Berne: 08-07-1957, Steenwijkerwold
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Bouke Oldenhof is toanielskriuwer. Hy wurket dêrneist ek as dosint, dramaturch, teäterprodusint, oersetter en resinsint. Hy groeide op yn in roomske húshâlding op It Hearrenfean. Nei it ateneum yn Boalsert studearre er Nederlânsk en Frysk yn Grins en teäterwittenskip yn Amsterdam.
Fan 1980 oant en mei 1989 wie er redakteur fan literêr tydskrift Hjir. Yn dat literêre blêd publisearre er û.o. in wiidweidige stúdzje fan Rink van der Velde en in oersjoch fan alle Fryske toaniel fan 1945 oant 1988.
Yn 1980 waard er learaar Nederlânsk en Frysk oan ûnder oare de Pedagogyske Akademy te Drachten en learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert. Ek wurke er oan ’e Iepen Skoalle op it Hearrenfean, en foar de Stifting Learplanûntwikkeling (SLO) yn Ynskedee. Hy publisearre in stikmannich didaktyske artikels en ûnderwiismateriaal Frysk en Nederlânsk foar folwoeksenen. Mei Janny van der Veen ûntwikkele er de Fryske lesmetoade Bekjegau, ornearre benammen foar de kursussen Frysk foar net-Friezen op Skylge.
Yn 1986 begûn Oldenhof as dramaturch fan it Frysk Toaniel Ferbân. Dêr joech er skriuw- en regylessen, begelate toanielskriuwers en joech dramaturgyske advizen. Foar de Ljouwerter Krante skreau er jierrenlang teäterresinsjes. Yn 1991 waard er koördinator literatuerbefoardering by it FLMD. Fan 1993 wurke er as dosint dramaturgy op de Noordelijke Hogeschool. Fan 1998 ôf is er fulltime selsstannich toanielskriuwer. Dêrneist sette er ek tsientallen stikken oer foar û.o. Tryater.
Sûnt 1987 wennet Oldenhof yn kafee De Rolbrêge op De Tynje. Dat wie ek de titel fan syn earste toanieltekst, dy’t yn 1992 produsearre waard troch Stedsskouboarch De Harmonie yn in regy fan Matthijs Rümke en mei Joop Wittermans en Wimmie Wilhelm yn de twa rollen. Lanlike bekendheid krige er yn 1995 troch it Abe!-spektakel yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean. Fan dat stuit ôf wurke Oldenhof as skriuwer en oersetter mei oan tsientallen teäterprojekten. Yn 2006-2007 wie er in lyts jier ynterim algemien direkteur fan Tryater.
Bouke Oldenhof is net allinnich warber as toanielman. Sa ferskynde yn 1997 yn ’e mande mei Klaes Dykstra in nije edysje fan it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer dêr’t Oldenhof de taheakke oer 1977-1994 oer skreaun hie. Babs Gezelle Meerburg wie posityf oer it boek [1]. Se fûn it benammen knap dat Oldenhof sa goed oansleat by de styl fan Klaes Dykstra. Henk van der Veer fûn dat Oldenhof der ‘in potsje fan makke hie’. Hy stroffele oer it neffens him grutte oantal flaters yn bygelyks de titels.
Yn 2006 skreau Oldenhof foar it literatuerskiednisboek Zolang de wind van de wolken waait it haadstik oer it Fryske toaniel. Fierder ferskynde yn 2016 by Azul Kids Kinderboeken syn earste selsstannich berneboek Witte en het wilde paard. Yn 2003 publisearre er al tegearre mei Dolf Verroen De verdwijntruc.
Tematyk en resepsje
It wurk fan Oldenhof is rûchwei yn trije skiften te ferdielen
1. Plattelânsminiatueren
Rolbrug (1993) is te sjen as it earste diel fan in trilogy oer it libben op it Fryske plattelân, letter útjûn ûnder de titel De Rijpen. Yn dit earste diel binne twa tema’s te ûnderskieden. It earste is dat fan twa minsken dy’t inoar en dêrmei har gelok misrûn binne. It twadde is dat fan in nijkommer yn in doarpsmienskip. It stik is skreaun yn in keunstdialekt mei Fryske, Grinslanner en Drintske eleminten. Lidwien Feld priizge it stik om de styl, de taal en de komposysje [2]. Sietse de Vries stelde fêst dat de keunsttaal tichteby it Bokwerters fan Rink van der Velde sit, wêrtroch’t de teksten út en troch wat karikaturaal oerkomme kinne, al docht dat neffens him de kwaliteit fan it spul as sadanich gjin skea. Hy fûn dat de ynhâld fan it stik hiel ticht by de werklikheid fan it plattelân yn ’e buert kaam, wat him nammers in minder noflik gefoel besoarge [3]. Pieter Terpstra spruts fan ‘een onalledaags stuk in een geraffineerde kunsttaal’. Hy neamde yn syn besprek ek it karakter fan it stik, dat miskien regionaal eage, mar dêr troch spul en ynhâld boppeút kaam [4].
It twadde diel, Hanebuurt, (1997) giet oer de ûndergong fan de boerestân. It lân fan in boer wurdt yn it ramt fan heger natuerbelied ûnder wetter set, hy kin net fierderbuorkje. It gefolch is dat er yn it sikehûs telâne komt. Dêr komt er yn ’e kunde mei in twadderangs skriuwer, mei wa’t er syn ferline yn Hanebuurt dielt. Wiggele Wouda wie net ûnder de yndruk fan Hanebuurt. Hy fûn benammen dat it stik net folle te melden hie en dat de dramatyske spanning te winskjen oerliet [5]. Sietse de Vries socht de krêft fan it stik yn de taal en it observaasjefermogen fan Oldenhof [6].
Kooibos (1997), it tredde diel fan de trilogy, is basearre op in krante-artikel út 1993 oer Russyske froulju dy’t hjirhinne kamen om te trouwen mei in frijfeint. Kooibos is in útbuorren dêr’t twa bruorren tegearre mei harren mem yn in fertutearze wenning tahâlde. As de mem ferstoarn is, komt yn har plak in frommes út Ruslân. Gooitsen Eenling priizge it stik om de ‘korte, afgemeten scènes’ mei de ‘warmbloedige plattelandsbewoners die je zonder enig voorbehoud in je armen sluit’ [7].
Foar Rolbrug waard Oldenhof nominearre foar de Prosceniumpriis, foar Hanebuurt en Kooibos foar de Taalunie toneelschrijfprijs. Hanebuurt waard yn 2001 troch Ben Sombogaert ûnder de titel Ganzen ferfilme (nominaasje Lirapriis en Prix d’Europe Genève). Akteur Joep Onderdelinden joech syn personaazje Siemen út Kooibos in twadde libben as postbode Siemen yn de telefyzjesearje Zaai.
Folle letter skreau Oldenhof yn deselde trant plattelânsminiatueren yn it Frysk. Dy ferskynden yn 2013 as Fan letter soarch. Lette ropping fertelt it ferhaal fan in koster dy’t mient oan oansjen en belang te winnen troch it ynwurkjen fan in nije dûmny, mar úteinlik syn frou oan dyselde, lesbyske, dûmny ferliest troch eigen dwersens. Krekt as yn in tsiental oare stikken fan Oldenhof spile Wittermans de haadrol yn de produksje fan Tryater. It stik waard bekroand mei de Fedde en Martha Bergsmapriis yn 2008.
It twadde diel, Rispinge, (2012) skreau Oldenhof by gelegenheid fan it fjirtichjierrich toanieljubileum fan Joop Wittermans. In man giet nei in âldereinhûs om it hûs te ûntflechtsjen dêr’t er syn frou ferlear. Mar hy bliuwt ûnwennich fan syn tún, en is te dwers foar it libben yn it bejaardetehús, dus giet der oan de ein fan it stik mei in fersoarchster wer út.
It tredde stik, Juster is fuort, (2014) waard skreaun by gelegenheid fan de 75e jierdei fan Hilly Harms. In frou ferliest troch in cva har ûnthâld, har soan liket gjin kâns mear te krijen om mei har mienskiplik ferline yn it lyk te kommen.
Fan sfear en besetting fergelykber, mar fan abstraksje ambisjeuzer, is Feteranen (2015), mei basearre op de ferhalen fan Hylke Speerstra yn Op klompen troch de dessa (troch Oldenhof redigearre en foar in part yn it Nederlânsk oersetten). Twa soldaten treffe elkoar jier op jier by de deadebetinking. Sersjant Douwe A. Wybenga is grifformeard en lijt ûnder skuldgefoelens, luitenant Sibbele Flapper fielt him noch altyd net erkend. It stik belibbe yn in regy fan Jos Thie en mei Joop Wittermans en Freark Smink yn de beide rollen by produsint Pier 21 santich Frysktalige foarstellingen; Toneelgroep Het Volk spilet in Nederlânsktalige bewurking yn it seizoen 2016-2017 like faak troch hiel Nederlân.
2. Jeugd- en jongereintoaniel
Lykas in grut part fan syn kollega’s waard ek Oldenhof nei syn earste toanielwurk benadere foar it skriuwen fan toanielteksten foar beuker-, berne- en jongereintoaniel. In grut part fan dat wurk skreau er yn it Nederlânsk, mar beskate teksten waarden ek twatalich útbrocht.
It earste wurk is it meast autonoom. Niemand spaart mensen (1994) waard skreaun foar beukers: in analytyske jonge en in ritueel famke sparje elk har eigen kolleksje byelkoar. As se ruilje, giet ek har eigenheid ferlern. Nei de foarstelling bij De Citadel waard it stik by Tryater spile as Broer en Lyfke wolle ruilje (1995).
Sân wizen fan wekker wêzen (1994) is in assosjatyf stik foar jongerein oer it stribjen nei yntinsiteit fan libjen. It stik waard opfierd troch de Jeugdteäterskoalle yn in regy fan Hilde Mulder. As Suite van het waken waard it ek noch geregeld yn it Nederlânsk spile.
Yn ’e mande mei regisseuze Silvia Andringa ûntwikkele Oldenhof Medusa (2000). De klassike myte fertelt hoe’t in famke ûnsjoch wurdt nei de ferkrachting troch seegod Poseidon en elkenien mei har blikken deadet dy’t by har yn de buert komt. As de dwerse bedoarne keningssoan Perseus by har yn de buert komt, feroaret Oldenhof de myte: de beide jongelju wurde fereale. Sy beslute in ein oan de leafde en har libben te meitsjen om’t in leafde sûnder elkoar oansjen te kinnen net draachlik is. Mei Medusa wûn Oldenhof de Hans Snoekprijs fan 1999, de priis foar de bêste jeugdfoarstelling fan Nederlân en Flaanderen. It stik belibbe ensenearringen yn Frankfurt en Senftenberg.
By gelegenheid fan it ôfskied van Romke de Leeuw fan Tryater makke Oldenhof foar syn doarpsgenoat Pake yn ´e kast (1997). Pake Romke is letterlik en figuerlik by pakesizzer Romme yn de kast. Dy is mâl mei pake syn ferhalen oer syn beroppen en grutsk op syn gûchelderstrúks. Mar as pake wiet en smoarch wurdt, is er bliid as er syn lêste trúk útfiert: hy ferdwynt yn de ferdwynkast. Romke rêdt de oantinkens oan syn dierbere pake graach op. It stik waard sawol yn it Frysk as it Nederlâns troch Tryater opfierd, en belibbe 170 foarstellingen.
Ek foar Romke de Leeuw makke Oldenhof in toanielbewurking fan It libben fan Gerrit Roorda fan Kerst Huisman, yn it ramt fan Simmer 2000. Dy waard 35 kear opfierd yn Kafee Rolbrêge.
Yn ’e mande mei Elout Hol fan Theater Gnaffel út Swol ûntwikkele Oldenhof in fiiftal teksten foar poppefoarstellingen. Fan dy teksten is it meast yn it each springend Witte en het wilde paard (2012), dêr’t Hol syn koperen toanieljubileum mei fierde en dêr’t er de Gouden Krekel foar bêste yndividuele prestaasje yn it jeugdteäter foar krige. It senario foar de foarstelling wie letter de basis fan de berneroman mei deselde namme.
3. Teksten foar grutskalige projekten en gelegenheidswurk
It earste stik dat fan Oldenhof produsearre waard, Tijgerleliën (1992), is basearre op it wurk fan Piet Paaltjens (François Haverschmidt). Oldenhof hat om de gedichten fan dy dûmny-dichter hinne in monolooch skreaun, dy’t spile waard troch Joop Wittermans. De tekst wie net bedoeld om mear te fertellen oer Piet Paaltjens. Oldenhof brûkte de gedichten mear om eigen gedachten oer tema’s as hertstocht, dôvjende leafde en fertriet wer te jaan. Kritisy wiene net ûnferdield entûsjast. Sa fûn Peter Blom dat de foarstelling gjin rjocht die oan François Haverschmidt. Hy neamde de manier dêr’t Oldenhof de wrakselingen fan de ferneamde dûmny-dichter mei delsette ‘gemakzuchtig’ en it personaazje sels in ‘flat character’ [8]. Dan wie Tjitske de Boer positiver: ‘Oldenhof lit in man sjen dy’t wakker prachtich oer de leafde, gefoelens en hartstochten prate en skriuwe kin: de man is “beskôger” fan syn eigen oandwanings’ [9]. Wiggele Wouda seach in te timide foarstelling mei te min oertsjûging en kontrast, al hie er wol wurdearring foar de tekst fan Oldenhof, dy’t er ‘treffend’ neamde [10].
It mei Jos Thie foar it Frysk Festival fan 1995 skreaune Abe!, in hommaazje oan Abe Lenstra, waard tige loovjend ûntfongen. Media yn en bûten Fryslân priizgen de kwaliteit fan it stik. De Telegraaf (‘Abe herleeft in een daverende show’ en ‘een zeldzaam geslaagde hommage aan een van Frieslands grootste zonen’), de Volkskrant (‘Abe! is verbluffend in afwisseling van spektakel en initimiteit’), it Algemeen Dagblad (‘Er zitten zó veel verrukkelijke vondsten in dat het flauw zou zijn ze te verklappen’) kamen superlativen te koart.
Letter skreau Oldenhof teksten foar grutte lokaasjefoarstellingen en communityprojekten as De engel en de duizend doden (1997), Hora ruit (1998; bij Loevestein oer Hugo de Groot), Drie morgen – de dag (2012; yn Bildts, Frysk en Ingelsk). Hy makke ek de bewurking yn it Meslânzers fan Ibsens Peer Gynt (1999), yn de ferneamde ferzje fan Jos Thie op it Oerolfestival; lykas ek de oersetting en bewurking fan Kening Lear (2003) mei Fryske hynders yn it Friesch Paardencentrum yn Drachten. Ek Kneppelfreed fan Jos Thie [11 en 12], dêr't Oldenhof de tekst foar skreau, kin rekkene wurde ta dit skift.
Oldenhof levere teksten foar iepenloftfoarstellingen foar û.o. it Iepenloftspul Opsterlân(de gemeente dêr’t er wennet) en Iepenloft De Tynje. De foarstellingen Hoe no, Robin Hood? (2010) en Drie gebroeders (2013; nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan de Sneeker Pan) waarden bekroand mei de Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul. De komeedzje Verjaardagfeest (geen Pinter) (1998) waard opfierd troch Toneelgroep Het Volk. Yn it amateurtoaniel wurdt it stik troch geregeld opfierd; der bestean ek in Fryske en in Grinslanner ferzje fan.
It lêste skift draacht it minst dúdlik it hânskrift fan Oldenhof, al is der op dat punt wol ferskil tusken de ûnderskate teksten. Sa hat Abe! mei it ferhaal fan de him minderweardich fielende Fryske fuotballer wol in dúdlike eigen toan.
By it grutte ferskaat oan teksten is it dreech in algemiene karakteristyk fan it toanielwurk te jaan. In soad toanielstikken kenne in mylde humor, dêr’t kwetsbere minsken mei beskreaun wurde, dy’t almeast net út de hegere sosjale klassen en yntellektuele elite komme. De plattelânsminiatueren roppe begrutsjen op mei de brekbere minsken dy’t har steande besykje te hâlden yn in wrâld dêr’t sy mar amper gryp op hawwe. Yn de stikken foar bern is faak in sekere poëzy en abstraksje te finen. By de grutskalige foarstellingen binne de personaazjes ienlagiger en net selden grotesk beskreaun.
Boarnen foar dit stik
[1] Frieschteäter Dagblad, 03-05-1997
[2] Friesch Dagblad, 16-10-1993
[3] Leeuwarder Courant, 16-10-1993
[4] Trouw, 19-10-1993
[5] Friesch Dagblad, 24-01-1997
[6] Leeuwarder Courant, 24-01-1997
[7] Leeuwarder Courant, 24-09-1999
[8] Nieuwsblad van het Noorden, datum ûnbekend
[9] Frysk en Frij, 21-11-1991
[10] Friesch Dagblad, 11-11-1991
[11] Elisabeth Post, LC 02-09-2021
[12] Ruurd Walinga, FD 02-09-2021
WURK
Boeken
1991: Tryater 1965-1990 (jubileumboek)
1993: Friesische Literatur Heute / Frisian literature today (Blomlêzing foar de Frankfurter Buchmesse)
1997: Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer (taheakke; mei Klaes Dykstra)
2000: In nuver famke (oersetting berneboek Dolf Verroen)
2006: Zolang de wind van de wolken waait (haadstik oer toaniel, tekst op DBNL
2014: Fan letter soarch (in bondel mei trije stikken)
2016: Witte en het wilde paard (berneboek)
2019: Fan libben en dea (bondel mei trije toanielstikken)
Toaniel (in kar-út)
1991: Tijgerleliën
1991: Liichbist (oersetting fan in komeedzje fan J.J. Bricaire en M. Lasaygues)
1992: Pantoffeldier (publisearre yn Hjir)
1993: Drie zussen (Bewurking Drie Zusters fan Anton Tsjechow foar de Jeugdteäterskoalle)
1993: Heit (Oersetting foar Tryater fan in stik skreaun troch Hugh Leonard)
1993: Rolbrug
1994: Sân wizen fan wekker wêzen (foar Jeugdteaterskoalle)
1994: Andorra (Oersetting fan in stik fan Max Frisch)
1995: Peardûns (Oersetting stik fan Arthur Schnitzler)
1995: Broer en Lyfke wolle ruilje (Bernefoarstelling, oersetting fan eigen stik foar Tryater)
1995: Abe! (mei Jos Thie foar it Frysk Festival)
1996: De Trageedzje fan Hamlet, Prins fan Denemarken (oersetting fan Hamlet, fan William Shakespeare)
1997: Hanebuurt
1997: Pake yn ’e kast (bernefoarstelling)
1997: Kooibos
1997: Peer Gynt (bewurking foar de Jeugdteäterskoalle)
1998: Hora ruit (lokaasjeprojekt Gorinchem, slot Loevestein oer Hugo de Groot)
1998: ’n Meeuw (bewurking fan Tsjechov syn Meeuw)
1998: Het verjaardagsfeest, geen Pinter
1998: Ot en Sien (bernetoaniel, in bewurking fan de boekjes fan H. Scheepstra en J. Ligthart)
1999: De Rafaëls (oersetting stik fan Filip Vanluchene)
1999: Peer Gynt (oersetting Ibsen yn gearwurking mei Jos Thie foar Oerol)
2000: Roorda (bewurking boek Kerst Huisman – It libbensferhaal fan Gerrit Roorda)
2000: De keuken (oersetting Arnold Wesker foar Iepenloftspul Burgum)
2000: Melotte yn ’e mist (foar Iepenloftspul Aldskoat)
2001: Medea (oersetting foarTryater)
2002: De ynbylde sike (oersetting stik Molière foar Tryater)
2002: Andorra (oersetting stik Max Frisch foar Iepenloftspul Burgum)
2002: Alderhûs de Frijloop (ienakter foar Probe)
2007: Lette Ropping (toanielstik)
2014: Fan letter soarch (toanielstikken)
2015: Noblesse oblige (foar Iepenloftspul Opsterlân)
2021: Maistiid (bewurking Bodas de Sangres fan Frederico Garcia Lorca foar WIG Producties en de ynwenners fan Ryptsjerk)
2021: Vader en zoon (mei oaren, foar Joop en Mads Wittermans)
2022: Hid hero en het referendum (oer de Europeeske grûnwet dat yn 1952 te Boalsert holden waard)
2022: Bijke (foar Pier 21)
Prizen
1975: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘De wurden en de dingen en dreamen’
1992: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Wjirmen’
1999: Aanmoedigingsprijs Toneel van het Amsterdams Fonds
2008: Fedde en Martha Bergsma-priis foar Lette ropping
2012: Fryske Anjer
2015: Pyt van der Zeepriis
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 18-01-2019 (fraachpetear n.o.f. de ferskining fan Fan libben en dea)
Elisabeth Post, LC 11-12-2021 (fraachpetear)
Iris Witzenburg, FD 14-10-2022 (oer Bijke)
Hans Brans, LC 15-10-2022 (besprek Bijke)
©Tresoar, 16-11-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar