Berne: 25-04-1952, Grou

Libben en wurk

Jan van der Leij is opgroeid yn Grou, oant syn tweintichste wie it wetterlân om dat doarp it gea dêr’t er him thúsfielde. Dêrnei gie er nei Grins om dêr oan de Akademy foar Boukeunst in oplieding ta arsjitekt te folgjen.

Van der Leij wie oant 2011 as arsjitekt ferbûn oan it kantoar fan Abe Bonnema silger te Hurdegaryp. Tsjintwurdich hâldt er ta yn Wyns dêr't er in Bêd en Brochje hat.

Op fakânsje hie Van der Leij de gewoante om dingen dy’t er seach en meimakke op te skriuwen. Koarte observaasjes yn de foarm fan ferhaaltsjes mei in begjin, in midden en in ein, bedoeld foar it fakânsjeplakboek. Dy gewoante blykte in goede ‘trening’ te wêzen foar it skriuwen fan langere ferhalen, dêr’t er letter mei begûn. Hy debutearre mei trije koarte ferhalen yn Tuskenspul (1997), in bondel mei keatsferhalen en gedichten.

Van der Leij skreau syn fakânsjeobservaasjes altyd yn it Nederlânsk, mar doe’t er mei it ‘serieuzere’ wurk úteinsette, gie er oer op it Frysk. Dêrfoar moast syn behearsking fan de Fryske stavering wol by de tiid brocht wurde, reden om by de Afûk in pear kursussen te folgjen. Op in skriuwkursus by Akky van der Veer ferdjippe er him fierder yn it metiér fan it  skriuwen fan ferhalen.

Dat dy ynspannings net foar neat west hiene, die yn 2003 bliken doe’t er in Rely Jorritsma-priis wûn foar syn ferhaal Apart. It jier dêrop krige er dy priis nochris foar in ferhaal mei de titel Fertocht. Beide ferhalen binne opnaam yn syn yn 2005 ferskynde debútbondel De tiid stie even stil.

De ferhalen yn de bondel rinne nochal wat útelkoar, guon binne humoristysk, oaren absurdistysk, wer oaren soene je ûnder it kopke ‘horror’ ûnderbringe kinne. Sa as sfear en ûnderwerp útelkoar rinne, is ek de lingte hiel ferskillend. Van der Leij hellet syn ûnderwerpen út it gewoane libben fan aldendei, mar hy bringt se sa dat neat is wat it liket. Gauris hawwe syn ferhalen oan ’e ein in ferrassende draai, wêrtroch’t er syn lêzers ynienen op in hiel oare foet set. Guon resensinten die dat tinken oan de wize werop’t Roald Dahl syn ferhalen ôfrinne liet.

De ferskillende besprekkers/sters fan it debút fan Jan van der Leij wiene aardich ienriedich yn har oardiel; Jitske Kingma (De Moanne, nû. 5, juny 2005) en Abe de Vries (Leeuwarder Courant, 18-03-2005) wiene loovjend oer guon langere ferhalen, mar skreaunen ek dat inkelde fan de koartere it nivo fan in skets net te boppen geane. Beide priizgen se it skriuwtalint fan Van der Leij.

Yn 2008 hat Van der Leij in tal Ingelske oarlochsgedichten út 'e Earste Wrâldkriich oerset yn it Frysk. Fiif dêrfan binne pleatst yn it tiidskrift Hjir.

Yn 2019 hat er in toanielstik fan John Steinbeck oerset foar it iepenloftspul yn Snakkerbuorren ûnder de titel Fan mûzen en mannen. Yn itselde jier brocht er in Nederlânsktalich boekje mei anekdoates oer syn Bêd en Brochje ít ûnder de titel Dan trouwen we toch een week later.

Wurk

Proaza
1997: 3 ferhalen yn de bondel Tuskenspul
2000: ferhaal yn 20 Simmerferhalen (sammelbondel)
2005: De tiid stie even stil (ferhalen)
2008: De ein fan 'e dyk (ferhalen)
2008: De tiid stie even stil: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2019: Dan trouwen we toch een week later (Anekdoates oer syn Bêd en Brochje)

Toaniel
2019: Fan mûzen en mannen (oersetting fan John Steinbeck syn Of mice and men)

Prizen
2003: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Apart)
2004: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Fertocht)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sippie Miedema, FD 19-04-2019 (oer Dan trouwen we toch een week later)

©Tresoar, 03-07-2019