Berne: 29-06-1933, Drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
GEDICHTEN
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Reinder Rienk van der Leest is berne yn Drachten, hy hat yn Ljouwert de HBS folge en dêrnei op de kweekskoalle dêr leard foar ûnderwizer.
It leafst wie er doe yn Amsterdam nei de keunstakademy gien, mar omdat dat finansieel net ta de mooglikheden hearde gie er oan it wurk. Wol hat er noch de oplieding grafysk ûntwerper folge en dat fak free-lance ek útoefene. Hy hat oant syn pinsjonearring ta skoalmaster west, earst yn Culemborg, dêrnei yn Zaandijk, en doe oant syn pensjoen yn Enschede.
De literêre belangstelling fan Reinder R. Van der Leest op jonge leeftyd wie net echt grut. Hy hie wolris wat Hollânsktalige gedichten makke, mar dêr fierder net folle mei dien. Mei dichtsjen yn it Frysk begûn er nei syn tritichste, dêrta oantrune nei’t er resinsjes lêzen hie fan boeken fan syn âld-kweekskoalgenoaten Tjitte Piebenga en Jan Bylsma. Syn earste, yn eigen behear útjûne, literêre útjeften bestiene út twa folderkes: Flardeguod (maart 1967), dat 8 gedichten befette en Patates mei mayonaise (septimber 1967), mei 10 gedichten en ready-mades (kant en kleare, bewurke teksten). Yn dy earste útjeften fierde Van der Leest typografyske eksperiminten út, dêrtroch ynspirearre troch de teoryen fan de literêre streaming fan de sechtigers. Siebren Dijk neamde Van der Leest yn syn artikel ‘Regaad yn ’t laad’ (Farsk, 2006) yn Fryslân miskien wol de meast typyske sechtiger. Yn de Fryske literatuer wie it wurk fan Van der Leest wat nijs, hy krige wurdearring en erkenning by de redaksjes fan de literêre tydskriften De Tsjerne en Trotwaer. Letter sluet er him oan by de rûnten om dy tydskriften hinne, wie redakteur fan Trotwaer (1969-1970) en fan Operaesje fers (1968). Yn oktober 1968 wurke er mei oan de fersebondel mei Frysk- en Nederlânsktalige gedichten Broadsje healom / Broodje Halfom dêr’t û.o. ek Josse de Haan, Meindert Bylsma en Remco Heite oan meidienen.
Eksperimintearje mei foarm en it sljochtsjen fan grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk wie wat Reinder R. Van der Leest foar eagen stie. Boartersbûkje 1909 en sextich (1969) kin sjoen wurde as in eksponint fan dat besykjen; it boekje befette foar de Fryske literatuer ferrassend nije foarmen yn tekstgebrûk, sawol kwa ynhâld as kwa foarm. Van der Leest liet him ynspirearje troch auteurs lykas K. Schippers en J. Bernlef, dy’t har ferienige hiene om it tydskrift Barbarber hinne en jilden as foaroansteande fertsjintwurdigers fan de sechstigers. Dy streaming belibbe yn dy jierren har hichtepunt. Syn niget oan it boartsjen mei typografyske foarmen kaam noch dúdliker nei foaren yn Practicum (1970), de gedichten yn dy bondel joech er foarm troch middel fan pleatsing en gebrûk fan letters en tekens.
Van der Leest eksperimintearre net allinnich mei poëzy, mar ek mei proaza. Yn de roman Morheus yn de ûnderwrâld (1975) die er dat bygelyks troch tusken de gewoane tekst stikjes tekstbyld te ferwurkjen. De sechtigers seagen op in nije en ferfrissende wize tsjin de werklikheid oan, dy wurkwize paste Van der Leest ek ta yn de rige fan sân boeken mei Dynte Planteit en Nier Hinnebruier as haadpersonen. Moderne skelmeromans, yn de styl fan in fleurige kolderfilm mei tagelyk in guodlike satire op de wolfeartssteat en it besykjen de Fryske taal tipelsinnich te brûken en sa no en dan moedwillich te misbrûken. Dat naam net elke kritikus him yn tank ôf. Ek it grutte publyk wie noch net klear foar it boartsjen mei taal en foarm van Van der Leest. De ferwachting fan Van der Leest dat er neifolging krije soe by kollega skriuwers yn it Fryske taalgebiet kaam net út. Hy fielde him dêrtroch allinnich stean, boppedat liet ek it lêzerspublyk, dat yn Fryslân dochs wat tradisjoneler wie as yn de rest fan it lân, it ôfwitte. Dat resultearre der yn dat Van der Leest yn 1972, nei fiif jier besykjen, besleat om op te hâlden mei publisearjen yn it Frysk. Wurk dat er noch ûnderhannen hie woe er noch al útjaan, mar blykber koe er dochs net hielendal los komme fan de skriuwerij want hy publisearre dêrnei noch ferskate titels werûnder it jongereinboek Cap Súd, wêrfoar’t er yn 1983 de Simke Kloosterman-priis krige. Yn 1981 waard syn ynspanning beleanne mei de Gysbert Japick-priis, de wichtichste literêre priis yn Fryslân. Hy krige de priis foar syn dichtbondel Keunst en fleanwurk, mar neffens sjuery-foarsitster Tineke Steenmeijer-Wielenga wie de priis ek in erkenning foar syn eardere wurk.
Reinder R. Van der Leest liet dêrnei noch ferskeidene titels yn it ljocht sjen, wêrûnder inkelde romans, in byldferhaal en yn 2005, Wurk yn útfiering , in bondel mei teksten en tekeningen dy’t in oersjoch sjen lit fan syn tekstuele en byldzjende wurk yn de perioade 1969-1972. De ferskillende skiften wurde foarôfgien troch in ynlieding fan de auteur sels.
Fan de yn totaal acht dielen yn de rige Dynte Planteit en Nier Hinnebruier binne de earste beide dielen yn 2001 opnij útbrocht yn de rige Fryske klassiken, it tredde It moaiste famke fan Antarctica kaam yn 2003 opnij út. Morfeus yn de ûnderwrâld ferskynde yn 2005 yn in part troch de skriuwer werskreaune ferzje.
Noardlike nachten ferskynde yn 2008 as lêste, dêrmei wie de syklus kompleet.
List mei belangrykste wurk
Poëzy
1967: Flardeguod
1967: Patates mei mayonaise
1969: Boartersbûkje 1909 en sextich
1970: Practicum
1972: Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?
1979: Keunst en fleanwurk
1986: Wyn en fearren (gedichten 1979-1985)
2005: Wurk yn útfiering (teksten en tekeningen 1969-1972)
2006: Tajefte, sân gedichten
Proaza
1969: Komme dy kepers? (draeiboek foar in B-film) (werútjefte 2001 en 2016) [Nier-Dynte rige 1]
1972: Boef fan Rys (tekstboek foar in sjongspul) (werútjeften: 2001 en 2016) [Nier-Dynte rige 2]
1972: Lampefryske forhalen
1974: It moaiste famke fan Antarctica (werútjefte 2003) [Nier-Dynte rige 3]
1975: Morpheus yn de ûnderwrâld (werskreaune útjefte: Morfeus yn de ûnderwrâld, 2005) [Nier-Dynte rige 4]
1980: Cap Sud (jongereinboek)
1983: Hertenfrou en Skoppenboer [Nier-Dynte rige 5]
1986: Frouljusgambyt [Nier-Dynte rige 6]
2001: In kâld keunstje [Nier-Dynte rige 7]
2008: Noardlike nachten [Nier-Dynte rige 8]
Ferskaat
1971: Bargebiters-Bûltsjeblazers (lyts Frysk argewaesjespul)
2004: De swalkjende partij, in byldferhaal
Oersetting
1995: Carmina Burana, Latynske lieten út Benediktbeuren
Prizen
1968: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Lytse griene rite)
1969: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Nachtloop)
1981: Gysbert Japicxpriis (dichtbondel: Kunst en fleanwurk)
1983: Simke Kloosterman-priis (foar jongereinboek Cap Súd)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 15-06-1989 (portret)
©Tresoar, 03-07-2019