Berne: 29-08-1857, Skearnegoutum
Ferstoarn: 19-01-1889, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Jouwert Jouwertsma (ek wol skreaun as ‘Jouwersma’) wie smid en folksdichter. Hy stride foar sosjaal rjocht. Bekendheid krige er troch syn soldatebrieven dy’t er oan in freon stjoerde. Dêrneist publisearre er yn guon blêden.
Tematyk en resepsje
Jouwert Jouwertsma publisearre syn teksten (sawol proaza as poëzy) benammen yn it Friesch Volksblad, in progressive krante ûnder lieding fan Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra. Soms die er dat ûnder syn eigen namme, mar ek gauris ûnder it pseudonym Auke. Dêrnjonken skreau er út en troch yn it blêd Forjit my net.
Bekendheid krige er troch de brieven dy’t er yn de jierren 1877 en 1878 as soldaat út ‘Hartoggenbosk’ wei skreau. Dy brieven waarden in jier letter útjûn troch Waling Dykstra. It Nederlânske leger stie der yn dy jierren net al te bêst op. Tsjinstplicht bestie net, der waard lotte. Wa’t jild hie, koe him frijkeapje en in ramplesant ynhiere. Jouwertsma syn brieven binne net anty-militaristysk. Hy fertelt oer de deistige gong fan saken mei sinleaze oefeningen, it doelleaze omhingjen en de strieminne foarsjenningen yn de kazernen.
Syn filosofy komt it bêste ta utering yn dizze dichtrigels:
Weits op den lânslju,
lit ús stride!
Net mei gewelt fen fjûr en swird.
De skiednis leart troch alle tiden:
de measte krêft sit yn it wird.
Boarnen foar dit stik
LC 04-11-1972
Materiaal knipselmap, Tresoar
Bibliografy
1877-1896: Ferskaat oan publikaasjes yn boppeneamde blêden
1879: Soldate-Brieven (ûnder it pseudonym Auke)
1972: Werprintinge fan de Soldate-Brieven (yn in spesjaal nûmer fan Trotwaer, mei in ynlieding fan R.A. Faber)
2021: Lang haw 'k net nei skoalle west (besoarge troch Rients Faber)
Mear ynformaasje
DBNL
©Tresoar, 09-09-2021