Berne: 09-01-1962, Minnertsgea
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Rikky Nagel is berne yn Minnertsgea. Sy hat in MBO-oplieding folge, wurket as Alphahulp, docht P.G.B.-wurk en is wurksum as horeka-ûndernimmer.
Skriuwerij
Yn 2009 skreau Rikky Nagel har earste boek Neeltsje, it ferhaal fan in grutte húshâlding op it Fryske plattelân. De útjouwer omskriuwt de skriuwstyl as autentyk en stelt dat alles mei humor en faasje beskreaun is. Fierder skriuwt se geregeldwei stikjes foar de doarpskrante.
Bibliografy
2009: Neeltsje (roman)
Mear ynformaasje
Boekenroute
©Tresoar, 24-07-2019