Berne: 06-05-1949, it hearrenfean

Bertus Mulder is sosjolooch en PvdA-politikus. Hy skriuwt histoaryske artikels oer it sosjalisme en oer Piter Jelles Troelstra.

Libben en wurk

Albertes Johannes Mulder is berne yn 1949 op It Hearrenfean. Hy groeide op yn de Stellingwerven, as soan fan in suvelarbeider. Yn syn stúdzjetiid, hy studearre arbeidssosjology oan de Rijksuniversiteit Groningen, wie er fraksjelid fan de Studentenvakbond yn de Grinzer Studentenraad. 

Dêrnei wurke er as foarmingswurker yn Oosterhesselen en as dosint sosjology yn Eindhoven en joech er sosjale skiednis op Sociaal Hoger Onderwijs Friesland yn Ljouwert. Yn 1991 promovearre er yn Grins op it proefskrift Andries Sternheim, een Nederlandse vakbondsman in de Frankfurter Schule. 

De PvdA-poltikus wie Frysk Steatelid fan 1991 ôf en deputearre (kultuer en miljeu) fan 1995-2007. Ut dy funksje wei hat er him ek dwaande hâlden mei de oprjochting fan Tresoar en wie er de earste foarsitter fan it bestjoer.

Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra (1860-1930). Yn 2017 ferskynde De jonge Piter Jelles dêr't yn oanjûn wurdt hoe’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe’t syn fyzje op it Frysk feroare doe’t er him op de arbeiderssaak rjochte. 

WURK

Publikaasjes (seleksje)
1988: 'Domela Nieuwenhuis en het Kathedersocialisme' yn: Ferdinand Domela Nieuwenhuis. De Apostel van de Friese arbeiders, (red. J. Frieswijk, J.J. Kalma, Y Kuiper) (s. 80-91)
1994: 'Lolle Nauta als criticus in de Friese Literatuur' yn: Burgers en Vreemdelingen. Opstellen over filosofie en politiek (red. Dick Pels en Gerard de Vries) (s. 177-189)
1995: Taspraak by útrikking Gysbert Japixpriis (foar Trinus Riemersma) (Trotwaer, nr. 6, s. 271-275) 
1997: Fryske taalpolityk
2000: 'Anne Vondeling (1916-1979), Altiten ûnderweis' (Fryslân, nieuwsblad voor Geschiedenis en cultuur, jrg 6, nr. 2, s. 47-49)
2001: Fragen en kanttekeningen by in polemysk boek (Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda) (Trotwaer, nr. 1, s. 17-21)

2001: Taspraak by útrikking Gysbert Japikspriis (foar Tsjêbbe Hettinga) (Trotwaer, nr. 9  s. 268-371)
2003: Resinsje fan Piet Hemminga (red.), De aktuele steat fan Fryslân (It Beaken, jrg. 65, nr 1/2, s. 73-78) oan de hân fan Anne Vondeling,  Eat oer it tal biwenners, de migraesje en de befolkingstichtens yn Fryslân (1942)
2005: 'Thúskomme yn Ealsum' yn: Dreame fan in oare wrâld, Jierdeiútjefte foar Durk van der Ploeg (s. 10-19)
2006: 'De fúzje ta Tresoar' yn: Nei Bûten ta. Afscheidsbundel voor Douwe P. de Vries (red. Otto Kuipers & Jacob van Sluis) (s. 40-47)
2007: De miskende taaiheid fan it Frysk
2007: Barend en Martsje: in toanielhoulik
2016: 'Vondeling in ‘echte Lolkema’? (De Moanne nr. 3, s. 53-57)
2017: 'Anne Vondeling bûn de striid oan mei de NAM' (De Moanne, nr. 1, s. 14-19)
2017: De jonge Piter Jelles
2019: 'Wie Trui Jentik de skriuwster fan “Hwêrom”?' (De Moanne, nr. 1, s. 56-59)
2019: 'Kranteman Hepkema' (De Moanne, nr. 4, s. 57-59)
2020: Fersen foar Fokje: syklus fan Piter Jelles Troelstra
2022: Fokje Pasma, boerin, vroedvrouw, muze van Pieter Jelles Troelstra

Mear ynformaasje
www.bertusmulder.nl
Sietse de Vries,
LC 13-10-2017 (ynterview n.o.f. De jonge Piter Jelles)
Jaap Krol, FD 17-09-2022 (besprek Fokje Pasma, boerin, vroedvrouw, muze van Pieter Jelles Troelstra)
Hans van der Heijde, LC 30-09-2022 (besprek Fokje Pasma, boerin, vroedvrouw, muze van Pieter Jelles Troelstra)

©Tresoar, 02-11-2022

Foto: Tresoar, Haye Bijlstra