BERNE: 23-02-1847, TWIZEL
FERSTOARN: 17-02-1914, TWIZEL
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Libben en wurk
Jan Ritskes Kloosterman is berne yn Twizel op 23 febrewaris 1847.
Hy wie boer, mar fielde dêr neat foar en liet it it buorkjen al yn 1881 oan in setboer oer. Sûnt wijde er him foaral oan syn leafhawwerij yn mooljen, túnkjen en skriuwen. Yn 1876 troude er mei Tryntsje Beintema. Se krigen ien dochter: Simke Kloosterman (1876-1938) dy’t ek skriuwer waard.
De famylje wenne nei Twizel ek yn Ljouwert, en yn 1898 ferhuzen se mei har trijen nei Apeldoorn. Yn 1901 gienen Jan Ritskes en Tryntsje útelkoar, hy gie nei Grins ta te wenjen, mar wie ek in soad yn Fryslân, as er net op reis wie. Jan Ritskes Kloosterman stoar yn 1914.
Om de twa jier is yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs yn Twizel in Jan Ritskes Poëzijnacht.
Jan Ritskes Kloosterman skreau Fryske natuerpoëzy mei in religieuze ynslach. Hy skreau ek yn it Nederlânsk en hâlde deiboeken by.
Yn 2014 stie de Keunstkrite Twizel stil by de hûndertste stjerdei fan Jan Ritskes Kloosterman. Skriuwer en dichter Eppie Dam selektearre gedichten út de trije Fryske bondels fan Kloosterman: Fryske Wâldblomkes, Finneblomkes en Fryske stikken. De gedichten út dy bondels binne, bewurke en oerset nei de hjoeddeistige stavering, útbrocht ûnder de titel Nije bloei.
WURK
List fan wurk (seleksje)
1883: Fryske wâldblomkes
1907: Finneblomkes
1912: Fryske stikken
2014: Nije bloei - in kar út it dichtwurk fan Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914)
Mear ynformaasje
Wendy Kennedy, De Moanne 04-03-2014 (ta gelegenheid fan 100e stjerdei Jan Ritskes Kloosterman)
Wikipedia
©Tresoar, 22-01-2020