘flotte, hast nonsjalante wize fan skriuwen’ wêrtroch’t earst ‘net yn it each rint hoe subtyl dit boekewikegeskink yninoar stekt’.
Yn 2014 waard It Testamint fan Mr. Dr. K. publisearre, in bondel ferhalen en teksten dy’t de skriuwer noch te lizzen hie, oanfolle mei nij wurk. Krekt as by In spylman op it binnenpaad hat de skriuwer help ynroppen fan in troch himsels optochte freon, dy’t in ferbinende faktor tusken de teksten foarmet. Likegoed fynt Jaap Krol yn it Friesch Dagblad de bondel net altyd in ienheid, de ûnderwerpen ferskille dêr neffens him te folle foar. Doch sinjalearret er ek ferhalen mei ‘grutte literêre alluere’, lykas it ferhaal ‘De ein’, oer de leafde tusken de Ljouwerter Ytsen en de joadinne Mirjam. Dêrneist hat er wurdearring foar de humor en selsrelativearring fan de skriuwer.
Nei syn ferstjerren waard by útjouwer Palisse noch in bondel mei polemyske teksten en besprekken oer de Fryske literatuer en in stikmannich skriuwers útbrocht ûnder de titel It klaut earne.
Boarnen foar dit stik
Neamde resinsjes
Wurk
Romans
1989: De Wuttelhaven del
1999: In spylman op it binnenpaad
2001: Swarte egen: in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne
2005: Groetenis fan Prakash (in reis troch Brazilië yn it jier 1992)
Ferhalen
1980: De maagd fan Babylon (mei fersen)
2006: Neam my mar Willem (neifertelling fan Van de vos Reinaarde)
2014: It testamint fan Mr.Dr. K.
Dichtwurk
1965: Wankend stomp
1971: Missing link
1975: Popkes tekenje (omslach en oare yllustraasjes fan Hans van der Horst)
1983: 20 lytse românsen
1988: Salto mortale
1995: Gedichten om ’e Aldehou
2011: En de inket sil útrinne - 50 jier poëzij
Oar wurk
2007: Ta in hichte of de balke yn eigen each (monografy oer it literêre wurk fan Anne Wadman)
2018: It klaut earne (De omkearde ferhúsdoaze - diel 2)
Oersetting
1998: Jan Pitersoan Koen - toanielstik yn alve tafrielen (út it Hollânsk nei J.J. Slauerhoff)
Prizen
1992: Gysbert Japicxpriis foar de roman De Wuttelhaven del
Oaren oer Steven H.P. de Jong
1977: Klaes Dykstra, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.131
1985: Frits van der Kuip, Tekst en útlis
1992: Spesjale útjefte fan de KU, oer Steven de Jong en de Gysbert Japicx-priis
Mear ynformaasje
Reportaazje Omrop Fryslân, 2005, boekewikegeskink (sjoch hjirûnder)
Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwer, LC 28-01-2011
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite.
Sietse de Vries, fraachpetear mei de skriuwer, LC 20-01-2017
Piter Boersma, Ensafh. 10-09-2018 (In Memoriam by it ferstjerren fan Steven H.P. de Jong)
©Tresoar, 22-05-2019