Berne: 05-12-1964, Toppenhuzen

Geert Nauta is as boeresoan hikke en tein yn Toppenhuzen. Boer woe er net wurde. Nei de middelbere skoalle hat er rjochten studearre yn Grins en dêrnei hat er yn Ljouwert syn ûnderwiisfoech helle foar Nederlânsk en skiednis. Op ’t heden stiet er as dosint Nederlânsk foar de klasse oan it csg Liudger yn Drachten.

Libben en wurk
Al op de middelbere skoalle skreau er syn earste teksten, ferhalen fan in nivo dat neffens him no gjin besjen mear lije kin, sa't er sei yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries: 'Ik skamme my doe't ik it lies. Ik kin net sa maklik ôfstân nimme fan it jonkje dat ik doe wie.' Pas doe't er yn 2013 tydlik thús kaam te sitten, pakte er it skriuwen wer op. 'Skriuwe helpt om gryp te krijen op dyn relaasjes en dyn gefoelens,' sei er hjiroer.

Mei it ferhaal Rosarium wûn er fuortendaliks in Rely Jorritsmapriis. Nei't er in jier letter mei it ferhaal Animaasjeknyn wer in Rely wûn, besleat er serieus wurk fan syn skriuwen te meitsjen. Mei ien fan de ferhalen dy't er yn dy faze skreau, Genede, in soarte fan bûgjen, slagge it yn 2017 nochris in Rely yn 'e wacht te slepen.. Alle niisneamde ferhalen binne ferskynd by literêr blêd Ensafh.

Fjouwer útjouwers wiene ynteressearre, dat yn 2018 debutearre Nauta mei de bondel In soarte fan bûgjen. Dat er mei in ferhalebondel kaam, hie dermei te krijen dat er him as begjinnend skriuwer sa frijer fielde om dingen út te probearjen. Ut it hjirboppe neamde fraachpetear: 'It is ien grutte syktocht'.

Neist koarte ferhalen besiket er him ek ta te lizzen op toaniel, poëzy en romans, mar oan’t no ta hat dat noch gjin publikaasjes opsmiten.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 14-09-2018

Bibliografy

Ferhalebondels
2018: In soarte fan bûgjen

Prizen
2013: Rely Jorritsmapriis foar Rosarium (ferhaal)
2014: Rely Jorritsmapriis foar Animaasjeknyn (ferhaal)
2017: Rely Jorritsmapriis foar Genede, in soarte fan bûgjen (ferhaal)
2019: Rely Jorritsmapriis foar Kimboeëwij (ferhaal)
2022: Rely Jorritsmapriis foar Scapa Flow (ferhaal)

Mear ynformaasje
Eigen webside
Aant Mulder, De Nije, jiergong 1, nûmer 1 (fraachpetear)

©Tresoar, 03-08-2022