berne: 21-01-1929, Snits
ferstoarn: 14-04-2019, amsterdam

Libben en wurk

Hessel Miedema, berne op 21 jannewaris 1929 yn Snits, groeide op yn Amsterdam. Oan de Universiteit van Amsterdam studearre er keunstskiednis. Tidens syn stúdzje kaam er yn 'e kunde mei de dichters Marten Brouwer en Sybe Sybesma. Troch har krige er belangstelling foar de Fryske literatuer.

Nei syn ôfstudearjen yn 1957 waard er direkteur fan museum Het Princessehof yn Ljouwert. Hy wie lykwols ûnwennich fan Amsterdam en yn 1963 gie er werom nei de haadstêd. Hy krige in baan as wittenskiplik meiwurker oan de UvA. Yn 1973 promovearre er dêr mei in dissertaasje oer Den grondt der edel vry schilder-const door Karel van Mander. As keunsthistoarikus hat er in soad publikaasjes op syn namme stean, yn it bysûnder oer keunstskilder, skriuwer en dichter Karel van Mander (1548-1606).

Literêr wurk
Troch syn kontakten mei Marten Brouwer, Sybe Sybesma en oare yn Amsterdam wenjende Fryske dichters waard Hessel Miedema min ofte mear tafallich it Frysk literêre wrâldsje ynlutsen. Dêrfoar hold er him foaral dwaande mei byldzjende keunst. Hy lies yn dy tiid meast wurk fan Nederlânske skriuwers as F. Bordewijk en Bert Schierbeek. Yn 1950 stiek der in stoarm op yn de Nederlânske literêre wrâld, it wie it jier fan de trochbraak fan de saneamde 'Fyftigers'. De Fyftigers en har opfolgers hawwe sa'n fyftjin jier har stimpel set op it poëtysk literêr klimaat yn Nederlân. Sy skreauwen eksperimintele poëzij: poëzij dy't spontaan, assosearjendewei by de dichter opkaam. Dichtsjen wie in ûnderfining, de foarm soe tagelyk mei it gedicht sels ûntstean, en koe net set wurde yn in fan te foaren beskate foarm lykas in sonnet.

De fernijende literêre ideeën fan de fyftigers waarden entûsjast ûntfongen troch jonge Fryske dichters fan doe as Marten Brouwer, Jelle de Jong, Ella Wassenaer (pseudonym fan Lipkje Post-Beuckens), Sybe Sybesma en Steven de Jong. Yn 1954 rjochten Marten Brouwer, Sybe Sybesma en Lambert Mulder it eksperiminteel literêre tydskrift Quatrebras op. De dichters dy't yn Quatrebras publisearren fersetten har tsjin it, yn har eagen, establishment en provinsjalisme fan it yn Fryslân ferskinende tydskrift De Tsjerne.

Hessel Miedema rekke al gau belutsen by Quatrebras, foardat er in sit yn de redaksje krige makke er tekeningen en houtfiken foar it omslach fan it blêd.

Foaral troch syn wurk foar Quatrebras waard Miedema ien fan de wichtichste, mar tagelyk ek ien fan de meast kontroversjele figueren yn de Fryske literatuer. Dat kaam benammen troch de publikaasjes fan syn dichtwurk 'stadich brekke de foarmen út 'e skyl' en 'De greate wrakseling'. 'De greate wrakseling' wie eksperiminteel, de assosjative wize fan wurkjen, it ferfrisseljen fan eleminten út ferskillende kultueren en oare keunstfoarmen lykas byldzjende keunst en muzyk en de perspektyfwikselingen binne ek hjoed de dei noch modern.

Yn de Frysk literêre wrâld waard en wurdt Miedema sjoen as keunstner, mar sels relativearret er dat begryp. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer (Friesch Dagblad, 2 maart 2005) seit er dêr sels oer: 'Myn fersemakkerij wie gewoan boarterij. Ek al wie it wat 'De greate wrakseling' oanbelanget wol in serieuze boarterij'.

Ofskie fan it skriuwen
It gedicht 'De greate wrakseling' wie foar Hessel Miedema tagelyk in soarte fan ôfskie fan syn skriuwerskip. Yn 1973 ferskynde Op 'e literêre toer, in sammelbondel mei it wichtichste literêre wurk fan de skriuwer. De bondel wurdt ôfsletten mei in Nederlânsktalich brief, dêr't Miedema syn beslút om op te hâlden mei skriuwen yn ûnder wurden bringt.

Neffens Miedema wie it nivo fan de kritiken en essee's dy't ferskynden yn de Fryske tydskriften leech. Boppedat hied er der gjin fidúsje yn dat it nivo ea heger wurde soe, omdat de measte yntelliginte jonge minsken dy't miskien by steat wêze soene om der wat oan te dwaan, út Fryslân wei giene en op den duer har ynteresse yn de Fryske literatuer ferlearen.
Ek Hessel Miedema sels fielde gjin needsaak mear om noch langer yn it Frysk te skriuwen. It wie in faze, dy't foarby wie doe't er werom út Ljouwert nei Amsterdam ferhuze.

It fers 'De greate wrakseling' is yn 2005, yn in justjes bearbeide ferzje, by útjouwerij Venus opnij ferskynd. Ta gelegenheid fan it ferskinen fan dy útjefte waard yn maart 2005 yn Ljouwert in sympoasium hâlden oer Miedema en de Fryske eksperimintelen.

Wichtichste wurk

Dichtwurk
1963: De greate wrakseling
1965: Bydrage yn: Skande, skande, sûnde, sûnde (in samling fan net earder publisearre wurk út de quatrebras groep)
2005: De greate wrakseling (tredde justjes bearbeide printinge)

Ferskaat
1973: Op 'e literaire toer
1975: Omnikubus - 5 jier Koperative Utjowerij

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Ernst Bruinsma, De Moanne 23-11-2004 (fraachpetear)
Eeltsje Hettinga, eigen webside 26-04-2019 (in memoriam)
Friduwih Riemersma, Fers2 24-04-2019 (in memoriam)
Arjan Hut, FD 26-04-2019 (in memoriam)

Picture poem: 'Ik'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

©Tresoar, 02-04-2021