BERNE: 11-12-1732, WESTERGEAST
FERSTOARN: 25-11-1810, KOLLUM

 

Libben en wurk

Eelke Meinerts (of Meinderts) wie skoalmaster (1459-1761), dichter en boer.

Hy is berne yn Westergeast yn 1732 as soan fan de frijwat begoedige boer Meinert Jelles en Japke Eelkes. Syn heit stoar doe’t er 14 jier wie. Hy holp syn mem op de pleats, earst yn Westergeast en letter by Driezum. Nei syn houlik yn 1755 mei Lijsbet Martens hierde er in pleats yn Westergeast en waard skoalmaster oan de winterskoalle. Se krigen 10 bern.

Yn 1778 buorke er op Aylvazathe ûnder Kollum, dat by Fogelsangh-State yn Feankleaster hearde. Meinerts kaam dêr geregeld oer de flier by Cecilia Johanna van Heemstra en har man Willem van Haren. Meinerts stoar yn 1810 yn Kollum. Yn Westergeast is in strjitte nei him neamd.

Eelke Meinerts skreau in soad gelegenheidswurk, meast yn it Nederlânsk, benammen lokwinsken oan lju fan de hegerein. Yn 1778/79 skreau er in bibelsk epos yn fersen: De vernederde en verhoogde Josef. Hy skreau ek yn it Frysk en dat wie bysûnder, om’t dat yn dy tiid hast net mear dien waard. Twa Fryske foarbylden fan gelegenheidswurk binne yn print útbrocht.

By de besite fan prins Willem V oan Ljouwert yn 1777 skreau er: Volle gelok en wolkomst winsk, oon har trogluftige heegheden, Willim de Vijfte, prins vin Oranje, en za vort, en zijn keuninglijke prinsesse en bentjes; op har steætelijke oonkomst ta Leæuwerd, Vrieslaons hoof en heegsted, op den 28 Augustus 1777. En fjouwer jier earder by inselde besite makke er: Blijdschips betjoeginge, oon zijn Trogloftige Heegheit, Willim de Fijfte, Prins fen Oranje, in za fort, bij gelegentheit dat zijn heegheit to Ljouwird ijnhelle wirden is, dij 24ste fen Julius 1773.

Yn 1779 skreau er syn belangrykste wurk It libben fen Aagtjen Ysbrants, of dy Frieske boerinne, in satire op it neidwaan fan nijichheidsgeast en moadesucht fan de Frânsen, dy’t ek oersloech op de Fryske boerestân. It proaza yn de foarm fan gearspraak is letter ferskate kearen op ’e nij útbrocht. Yn 2018 makke Eric Hoekstra dêr in omsetting fan nei modern Frysk.

Yn 1952 is de ‘Ingwierrumer’ samling, in griemmank fan gelegenheidsgedichten en proazastikken út de jierren 1779-1783, ferskynd yn in publikaasje fan de Fryske Akademy.

WURK

List fan wurk (seleksje)
1778/79: De vernederde en verhoogde Josef - in zes boeken
1779: It Libben fen Aagtje IJsbrants
1952: De Fryske Gedichten fan Eelke Meinerts ut de Jierren 1779-1783 neffens it Ingwierrumer hânskrift

Sekundêre literatuer
1976: Oebele Vries - Eelke Meinerts

Mear ynformaasje
Wikipedia

©Tresoar, 22-01-2020