Berne: 19-04-1937, Frjentsjer
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Andries Miedema, berne en opgroeid yn Frjentsjer, learde foar seewerktúchkundige. Hy hat fearn fan syn njoggentjinde oant syn sânentweintichste. Dêrnei wurke er by in oantal elektrisiteitssintrales. By in reorganisaasje koe er op syn 57ste mei pinsjoen. Doe begûn er te dichtsjen.
It Frysk hat er himsels eigenmakke. Miedema debutearre mei in fers yn Hjir yn 2001. Syn gedichten falle op troch har klassike foarm mei jambyske en rymjende fjouwerrigels, sa no en dan ôfwiksele troch in sonnet.
Inkelde jierren letter debutearre er yn boekfoarm mei de bondel Wynfearren by ’t lemieren (2005), in mânske bondel mei 152 fersen. Ynspiraasje hellet de dichter meast út tafrielen út it deistich libben fan hjoeddedei en eartiids, natuer, de leafde, sykte en dea. In grut tal fersen is wijd oan it seemanslibben.
De wurdearring foar de bondel wie wikseljend. Abe de Vries [1] wie posityf: ‘Dit debút is dan, nettsjinsteande dat der wat in strangere seleksje tapast wurde kinnen hie – (...) in ymponearjende en rike bondel. Ryk yn syn taalmacht, ryk yn syn gefoel foar maat en klassike ferhâldingen, ryk ek yn de wize sa’t de meast ferskate anekdoatyske oanliedingen in metamorfoaze ûndergeane en grasieus feroarje yn... wierheden oer it libben?’ Babs Gezelle Meerburg [2] wie ek fan betinken dat de bondel oan kwaliteit wûn hie as net alle fersen opnaam wiene.
Boarnen foar dit artikel
[1] Abe de Vries, Farsk 2005 nûmer 54
[2] Babs Gezelle Meerburg, LC 17-02-2006
Bibliografy
Poëzy
2003: Fers yn de bondel Myn hert dat trillet my – Gysbert Japiks 1603-2003
2005: Wynfearren by ’t lemieren
2008: Fers yn blomlêzing It goud op ’e dyk, gearstalling Abe de Vries
Mear ynformaasje
Wikipedy
©Tresoar, 10-07-2019