Berne: 17-05-1959, Ljouwert

Libben en wurk

Jitske Kingma hat, neidat se slagge wie foar de Pedagogyske Akademy, ferskeidene banen hân, mar net yn it ûnderwiis. Yn Limboarch wurke se mei gehandikapte bern, yn Ljouwert op in printerij, noch wer letter as sjoernaliste by it Friesch Dagblad, mar feitlik hie se mar ien doel; reizgje.

Doe’t se safolle jild garre hie dat se reizgje koe, is se ôfset. Twa jier hat har earste reis duorre, se reizge troch Yndia, Nepal en Bangladesh. Tidens har ferbliuw yn dy lannen hold se in deiboek by. It waard de basis foar har boek mei reisferhalen: In dûk yn ’e Ganges, ferskynd yn 1989.

Hoewol’t se har deiboek-oantekeningen brûkt hat, hat Jitske Kingma net in autobiografysk ferhaal skreaun, de ûndertitel meldt dan ek dat it in romantisearre reisferhaal is. De roman befettet sân haadstikken dy’t elk in oare bestemming beskriuwe. It debút fan Jitske Kingma waard troch de kritisy ûngelyk ûntfongen. It besprek fan Henk van der Veer [1] wie posityf, benammen oer de beskriuwings fan de sfear en hoe oft de beide froulike reisgenoaten de faak ynkringende yndrukken en ûntbearings ûndergiene. Dêrfoar oer is it besprek fan Durk van der Ploeg [2] fierhinne negatyf. Van der Ploeg steurde him benammen oan it ûntbrekken fan in spanningsopbou yn de roman en oan it yn syn eagen minne taalgebrûk fan de skriuwster. It besprek fan Anne Wadman [3] wie wat mear nuansearre, hy neamde de ferhalen mear reportaazje as roman, fûn it taalgebrûk benammen yn de dialogen ‘oan de stive kant’, mar foar him mocht de skriuwster wol ris wer in roman skriuwe. Dochs hat it negative oardiel fan resensint Durk van der Ploeg Jitske Kingma lange tiid ôfholden fan it skriuwen fan in nij boek.

Tsien jier letter hat se, yn in miniboekje fan 53 siden, útlein wat de resinsje mei har die. Yn it boekje, mei de titel In twadde libben, makke se de balâns op fan wat in minne resinsje by in begjinnend skriuwer teweech bringe kin. Kingma hat fjirtjin jier as sjoernaliste en redakteur, de lêste jierren as einredakteur by it Friesch dagblad wurke. Dêrnei hat se by in tal jierren by ynternet-útjouwer Gopher as skriuwersbegelieder arbeide. Ien fan har aktiviteiten dêr wie it redigearjen fan manuskripten.

Yn 2007 is Jitske Kingma yn Ljouwert úteinset mei har eigen útjouwerij Elikser, dêr't se ek P.O.D.-boeken (Printing On Demand) publisearret. Se nimt dêrmei in eigen plak yn binnen de literêre wrâld yn Fryslân.

Sûnt it jier twatûzen makket se diel út fan de redaksje fan literêr tydskrift Trotwaer, dat sûnt 2002 ûnderdiel is fan De Moanne.

Boarnen foar dit artikel
[1] Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad, 21-09-1989
[2] Durk van der Ploeg, LC 15-09-1989
[3] Anne Wadman, Frysk & Frij, 14-10-1989

Bibliografy

Proaza
1989: In dûk yn de Ganges - romantisearre reisferhaal
1999: In twadde libben

Mear ynformaasje
Webside útjouwerij Elikser
Wikipedia
Kirsten van Santen, LC 28-05-2021 (oer Elikser)

Foto Tresoar -  Haye Bijlstra

©Tresoar, 12-06-2021