Berne: 11-10-1968, burgum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
- Gedichten
-
byldmateriaal
- biografy nl
Janny van der Molen groeide op yn Burgum. Mei har húshâlding wennet se yn De Knipe.
Libben
Omdat se as sjoernalist de ferdjipping miste, begûn se nei har oplieding oan in stúdzje sosjaal-kulturele teology oan de Universiteit fan Amsterdam. Se keas hjirfoar omdat se dat 'In moaie, brede stúdzje mei in soad sosjology en teology' fûn dy't net oplate foar dûmny, sa't se sei yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries. Fan de ferdjipping dy't se socht kaam yn de praktyk ynearsten net folle telâne. Se ferhuze nei Fryslân, krige bern, wurke in pear jier by it Friesch Dagblad en letter by in kommunikaasjeburo.
In kearpunt waard de moard op Pim Fortuyn. Janny van der Molen organisearre nei oanlieding hjirfan in 'momint fan ferdraachsumheid' op it Saailân mei in ferskaat oan sprekkers. Dat foel op by de PvdA. Sa kaam se úteinlik yn de polityk telâne, earst provinsjaal, letter gemeentlik.
Wurk
Underwilens wie se begûn oan in berneboek oer wrâldgodstsjinsten, dit om't se hjiroer gjin gaadlik wurk foar har eigen bern fine koe. It boek (Over engelen, goden en helden) kaam der en waard útjûn. It waard in grut súkses, in moaie oanlieding om mear te skriuwen. Dat betsjutte úteinlik dat se har politike karriêre en ek har baan opjoech en skriuwer waard. Omdat har wurk altyd basearre is op wiere feiten dy't se omwurket ta in ferhaal wurde har boeken rekkene ta de ferheljende non-fiksje. Dêrby wol se de bern net allinnich kennis bybringe, mar ek helpe har eigen plak yn dizze tiid better te begripen.
Sa is dat ek gien by har earste Fryske berneboek De trije klokketiers fan Koartsweagen. Utgongspunt is in beslút út 1896 fan de tsjerkeried fan Koartsweagen om ien fan beide klokken te ferkeapjen. Hjirút wei lûkt se linen nei hjoed-de-dei, krekt sa't se dat yn har oare boeken faker docht. Oer itselde ûnderwerp waard yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd ek in Under-de-Toer-foarstelling makke ûnder de titel De klok moat werom!
It yn 2019 ferskynde Deiboek hat Janny van der Molen skreaun yn it ramt fan it Domela-jier 2019. Domela wie net allinnich yn Fryslân, mar ek fier dêrbûten in bekende namme. Haadpersoan Geertsje Kleefstra wie ek Frysk, Nederlânsk en in wrâldboarger. It Deiboek is in twatalich ferhaal oer in Frysk famke fan doe en in ‘Hollânske’ jonge fan no. It boek waard yn 2020 ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne-en jeugdliteratuer.
In pear boeken hawwe har wei nei it bûtenlân fûn en binne oerset yn û.o. it Frânsk, Portugeesk, Dútsk en Spaansk.
Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 05-10-2018
Bibliografy
Berne- en jeugdboeken
2007: Over engelen, goden en helden (ferhalen út de grutte wrâldreligys)
2008: Etty Hillesum in context
2008: Het licht schijnt overal
2009: Helden! Mensen die de wereld mooier maakten
2010: It Fleanwûnder / Het Vliegwonder
2011: Een portret schrijf je zo (foar folwoeksenen)
2011: De geluksbrenger (mei Arend van Dam en Akky van der Veer)
2012: Over vroeger en nu - ferhalen by de Nederlânske kanon (mei Agave Kruijssen en Martine Letterie)
2013: Buiten is het oorlog. Anne Frank en haar wereld (yn gearwurking mei de Anne Frank Stichting)
2014: Ik zou lang willen leven (it ferhaal fan Etty Hillesum) 14+
2014: Altijd feest
2014: Grote gedachten (ferhalen oer filosofy) 12+
2014: Gewoan gek op skiednis
2015: Geniaal
2017: Grote gevoelens (ferhalen oer psychology) 12+
2018: De trije klokketiers fan Koartsweagen / De drie klokketiers
2018: Heldinnen!
2018: Nei de top (ferhalebondel, mei oaren)
2019: It deiboek (jeugdboek, twatalich)
Prizen
2008: Vlag en Wimpel (foar Over engelen, goden en helden)
2008: Earfolle fermelding Jenny Smelik Ibbyprijs (foar Over engelen, goden en helden – ferhalen út de grutte wrâldreligys)
2020: White Raven foar It Deiboek
Nominaasjes
2010: Berneboekewinkelpriis (foar Helden! Mensen die de wereld mooier maakten)
2022: Simke Kloostermanpriis 2022 foar It deiboek
Mear ynformaasje
Eigen webside
Lieke van den Krommenacker, LC 27-02-2013 (fraachpetear oer Buiten is het oorlog)
Marja Boonstra, LC 25-02-2011 (besprek De geluksbrenger)
Sietse de Vries, DvhN 30-04-2014 (fraachpetear oer Grote gedachten)
Ensafh. 26-08-2018 (oer presintaasje De Trije Klokketiers)
Tjitske van Dijk, 14-01-2019 (besprek De Trije Klokketiers)
Elisabeth Hietkamp, FD 12-01-2019 (besprek De trije klokketiers)
©Tresoar, 08-03-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.