Berne: 27-02-1957, de gordyk

Bert Looper is histoarikus en argivaris. Hy waard yn 2007 direkteur fan Tresoar en lei yn de rin fan 2021 dy funksje del. Hy skriuwt oer skiednis, (Fryske) identiteit en byldzjende keunst. 

Libben en wurk

Bert Looper is berne yn 1957 op De Gordyk. Hy studearre skiednis yn Grins. Foar't er direkteur fan Tresoar wie (2007-2021) wurke er as gemeente-argivaris yn Zutphen (1985) en Den Bosch (1992) en wie er direkteur Centrale Archiefselectiedienst yn Winschoten (1995) en Historisch Centrum Overijssel (2000).

Hy skriuwt oer skiednis, (Fryske) identiteit, byldzjende keunst. Syn bydragen ferskine yn tydskriften (û.o. De Moanne) en kranten (Friesch Dagblad), en hy hat in rige saneamde Powerkolleezjes op telefyzje jûn (Omrop Fryslân).

WURK

Publikaasjes (seleksje)
2014: Fristho 'vooruitstrevende meubelen' 1921-1978
2017: Hier ligt de zee (essays over taal, kunst, landshap en Friese identiteit)
2018: Sssstt...! Visual Poetry Project
2019: IDS Willemsma, sjen sjoch sjoen
2019: ‘A Space Odyssey. Leeuwarden/Fryslân 2018 in het licht van identiteitsvorming en identiteitspolitiek’, yn De Vrije Fries 99 (s22-33)
2019: ‘Erfgoed als medespeler. Over de toekomsten van het Friese verleden’, yn: L. Kooistra, red., De Friese Utopie (s. 184-203)
2021: 'Het huwelijk tussen literatuur en kunst' (FD 21-08-2021)

Mear ynformaasje
Bert Looper, FD 19-12-2020 
Marijke de Boer, Letterhoeke (2006, nûmer 3, side 8-10)
Marijke de Boer, Letterhoeke (2021, nûmer 1, side 6-8)
Asing Walthaus, LC 03-07-2021 (fraachpetear)
Bert Looper, FD 19-11-2022 (oer foarmjouwing literêr tydskrift 'De Holder')

©Tresoar, 22-11-2022

Byld: Foto Tresoar, Haye Bijlstra