Berne: 1955, dokkum
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Jelma Knol is histoarikus, auteur en sjoernalist. Se is redakteur fan it literêre tydskrift Ensafh (earder Hjir).
Libben en wurk
Jelma Sytske Knol is berne yn 1955 yn Dokkum. Se hat skiednis studearre oan de Vrije Leergangen te Amsterdam (MO-B).
Se wie redakteur by útjouwerij Friese Pers Boekerij en hat yn dy funksje tal fan Fryske skriuwers en skriuwsters útjûn. Dêrneist seagen inkelde tematyske ferhalebondels en blomlêzingen it ljocht lykas Fryske fakânsjeferhalen, 21 nije Fryske winterferhalen, 20 simmerferhalen en De riedsels fan it hert: leafdesferhalen. Ek wie se redakteur fan Frysk & Frij (1990-1993) en Friesland Post (1993-1999).
Se is sûnt 1987 redakteur by literêr tydskrift Hjir, yn 2009 mei Farsk opgien yn Ensafh. Foar Hjir hat se in grut tal Fryske publikaasjes besprutsen, foar Ensafh is se ek kollumnist op www.ensafh.nl.
Yn 1993 ferskynde Ut syn aerd wei froulik, in stúdzje oer Fryske dichteressen en it misferstân mei in essee en ynterviews oer it 'vermeende' froulike karakter fan de poëzy fan Fryske dichteressen. Alle Fryske dichteressen dy’t ien of mear bondels útjûn hawwe (oant 1990) binne troch har behannele, mei dêrby de resepsje fan harren wurk. Kritisy wiene oer it generaal fan betinken dat froulike poëzy tige persoanlik is, mar benammen ek swak fan foarm. Dêrmei dogge se it wurk fan de wichtichste dichteressen tekoart.
WURK
Publikaasjes (seleksje)
1993: Ut syn aerd wei froulik
1994: Beeld van een bond: 75 jaar Bond van Plattelandsvrouwen in Friesland
2005: Levende stenen: het bezit van de Stichting Alde Fryske Tsjerken
2005: Dreame fan in oare wrâld (jierdei-útjefte foar Durk van der Ploeg)
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 3-2-2012
Jelle Krol, LC 2-7-1993, (diel 1) en (diel 2)
©Tresoar, 29-03-2021
Byld: Eigen foto