Berne: 13-06-1908, Aldeboarn
Ferstoarn: 24-09-1982, Drachten

Libben en wurk

Geart Jonkman wenne de earste jierren fan syn libben yn Aldskoat. Hy ferlear syn heit al op jonge leeftyd, doe’t syn mem letter wer troude ferfear de famylje nei Enschede.

Yn syn jonge jierren hat Jonkman ferskeidene baantsjes hân. Ien dêrfan wie fabryksarbeider. Yn dat fabryk mette er syn earste frou, Gerarda M.A. Egberink, tegearre krigen se twa bern, in dochter en in soan. De soan is ferstoarn doe’t er 22 wie. De dochter hat letter ek fan skriuwen har berop makke, se skreau û.o. lietteksten foar Gert en Hermien Timmerman. Nei acht jier houlik hat Jonkman syn frou ferlitten en is der in skieding útsprutsen. Jonkman gie werom nei Fryslân en kaam yn Appelskea te wenjen. Dêr kaam er yn ’e kunde mei Lamkjen Vondeling, mei har troude er yn 1940.

Nei wer ferskillende banen útbesocht te hawwen, rekke Jonkman yn 1946 by de Leeuwarder Courant oan ’e slach as ynspekteur en as haad fan de akwisysje. Yn 1958, se wennen doe yn Goutum, kaam Jonkman syn twadde frou te ferstjerren.Yn 1959 troude er opnij, no mei Tsjitske Nauta, as skriuwster bekend ûnder de namme Tsjits Peanstra.

Jonkman ferstoar op 13 septimber 1970 te Ljouwert, op de leeftyd fan sechtich jier.

Skriuwer
Yn 1946 debutearre Geart Jonkman as dichter, fersen fan syn hân ferskynden yn de literêre tydskriften De Tsjerne en It Heitelân. Ut dy fersen die fuort al bliken dat Jonkman linich mei de taal omgean koe. Yn technysk opsicht wiene de gedichten tradisjoneel wat foarm, kwatryn en sonnet, en rymskema oanbelange. Yn syn gedichten liet Jonkman sjen wat syn persoanlike driuwfearren wiene, syn opfetting oer it leauwe en oer dichterskip, en de somtiden skynhillige opstelling fan guon minsken en fan inkelde kollega skriuwers. Mar Geart Jonkman skreau ek ûndogenske en stikelige gedichten, dêryn kaam er nei foaren as immen dy’t neat hawwe moast fan it nearzige boargermans-bestean, as immen dy’t syn eigen gong gie, dy’t fûleinich libbe.

De measte yndruk hat Geart Jonkman makke as skriuwer fan proaza, en dan benammen fan koarte ferhalen. Fan him binne sa’n santich ferhalen bekend, inkelde lykas ‘Master E’, hawwe de lingte fan in novelle. Jonkman publisearre syn ferhalen en gedichten yn ferskillende tydskriften lyk as De Stiennen Man, De stim fan Fryslân, De Tsjerne, It Heitelân en Frysk en Frij. Hy debutearre yn boekfoarm mei Frjemde epistels (1951), it bondeltsje mei twa ferhalen ferskynde yn de Reiddomp-rige. Mei Ype Poortinga en Marten Sikkema (G.A. Gezelle Meerburg) publisearre Jonkman de ferhalebondel De Grize oer de grouwe : twaëntweintich forhalen (1958). De bondel De kastleinsdochter en oare froulju kaam út yn 1966, in jier letter folge troch Tusken dream en dea (1967). 18 jier nei syn ferstjerren fersoarge Sytse van der Pol in sammelbondel mei ferhalen fan Geart Jonkman, dy ferskynde yn 1988 ûnder de titel De Moeting.

Yn syn ferhalen toant Jonkman in fassinaasje foar de iensume, opjage minske. Syn haad-persoanen hawwe te lijen ûnder in libbenseangst dy’t fakentiids op in agressive wize in útwei siket. Syn wize fan skriuwen is ekspresjonistysk; it giet om elemintêre konflikten, it draait om de hanneling en net om sielkundige analise.   

Tusken 1956 en 1965 is Jonkman 5 kear in Rely Jorritma-priis takend foar in koart ferhaal. Yn 1950 ferskynden der in tal oersettingen fan bekende mearkes fan syn hân yn in bondeltsje mei de titel De wûndere wrâld : Reakaperke, Sniewytsje en oare ferhalen.

Toanielstikken fan û.o. Molière, Shakespeare, Anouilh en Goldoni binne foar it fuotljocht brocht yn in oersetting fan Geart Jonkman. Geart Jonkman wie ek de auteur fan de sukselfolle strip De zonderlinge avonturen van den Friesen jager Bokke Heidehipper en zijn dorpsgenoten. De strip ferskynde koart nei de oarloch in tal jierren yn De Friese Koerier en is yn 1947 útbrocht yn boekfoarm.   

Wurk

Proaza, ferhalen en novellen
1951: Frjemde epistels
1954: Li Fu en oare ferhalen
1958: De grize oer de grouwe (mei Y. Poortinga en M. Sikkema)
1966: De kastleinsdochter en oare froulju
1967: Tusken dream en dea
1968: Master E.
1988: De moeting: kar-út fan ferhalen

Stripferhalen
1947: De zonderlinge avonturen van den Friesen jager Bokke Heidehipper en zijn dorpsgenoten (2 dielen)
1976: Bearend Barebyt: it alfte ferhaal

Mearkes
1950: De wûndere wrâld: Reakaperke, Sniewytsje en oare ferhalen

Toaniel
1950: Klankbylden út en om de slach by Warns
1982: Sa mar even: boartlik blijspul yn trije bedriuwen

Toaniel (oersettingen)
1961: De nepert (Moliëre)
1964: De fleurige froulju fan Windsor (Shakespeare)
1966: De tolfte nacht of wat jo wolle (Shakespeare)
1967: De skelmstikken fan Scapin (Moliëre)
1967: Dounsjende dieven (Anouilh)
1968: Heibel yn Hylpen (Goldoni)

Prizen
1956: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Ik haw dy leaf, dat is ‘t him)
1959: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De leffert geane de kleuren op en del)
1962: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Et maintenant)
1963: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De residivist)
1965: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: In machtige fint)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Opnamen fan Geart Jonkman by Operaesje Fers

©Tresoar, 22-05-2019