Berne: 11-04-1939, Rotterdam

Libben en wurk

Aly van der Mark is krekt foar de oarloch berne yn Rotterdam. Yn 1947 kaam se te wenjen yn Aldskoat.

Se gie op it Hearrenfean nei de kweekskoalle en stie sân jier foar de klasse. Se die in protte oan toanielspyljen en tidens in toanielkursus fan Pyt van der Zee waard se frege in stimtest te dwaan foar Radio Fryslân en sa waard se omropster by de radio. Se hat 35 jier lang allerhanne programma’s presintearre, lykas De Koperen tún en it Fersykprogramma op sneontemoarn.

Skriuwerij
Doe’t de omropster yn 2003 mei pinsjoen gie, wie der tiid om te skriuwen oer de kwekerij fan de famylje fan har man Ids Westra, dêr’t se yn 1976 kamen te wenjen. In hûs mei 4400 kante meter grûn, earder in park as in tún. Oer de wederwaardichheden fan dy tún en de famyljeskiednis skreau se it boek Fan roazen & framboazewyn.

Har omtinken foar de skiednis fan har famylje sette har ek op it spoar fan Gerrit Vlaskamp, dy't hûnderten tunen rûnom yn Fryslân oanlein hat. Yn 2013 ferskynde Het prieel op de heuvel, dat oer Vlaskamp en syn famylje giet. Yn datselde jier waard ek De lêste hikke publisearre, in boek oer ferdwinende Fryske nammen.

Yn 2015 die se yn Zoo gelukkig dat we elkaar nog hebben ferslach fan har ûndersyk nei brieven dy't har âlden yn de oarlochsjierren út Rotterdam wei ferstjoerde. Yn dit boek beskriuwt se it libben fan aldendei yn dy tiid.

Har foarleafde foar wat wie is ek werom te sjen yn Nuttige handwerken (2018). Hjiryn beskriuwt se in fak dat jierrenlang in fêst plak op skoallen ynnaam en oan 'e hân dêrfan de lytse skiednis dy't mei dit ûnderwerp anneks is.

Bibliografy
2010: Fan roazen & framboazewyn. It ferhaal fan in tún
2013: Het prieel op de heuvel
2013: De lêste hikke (twatalich, oer Fryske nammen)
2014: De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp (ferskate auteurs, by tentoanstelling Fries Museum, mei in haadstik fan Aly van der Mark)
2015: Zoo gelukkig dat we elkaar nog hebben
2018: Nuttige handwerken, vreugde en verdriet

Mear ynformaasje
Hallo Leeuwarden, 09-10-2013 (oer Vlaskamp)
Franeker Courant, 14-10-2017
Gitte Brugman, LC 08-03-2018 (oer Nuttige handwerken)
Anja van der Laan, FD 07-04-2018 (oer Nuttige handwerken)

©Tresoar, 10-07-2019