Berne: 03-11-1951, Drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
Biografy NL
Libben en wurk
Douwe Kootstra is yn 1951 berne yn Drachten, dêr't er ek opgroeide. Hy folge oan de Ryks Pedagogyske Akademy (RPA) de oplieding ta ûnderwizer.
Syn earste beneaming as ûnderwizer krige er oan in basisskoalle yn Eastersee (1974). Op de RPA yn Drachten bedarre er yn in links-liberale Frysksinnige sfear. Dat wie mei beskiedend foar hoe’t er letter yn it libben stie. Nei seis jier ferruile er de skoalle yn Eastersee foar de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Doe’t er 23 jier foar de klas stien hie, wie er ta oan wat oars. Dat waard in funksje by it Taalsintrum Frysk fan it GCO Fryslân yn Ljouwert. Hy wurket dêr yn dieltiid, sadat er tiid oerhâldt foar reizgjen en skriuwen.
Skriuwer
Mei skriuwen wie Douwe Kootstra al begûn tidens syn middelbere skoaltiid yn Drachten, hy skreau foar de Drachtster Courant ferslaggen fan syn eigen fuotbalklub en hy siet yn de redaksje fan de skoalkrante fan de PA. Op de PA rekke er ynteresearre yn it Frysk en yn it ferskynsel twatalichheid; foar ûnderwiisblêd De Pompeblêden skreau er, oan ’e ein fan de jierren santich artikels oer twataligens sa't dy foarkomt yn Brussel, op de Hebriden en yn Sri Lanka. Mei itselde doel reizge er, tegearre mei syn frou Romkje Bosma, yn 1981 nei Roemenië, dat doe noch slim te lijen hie ûnder it bewâld fan Ceaucescu. Troch de skrinende situaasje dêr, dy’t him bot rekke, waard it in folle breder ferhaal as allinnich oer twataligens.
Reisferhalen
It stik oer Roemenië kaam as reisferhaal yn it oktobernûmer 1981 fan kultureel moanneblêd De Strikel te stean en markearre sa it begjin fan syn ûntwikkeling as skriuwer fan reisferhalen. Kootstra kaam yn 1982 yn de redaksje fan De Strikel en al gau waard er dêr de fêste leveransier fan reisferhalen. Yn de Fryske literatuer wie dat in nij ferskynsel, der waard ynsidinteel wol ris ferslach dien fan in reis, mar in skriuwer dy’t him benammen út lei op reisferhalen wie der net. Douwe Kootstra debutearre yn boekfoarm mei de bondel De moanne op ’e rêch yn 1987. De bondel sloech oan en krige in opfolger yn Yn de baan fan de boemerang (1990). Trije jier letter ferskynde Achter ljochte bergen, de fjirde bondel Alde spoaren, kaam út yn 2000.
Kootstra skreaugjin reisferslaggen, mar reisferhalen. Hy registrearre net allinnich wat er seach en belibbe, mar hie ek in miening oer wat er meimakke. ‘Ik liich ek wolris yn in reisferhaal en lit dan myn fantasije gean’, sei er yn in fraachpetear mei Jan Jongsma (Nieuwsblad Noord-Oost Friesland, 23-09-1987). As er op reis wie, strieden de skriuwer en de moderne westerske toerist yn him om foarrang. De reizger yn him woe wat sjen en ûntdekke, mar him ek wolris deljaan yn it skaad mei in gleske wyn, de skriuwer makke notysjes en woe altyd mar fierder: ‘De reizger seit dat ik steapelidioat bin om frijwillich yn sa’n sinnehel te stappen. De skriuwer komt mei it argumint dat er graach wat oer de Romeinen yn Portugal op papier sette wol’, (sitaat út: Achter ljochte bergen).
Dat Douwe Kootstra mei syn Fryske reisferhalen in trend setten hat, die wol bliken, de jierren dêrnei kamen skriuwsters as Joke Keizer, Jitske Kingma en skriuwer/dichter Willem Abma ek mei bondels reisferhalen yn it Frysk.
Oar wurk
Yn 2001 skreau Kootstra it boekewikegeskink Berjochten út Boedapest . Dat wie gjin reisferhaal mar it ferslach fan in relaasje. Kootstra hie gjin literêre pretinsjes mei it boekje, mar die oan de hân fan brieven ferslach fan it wjerfarren fan in Hongaarske frou dy’t yn 1923 as lyts famke, mei in hiel soad oare Hongaarske bern, yn Boedapest op ’e trein set waard om yn Nederlân oan te sterkjen. Mei it skriuwen fan it boekje lei Kootstra ek in nijsgjirrich stikje skiednis fan sawol Hongaren as Friezen fêst.
Douwe Kootstra skriuwt fierder krityske kollums oer miljeusaken yn it ledeblêd fan It Fryske Gea. Foar syn wurk hâldt er him dwaande mei de útjefte fan boeken foar it ûnderwiis, hy is dêr as skriuwer, gearstaller en redakteur by belutsen.
Sûnt begjin jierren njoggentich is Douwe Kootstra ek aktyf as ferhaleferteller. Hy leit him benammen út op âlde folksferhalen út Fryslân en hat dêr in protte sukses mei. Mei de ferhalen dy’t minsken as Dam Jaarsma, Ype Poortinga en Waling Dykstra byinoarbrocht hawwe, kin er noch jierren foarút.
Bibliografy
Proaza
1985: Patat Spesjaal. In doch-, sjoch-, en lêsboek (mei Baukje Wytsma, Tiny Mulder en Meindert Bylsma)
1987: Heechterp en it geheim fan de stien. (skreaun mei help fan skoalbern troch ferskate fryske skriuwers/skriuwsters)
1987: De moanne op ’e rêch (reisferhalen)
1990: Yn de baan fan de boemerang (reisferhalen)
1993: Achter ljochte bergen (reisferhalen)
2000: Alde spoaren (reisferhalen)
2001: Berjochten út Boedapest (boekewikegeskink)
2010: Paradys oan de baai (reisferhalen)
2016: Achterlik Fryslân
2016: De tsien fan Hylkje (gearstaller fan bondel mei ferhalen fan Hylkje Goïnga)
2017: De wiete poes (gearstaller, mei Jurjen van der Kooi)
2018: Nei de top (ferhalebondel, mei oaren)
2021: Stabij (Tekeningen fan Tjibbe Hooghiemstra, tekst fan Douwe Kootstra)
Mear ynformaasje
Eigen webside
You Tube (lûdsfragmint ferhaal)
©Tresoar, 17-11-2021