Berne: 24-02-1951, Deinum
Ferstoarn: 22-02-2001, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Gys Miedema waard berne ûnder de reek fan Deinum op It Holt. Hy wie de jongste fan fiif bern. Nei in gelokkige jeugd rekke er op syn sechstjinde foar it earst yn in psygoaze. It soe net de lêste kear wêze. Nei syn skoaltiid gie er oan it wurk by it Ljouwerter Papier Fabryk, letter op in fersekeringskantoar.
Yn it sikehûs moete er syn lettere frou Margo Slotboom. Mei har krige er twa bern. Nei tolve en in heal jier folge in skieding, út ûnmacht, sa’t sein waard. Nei de skieding keas er derfoar om begelaat te wenjen, earst op It Hearrenfean, letter yn Snits. Uteinlik sette er him nei wenjen yn Ljouwert, dêr’t er in bekende ferskining waard. Om’t de medisinen tefolle bywurkingen hiene, stoppe er dermei. It gefolch wie dat de skommelingen yn syn gefoelslibben grutter waarden. Yn 2001 ferdie er himsels ûnderweis nei it sikehûs.
Om’t syn konsintraasjefermogen te winskjen oerliet, lei er him ynearsten ta op it skriuwen fan gedichten, wêr’t er letter oerskeakele op aforismen - koarte sinnen mei in grapke of in djippere wiisheid - dy’t er útjoech op kaarten en yn lytse kadobondels. Ek publisearre er yn bygelyks yn Frysk en Frij.
Tematyk en resepsje
Yn 1973 publisearre er syn earste bondeltsje gedichten (Gevoelens uit Gys) yn eigen behear. It binne gauris donkere gedichten oer eangst, lilkens en iensumens.
Om 1980 hinne begûn er mei it skriuwen fan aforismen. Yn in fraachpetear mei Jitske Kingma sei er dêr it folgjende oer: ‘De gedichten dy’t ik skreau waarden hieltyd koarter en op it lêst hie ’k mar ien rigel oer. Ik tocht: dat kin nea en haw se ris oan in learaar Nederlâns lêze litten. Dy sei: dat binne aforismen.’ Dy learaar wie Dolf Bosch, dy’t in wichtige rol spile yn Gys syn literêre ûntwikkeling.
Yn 1983 publisearre er, kombinearre mei poëzy, syn earste aforismen yn de bondel Frontaal, dy’t er yn eigen behear útjoech. Dêrnei folge yn 1988 noch sa’n bondel (Andermaal frontaal) oant er yn 1989 mei Gel folslein oergie op aforismen. Om in breder publyk te finen, lei er syn wurk foar oan Gerd de Ley út België, in autoriteit op it mêd fan koarte siswizen. Dy wie o sa te sprekken oer de kwaliteit: ‘Het beviel mij zeer. Het heeft mij erg geboeid.’ Nei in syktocht waard syn wurk by einsluten opnommen yn it fûns fan útjouwer De Koofschep te Hilversum. Dêr ferskynde yn 1990 Koprol, in bondel mei hûndertfyftich, foar in grut part nije, aforismen. De bân mei De Ley, dy’t as besoarger fan it Standaard Modern Citatenboek, guon fan syn aforismen opnaam yn nije edysjes fan dat wurk, wie foar Gys Miedema tige belangryk. Ek Theun de Vries wie ûnder de yndruk: ‘Veel talent.’
Sûnt Miedema fan 1992 ôf begûn te publisearjen yn Frysk en Frij, waard er ek yn Fryslân bekender. Klaas Bruinsma wie ferantwurdlik foar de oersettingen, einredakteur Goasse Brouwer soarge foar de yllustraasjes. De aforismen dy’t yn Frysk en Frij ferskynden waarden bondele yn twa boekjes: Spjeldepripkes (1992) en Omwrotters (1996). It wurk yn lêstneamde bondel sei Sietse de Vries (LC 22-03-1996) net folle: ‘Mocht der oait it Frysk sitateboek komme, dan liket it praktysk útsletten dat dêr ien rigel fan Gys Miedema yn stean sil.’ Hy mist de skerpte: ‘Guon oare aforismen sprekt justjes mear piid út, mar der is net ien by dy’t jin langer as in pear tellen bybliuwt.’
Benammen Spjeldepripkes wie tige suksesfol mei twa werprintingen yn 1993 en 1996. Healwei de njoggentiger jierren besocht Miedema ek wer mear gedichten te skriuwen, mar dat slagge troch syn syktebyld net rjocht.
Oer de bondel Dijkschaap (1999) skreau Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad (04-09-2000): ‘Miedema heeft écht iets te zeggen.’ Hy betitele it wurk fan Miedema as ‘bonbonliteratuur’, dat om’t de lêzer der neffens him net goed oan docht alle aforismen yn ien kear ta him te nimmen: ‘Men eet tenslotte ook niet een doos met luxe bonbons in één keer op.’
Nei syn dea besoargen Gys Miedema syn dochter Janny, syn suster Tineke en Syds Wiersma it neilitten wurk fan de aforist yn de bondel As in wurd my meinimt.
In pear foarbylden fan Gys Miedema syn aforismen:
- De measte wiisheid is ferklaaide healwizichheid
- In moaie dream is de skûmkraach fan it ûnderbewuste
- Wie de laatste bus mist, haalt met gemak de eerste
- Wie de klos is, moet een draad zoeken
- De midden is in skier ûntwyk
- Zwart en wit zijn geen kleuren, zouden ze het daarom zo goed doen in ons denken?
Boarnen foar dit artikel
Katalogus Tresoar
Knipselmap Tresoar
Bondels en oar wurk (in kar-út)
1973: Gevoelens uit Gys (gedichten)
1983: Frontaal (aforismen en gedichten)
1988: Andermaal frontaal (gedichten en aforismen)
1990: Koprol (aforismen)
1992: Spjeldepripkes (Frysk en Frij)
1995: Omwrotters (aforismen by Frysk en Frij)
1999: Dijkschaap (aforismen by Frysk en Frij)
2009: As in wurd my meinimt (Neilitten wurk, besoarge troch Janny Miedema, Tineke Kramer-Miedema en Syds Wiersma)
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 13-11-2009, diel 1 en diel 2
Gedichtenclip Vluchtende ganzen, Youtube
Eigen webside
©Tresoar, 17-07-2019