Berne: 02-09-1927, Boalsert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se is de stêd altyd trou bleaun. Se hat dêr har bernejierren trochbrocht en op skoalle sitten, hat dêr wurke en is dêr troud.
Aggie van der Meer wie tolve jier doe’t de Twadde Wrâldoarloch útbriek. Dy omstannichheid hat der foar soarge dat har skoaloplieding net altyd rûn sa as sy dat graach woe. Letter hat se yn biten en brokken noch ferskillende opliedingen folge. Se is begûn mei in analiste-oplieding, mar omdat dêr net in soad wurk yn wie hat se dêrnei in oplieding ta tekenlearares folge. Dat hat se foar in part skriftlik dien omdat se doe ek al in húshâlding mei seis bern hie. De fan hûs út rooms-katolike Van der Meer krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Oan de roomske mavo woene se har net hawwe om har krityske hâlding foar tsjerke en maatskippij oer.
Doe’t Aggie har man op doktersadvys wurk bûtendoar sykje moast, binne se tegearre úteinset mei oar wurk: túnûntwerp en túnoanlis. Dat wie om 1970 hinne. Hy die de oanlis, sy it ûntwerp. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy’t him ynset foar de sosjale ferhâldingen yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou.
Literêr wurk
Van der Meer is op lettere leeftyd begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. Mei it skriuwen fan literêr wurk sette se útein doe’t se ophold mei har oare aktiviteiten.
It iennichste proaza dêr’t se har al ris oan weage hie, wie it berneboek It kemiel fan omke Romke, dat yn 1964 ferskynde by Osinga te Boalsert. Wol publisearre se inkelde gedichten yn de literêre tydskriften Hjir, Tzum, en it digitale tydskrift Kistwurk. Har debút yn bondelfoarm De stêd, it bist, de ingel, mei as ûndertitel Balladeske, kaam út yn 2000 by útjouwerij Frysk en Frij. Yn oktober 2004 is it, bewurke ta toanielstik, troch toanielgroep ’De Blauwe Toer’ trije kear opfierd ûnder de titel Spul om de Stêd, it Bist, de Ingel, yn it Marne Theater te Boalsert.
Yn it ramt fan 550 jier stedsrjochten fan de stêd Boalsert, skreau Aggie van der Meer, op fersyk fan toanielgroep De Blauwe Toer, it stik Spegelbylden, spul om Jan Brugman. De premjêre en opfieringen wiene yn oktober 2005, wer yn it Boalserter Marne Theater.
Har twadde dichtbondel Hân oan ’e muorre ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman oer pedofily, de Lytse roman fan Jon Fels. Sintraal yn Lytse roman fan Jon Fels steane de ûnderlinge relaasjes fan de haadpersoanen, benammen dy tusken Jon Fels en syn mem, har nije freon en de pedofyl Warner Reints. It is Van der Meer slagge om de persoan fan Warner mei distânsje en nuansearre del te setten. Nettsjinsteande it drege en gefoelige ûnderwerp is Lytse roman fan Jon Fels net in leadswier boek wurden. It taalgebrûk fan Van der Meer is somtiden poëtysk en se makket rij gebrûk fan symbolyk mei bylden út de natoer. Jabik Veenbaas [1] neamde it 'in mear as nijsgjirrich proazadebút', mei wurdearring foar de opbou en it byldzjende talint dêr't it boek mei skreaun is. Eric Hoekstra [2] seach sels in 'geniale novelle'.
De styl fan Aggie van der Meer is hiel eigen. Se is tagelyk poëtysk en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk, se skept metafoaren en bylden dy’t ferwize nei de Bibel, oare boeken, de natoer en de klassiken. Ek har ferhaleroman Untdekking fan ’e wrâld (2004) lit in rike tinkwrâld sjen. Yn dizze autobiografysk-filosofyske roman jout se har fyzje op it libben en har wrâld troch middel fan anekdoates, aforismen, ûnderfiningen en petearen yn deselde koarte, poëtyske styl as har foarige boeken. Jetske Bilker [3] koe der wol wurdearring foar opbringe, benammen foar de heldere styl fan fertellen, al hie se krityk op benammen it tredde diel, dat neffens har net maklik nei te kommen is: 'As se te min ferklearret, as net dúdlik wurdt wat de reden is fan it opheljen fan bepaalde herinneringen, as der tefolle nammen yn foarkomme dy’t letter net mear weromkomme, hawwe jo wolris it idee: wêrom moat dit yn in boek?'
In jier letter folge Pauwehôf, in lytse roman oer de wjerfarrens fan trije húshâldingen op in útbuorren. Sketsmjittich wurdt in byld jûn fan de manier dêr't de personaazjes op omgeane mei elkoar en harren libbensfragen yn it algemien. Gerbrich van der Meer [4] fûn dat earste aspekt moai werjûn: 'Dochs moat sein wurde dat Aggie van der Meer mei Pauwehôf wol in hiel moai en subtyl byld jout fan hoe't buorlju mei elkoar omgean yn in wankel lykwicht fan nijsgjirrigens en betrutsenens mei elkoar'. Abe de Vries [5] fûn dat net alle personaazjes 'goed út 'e ferve' kamen, wylst er oer de ein sei: 'In fraach dy't jo je as lêzer stelle kinne, is oft de ein no eins wol sa befredigjend is. Mei in fariaasje op in rigel fan in ferneamd Frysk dichter soe ik sizze: safolle lok, jo leauwe der neat fan'. Neist 'de symbolistyske styl dêr't Van der Meer it patint op liket te hawwen' sit neffens De Vries de krêft fan dizze roman yn de komposysje.
Yn har fjirde roman Oerfeart binne it trije leden fan in famylje dy't út har eigen tiid wei in petear mei-elkoar fiere oer de djippere lagen fan it bestean. Dêrmei is it boek mear as in sljochtweihinne famyljeskiednis, dêr't bygelyks Jelle van der Meulen [6] goed oer te sprekken wie: 'Dit boek laat [...] namelijk zien wat literatuur kan zijn, rijk aan verbeelding, rijk aan taal'. Benammen foar dit boek krige Aggie van der Meer yn 2011 de Piter Jellespriis takend.
Dat Aggie van der Meer de aktualiteit net links lizze litte wol, die wol bliken út de ferskining fan De dei dat Farah Bezaz ferdwûn, in roman oer de problemen yn de moslimwrâld en dan benammen sjoen troch de eagen fan Farah Bezaz, in famke dat úthoulike driget te wurden. Jetske Bilker [7] hie wurdearring foar de aktualiteit fan it ûnderwerp, mar wie fierder net bot te sprekken oer dizze roman. Se fûn de styl net oertsjûgjend, wyslt de personaazjes net ta libben komme troch de alwittende ferteller dêr't it ferhaal yn har eagen troch platslacht. Elske Schotanus [8] seach in 'goed strukturearre' boek, mar tagelyk miste der foar har gefoel dochs wat: 'Sûnder Fryskskriuwende Hafid Bouazza, Abdelkader Benali of Naima El Bezaz kinne (bgl) Marokkanen yn in roman dan wol Frysk prate, toch slagget it ek Van der Meer as Fryske skriuwer net en bring harren wrâld tichterby, seker net as it om in konservative, sletten húshâlding giet, it is de wrâld dêromhinne, dy fan ûnleauwigen en moslims "mei ferljochte ideeën" dêr’t it om draait.'
Nei publikaasjes yn 2010 en 2012 waard it in skoftke stil. Pas yn 2016 melde Van der Meer har wer mei De achttjin. Ferenc Hacha, sels fan joadske kom-ôf, is lid fan it Politburo fan Tsjechslowakije yn de tiid dat Jan Palach himsels ferbrânde as protest tsjin de ynfal dy't Ruslân die om in ein te meitsjen oan de 'Praagse lente'. Troch syn achtergrûn hat Ferenc der ferlet fan alles om him hinne sa oersichtlik mooglik te hâlden. Dat blykt wol út it boerd mei achttjin popkes dat er thús hat, wêrby't elk popke foar in lid fan it Politburo stiet. Ek de Kommunistyske Partij biedt him struktuer. Ut dy posysje wei besiket Ferenc him te ferhâlden mei de ûntjouwingen om him hinne. Aggie van der Meer kaam op it personaazje fan Ferenc doe't se yn in film oer it proses tsjin Jan Palach in lid fan it Politburo observearre. "Ik sykje altyd nei dejinge dy't ôfwykt en hoe't er him dêr mei rêdt. Mar ek dejinge dy't nét ôfwykt, of net doart ôf te wiken, hâldt my yn 'e besnijing', sa ljochte de skriuwster ta yn in fraachpetear [9] mei Gerbrich van der Meer. Meindert Reitsma [10] seach 'in bysûnder knap boek', Doeke Sijens [11] fûn benammen de opset 'út literêr eachpunt perfekt', al miste er út en troch 'de wiere emoasjes'. Ek oare resinsinten wiene (sjoch fierder it boekprofyl) loovjend oer opset, styl en ynhâld.
Nei de publikaasje fan De achttjin bleau Van der Meer tige warber. Net allinnich fersoarge se tegearre mei Marga Claus it Kadoboek fan 2016, ek publisearre se Hu Wu en Misty Mac, in humoristysk boekje mei teksten dy't se earder publisearre yn ynternettydskrift Fers2, yn 2017 folge troch Anna, in famyljeskiednis oer de leafde tusken Anna en har omke Onno dy't op literêre wize ferteld wurdt. Benammen de briefwiksels tusken Onno en Anna sprutsen Jaap Krol [12] oan, mar hy miste yn it boek de schwung, wêrtroch't it ferhaal yn syn eagen wolris wat te 'hermetysk' bleau. Doeke Sijens [13] steurde him dêr ek oan: '... it falt net al mar belangstelling foar it ferhaal op te bringen', wylst er de skriuwstyl 'omslachtich' neamde.
Yn de simmer fan 2019 brocht Hoite Pruiksma, dit út syn respekt foar de syktocht yn it wurk fan Aggie van der Meer wei, in earbetoan oan de skriuwster mei de foarstelling Sykje [14 en 15], in ryk programma met sang, dûns en foardracht, basearre op it wurk fan Aggie van der Meer.
Wat fan har proaza sein wurde kin, giet ek op foar har poëzy. De byldspraak is faak ryk, fol mei symboalen en ferwizingen nei Bibelske motiven, natoer en skiednis. Dat makket har dichtwurk net altyd like tagonklik. Wat de ynhâld oanbelanget lit Van der Meer ek yn har poëzy in wrâld sjen dy't te lijen hat fan de sucht nei macht en it egoïsme fan de minske.
Yn 2019 krige Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis takend foar har hiele oeuvre. Se seach it as de kroan op har wurk [16]: 'Wat ik skriuwe woe, ha ik skreaun'.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jabik Veenbaas, LC 08-11-2002
[2] Eric Hoekstra, Farsk 12 - 2003
[3] Jetske Bilker, Farsk 43-2005
[4] Gerbrich van der Meer, FD 20-05-2006
[5] Abe de Vries, LC 16-09-2005
[6] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
[7] Jetske Bilker, LC 14-11-2008
[8] Elske Schotanus, eigen webside 10-2008
[9] Gerbrich van der Meer, FD 30-07-2016 (fraachpetear)
[10] Meindert Reitsma, FD 30-07-2016
[11] Doeke Sijens, LC 03-06-2016
[12] Jaap Krol, FD 10-03-2018
[13] Doeke Sijens, LC 02-03-2018
[14] Sietse de Vries, LC 05-07-2019
[15] Arjen Hut, FD 08-07-2019 (resinsje)
[16] Arjan Hut, FD 15-11-2019
List fan belangrykste wurk
Poëzy
2000: De stêd, it bist, de ingel - balladeske
2002: Hân oan ’e muorre
2004: Wachtsjen op it daagjen
2007: It bern dat oer it wetter blaast
2012: De sneinen
2014: Tei-iizje / Lok-azen (twatalich)
Proaza
2002: Lytse roman fan Jon Fels
2004: Untdekking fan ’e wrâld
2005: Pauwehôf
2006: Oerfeart (histoaryske famyljeroman)
2008: De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
2010: Winter oan see
2012: In moaie dei yn ’e hjerst. Wa rêdt Cecilia Tan (Twa novellen)
2016: De Achttjin
2016: Ho Wu en Misty Mac
2017: Anna
2019: De Tsjûgen fan de Macht
Oersettingen
2004: Kleine roman van Jon Fels (oersetting Lytse roman fan Jon Fels)
2012: Overvaart (oersetting Oerfeart)
2022: De sneinen / De zondagen
Oar literêr proaza
2016: Neiskrift (brieveboek mei Marga Claus; kadoboek 2016)
2022: Utsicht (bondel mei ferhalen en gedichten + cd)
Berneboek
1964: It kemiel fan omke Romke
Toaniel
2004: Spul om de stêd, it bist en de ingel
2005: Spegelbylden: spul om Jan Brugman
2008: De susters
2009: Loftkastielen
2010: Brulloftsgasten (in tragy-komeedzje)
Prizen
2011: Piter Jellespriis foar de histoaryske roman Oerfeart
2019: Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre
Nominaasjes
2019: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei De achttjin
Mear oer de skriuwster en har wurk
Eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sietse de Vries, fraachpetear LC 15-04-2016
Brosjuere 10 books from Friesland 2016
Portret fan Aggie van der Meer - YouTube 19-10-2019 (FryslânDOK)
Arjen Bakker, FD 26-09-2019 (oer takenning Gysbert Japicxpriis)
Arjan Hut, FD 18-11-2019 (ferslach útrikking Gysbert Japicxpriis)
Willem Haanstra, De Moanne 19-08-2022 (oer publikaasje Utsicht)
Sippie Miedema, FD 18-10-2022 (oer oersetting fan De sneinen)
Picture poem: 'Der net mear is as dat'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
©Tresoar, 23-11-2022