Berne: 31-01-1948, Ljouwert
fERSTOARN: 08-05-2020, Offingawier

Libben en wurk

Bartle Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en "wijsgerige" pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude.

Hy wurke as dosint filosofy op Academie Minerva te Grins. Tegearre mei syn frou, byldzjend keunstner Hannie Kamstra, hie er oant 1996 in biologyske buorkerij en tsiismakkerij. Sûnt 1990 hiene se De Tunen fan De Griene Dyk [1], in ekologyske blommetún fan 3 hektare, simmers iepen foar publyk. Henk van der Veer [2] gie by him del en die dêr ferslach fan.

Laverman wie dichter en keunstskilder.

As dichter debutearre Bartle Laverman mei it fers Forsiking fan it Hillige ik yn literêr tydskrift De Tsjerne (nû. 7/8-1968). Dêrnei publisearre er ûnder mear yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Fan Trotwaer makke er diel út fan de redaksje yn de jierren 1971-1976.

Syn earste dichtbondel, It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries), ferskynde yn 1969. It stripferhaal Jodokus, dat yn 1973 as ekstra nûmer fan literêr tydskrift Trotwaer út kaam, skreau er ek yn ’e mande mei De Vries. Laverman blykte in produktyf dichter te wêzen, nei syn debútbondel yn 1969 ferskynde der in fiks oantal bondels fan syn hân.

Hy bliuwt yn syn gedichten fakentiids ticht by hûs; it plattelân, syn bisten, syn bitiden grutte argewaasje oer de Frysk literêre wrâld en oer it kristlik part fan de naasje, mar ek minsklike gefoelens oer ôfskie, sykte en dea komme bylâns yn syn fersen. Neffens Harmen Wind yn Zolang de wind van de wolken waait (hds. 6, side 180), wurdt de poëzy fan Bartle Laverman typearre as: direct, sober, korzelig en verbeten. Sels sei er oer syn wurk yn in fraachpetear mei Henk van der Veer (Boek, septimber 2006): ‘Yn myn poëzy giet it altyd om it ‘hier en nu’, it is altyd hiel tichtby. De kontekst, de eigen romte, it regionale, dêr giet it om. It giet yn myn wurk noait om it romantyske, dêr hawwe kritisy myn wurk wolris foar útskolden. Dat slacht nergens op. It soe ferwize nei it hege, nei it mystike of it ivige. Bespotlik, dat haw ik hielendal net. Ik bin gewoan de dichter op de fyts. Myn poëzy lit him miskien wol it bêst omskriuwe as in dokumintaasje, fan dingen dy’t ik meimeitsje.’

In bysûnder projekt wie de bondel, Mingd bedriuw (2003). Yn gearwurking mei trije oare dichter/skilders, te witten; Wilco Berga, Anne Feddema en Reinder Rienk van der Leest, joech Laverman in bondel yn it ljocht mei fan elk fiif skilderijen en fiif gedichten.

Oer de bondel Alles komt wer goed skreau Henk van der Veer [3] dat er de fersen mei persoanlike ynslach it bêste fûn. Benammen de realistyske en kompakte styl fan skriuwen foldiene him skoan.

Yn de twatalige bondel Wêr’t de ko him deljout/Where a cow lies down, gie er de grinzen oer. De bondel kaam ta stân yn gearwurking mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en de Ierske dichter John Brown. Beide dichters hawwe foar de bondel tsien fersen skreaun oer plakken yn har eigen krite en oer dy fan de oare, fan elk fers is ek in fertaling makke. Hooghiemstra makke der poëtysk byldwurk by.

Ek de bondel In echte Fries is troch him sels yllustrearre. Yn de gedichten giet Laverman yn op syn identiteit, syn ôfkomst en hoe't syn libben derby stiet. Eppie Dam [4] hie der fjouwer stjerren foar oer.

Laverman publisearre ek geregeld Hollânsktalige gedichten yn it Hollands Maandblad.

Boarnen foar dizze tekst
[1] Bloementuin, website
[2] Dagboek Henk van der Veer, 06-05-2008
[3] Henk van de Veer, 23-08-2004
[4] Eppie Dam, LC 02-12-2016

WURK

Poëzy

1969: It freeslik feest
1973: Woartelfocht-fruchtwetter (yn eigen behear útjûn)
1973: Jodokus (stripferhaal, ekstra nr. Trotwaer)
1975: Skimerlânskippen
1977: Winter (popkes dy’t wuive)
1979: Neitins (parva sed apta mihi)
1979: Kloentsjetee
1981: Ik laitsje my dea
1984: Master ûnder protters
1996: Boerefersen 1994-1969
1999: Kophimmelje
2003: Mingd bedriuw (mei Wilco Berga, Anne Feddema en Reinder R. van der Leest)
2004: Alles komt wer goed
2006: Dêr’t de ko him deljout / Where a cow lies down (mei John Brown en Tjibbe Hooghiemstra (byldwurk))
2007: Man op solder / Man op zolder
2012: Foar elke man in eigen pake
2016: In echte Fries
2021:Underweis nei Walhalla

Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Sietse de Vries, LC 09-12-2016 (fraachpetear oer In echte Fries)
Hedwig Terpstra, ensafh 28-03-2017 (fraachpetear oer In echte Fries)
Arjan Hut, De Moanne 11-05-2020 (in memoriam)
Huub Mous, De Moanne 11-05-2020 (in memoriam)
Rianne Kramer, FD 12-05-2020 (in memoriam)
Eeltsje Hettinga, Eigen webside 12-05-2020 (in memoriam)
Piter Boersma, ensafh. 22-05-2020 (in memoriam)

Media
Tresoar Treast Telefyzje

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.

©Tresoar, 30-03-2022