Berne: 02-05-1948, Snits
STOARN: 19-02-2019, Kampen

 

Libben en wurk

Jelle Kaspersma waard berne te Snits, in grut part fan syn jeugd hat er trochbrocht yn Starum. Op ’e Snitser kweekskoalle hat Kaspersma de ûnderwizersoplieding folge. Dêrnei hat er as basisskoallelearaar wurk fûn bûten Fryslân, fan 1973 ôf stiet er yn Genemuiden oan skoalle.

Dichter
Yn syn tiid oan de kweekskoalle fan Snits begûn Jelle Kaspersma mei dichtsjen, earst yn it Hollânsk, mar al ridlik gau ek yn it Frysk. Hy makke dêr diel út fan ploechje jonge dichters en tekeners, dêr’t guon fan by him op de oplieding sieten, lykas Bartle Laverman, Binne Lútsen Boarnstra en Tsjêbbe Hettinga.

Fersen fan him ferskynden fan 1970 ôf yn de literêre Fryske tydskriften Trotwaer, Sonde en Alternatyf. Yn 1974 wûn er mei it fers ‘Frisia Cantat’ de Rely Jorritsma-priis. Datselde jier kaam der in bondeltsje út mei de titel Loft-lân en sé, it debút fan Jelle Kaspersma en Tsjêbbe Hettinga, in boekje dat se as in soarte fan grap útbrochten ûnder de skûlnammen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbema. Neist in oantal gedichten makke Kaspersma ek de yllustraasjes, sa't er dat ek dwaan soe by twa oare bondels fan Tsjêbbe Hettinga: Yn dit lân (1973) en Fan loft, lân en leafde (1975). Earst yn 1982 ferskynde der in folsleine dichtbondel fan eigen hân, hy debutearre yn dat jier mei de fersebondel Fan ’e Beuch. De bondel befettet ‘fiskersfersen’ dy’t er skreau tusken 1968 en 1971, en in tal haikû’s. Doe’t er as opgroeiende jonge yn Starum wenne gie er, om wat te fertsjinjen, simmerdeis mei op in fiskersskip. Syn wjerfarrens hat er dichterlik werjûn yn syn fersen, dêrby brûkte er wurden dy’t er hearde fan de fiskers fan Laaksum. Ek de oare bondels fan Jelle Kaspersma befetsje njonken gedichten mei in frije fersfoarm ek haikû’s, koarte trijerigelige fersen mei wat it tal wurdlidden oanbelanget in fêste foarm, 5-7-5.

Twa jier letter kaam syn twadde bondel Sleatswâl fol krûden út, yn 1986 folge troch Bleatlein. Yn beide earste bondels binne tekeningen fan Johannes de Vries opnommen. Kaspersma skreau net allinnich yn it Frysk - hy ferkearde al jierren bûten Fryslân - mar ek yn it Nederlânsk. Yn oparbeidzjen mei Geke Mateboer en Henk Beens, publisearre er twa kear in bondeltsje mei ferhalen en gedichten yn it Gaellemunegers, de streektaal fan Genemuiden. Se ferskynden ûnder de titels Doake en Achter de Tonge.

Syn fjirde Fryske fersebondel Op de flerken fan myn tinzen brocht er út yn 1989, wer mei byldwurk fan Johannes de Vries en in omslach makke troch Folkert van der Hoek. De bondel befettet 45 fersen, 19 dêrfan binne haikû’s.

Wichtige tema’s yn it wurk fan Kaspersma binne it lânskip, faak dat fan Súd-west Fryslân, Gaasterlân en de Iselmar. De natuer, it waar en de fiskerij beskriuwt er frij fan romantyske ympresjes. Fierders komt de (ûn)macht fan de dichter, de dea en it ferliezen fan in dierbere oan de dea, faak werom yn syn fersen.

Jelle Kaspersma hie in wat ambulinte ferhâlding mei it Frysk en de Friezen. Yn 2004 hie er syn nocht fan it Fryske keunstwrâldsje, de lije ûntfangst fan syn wurk (syn wurk waard net opnommen yn Spiegel van de Friese poëzie, oanlieding foar in yngeand konflikt mei blomlêzer Teake Oppewal) en amper respons op syn Fryske wurk stie him tsjin. Syn yn dat jier ferskynde sammelbondel De lije side fan de tiid, in kar út sân poëzijbondels’ soe de útsetter wêze. Hy besleat om net mear yn it Frysk te publisearjen en oer te skeakeljen op it Nederlânsk. Mar ‘het bloed kruipt waar het niet gaan kan’ en Kaspersma kaam werom op syn beslút: yn 2006 kaam by útjouwerij Venus op ’e nij in bondel fan him út mei de titel Dyn brune eagen taheakke.

Al langer wie Jelle Kaspersma tige ynteresearre yn it bestean fan yndianen. Hy hie ferskeidene kearen yn de Feriene Steaten west om dêr yndianestammen op te sykjen. Tidens dy reizen lei er kontakt mei skriuwers fan yndiaansk komôf, faak minsken mei in universitêre oplieding, dy’t har ferhalen net skreaune yn ien fan de mear as fyftich yndianetalen, mar yn it Ingelsk. Under de yndruk fan de kwaliteit en betsjutting sette Kaspersma in oantal fan dy teksten oer yn it Frysk, ferhalen dy't bondele binne yn Skyldpod, bear en wolf - fersen fan Peter Blue Cloud (1979) en Tonger út stiennen - fersen fan Lance Henson (1987).

De Nederlânsktalige blomlêzing De aarde is ons vlees - bloemlezing uit het werk van zevenentwintig Indiaanse dichters kaam út yn 1990. In seleksje dêrút ferskynde yn 1997 mei de titel Hoe de verhalen in de wereld kwamen - bloemlezing uit het werk van zestien Indiaanse schrijvers. Josse de Haan hjiroer yn De Moanne: 'Foar de Fryske en Nederlânske kultueren hat dit wichtich west. Kaspersma wie de iennige dy’t hjir niget oan hie, en as dichter de krekte persoan.'

List fan belangrykste wurk

Poëzy
1974: Loft, lân en sé (mei Tsjêbbe Hettinga)
1982: Fan ’e beuch : fiskersfersen
1984: Sleatswâl fol krûden
1986: Bleatlein
1989: Op de flerken fan myn tinzen
1994: Folgas sudenop en oare lieten
1995: De tosken yn it glês
1996: Ta de bonken úttekene
2000: Ave Marije : Madonna fan Starum
2004: De lije side fan ’e tiid
2006: Dyn brune eagen taheakke
2007: Ieneach kening (mei tekeningen fan Gerrit Cnossen)

Oersettingen yn it Frysk
1979: Skyldpod, bear en wolf (fersen oerset fan Peter Blue Cloud)
1987: Tonger út stiennen (fersen oerset fan Lance Henson)

Ferskaat
1986: Doake: veraeln en gedechtn in et Gallemunegers (mei Henk Beens en Geke Mateboer)
1986: Achter de Tonge
1990: De aarde is ons vlees - bloemlezing uit het werk van zevenentwintig Indiaanse dichters
1997: Hoe de verhalen in de wereld kwamen - bloemlezing uit het werk van zestien Indiaanse schrijvers

Prizen
1973: Rely Jorritsmapriis (fers: Frisia Cantat)
1995: Rely Jorritsmapriis (fers: It wurge hert)

Mear ynformaasje
Opnamen fan Jelle Kaspersma by Operaesje Fers
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Henk van der Veer, Eigen webside 20-02-2019 (In memoriam)
Josse de Haan, De Moanne 20-02-2019 (In memoriam)
Eeltsje Hettinga, Eigen webside 19-02-2019 (In memoriam)
Fryske dichters om utens, Omrop Fryslân 11-12-1994

©Tresoar, 29-06-2022