Berne: 07-10-1959, Skarsterbrêge
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
GedichteN
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Simon Oosting is berne yn Skarsterbrêge. Hy groeide op yn Ljouwert dêr’t er it Kristlik Gymnasium besocht. Yn 1978 sette er yn Wageningen útein mei de stúdzje Tropyske Feehâlderij.
Oosting studearre ôf yn 1985. Hy promovearre op in dierfysiologysk ûnderwerp: ‘Wheat straw as ruminant feed: effect of supplementation and ammonia treatment on voluntary intake and nutrient availability’ (1993). It ûndersyk fûn foar in part plak yn Wageningen en foar in part yn India. Nei syn promoasje wurke er op ûndersyksynstituten yn Kanada en Noarwegen. Yn 1999 kaam er werom yn Wageningen. Oosting hâldt him no dwaande mei de maatskiplike kant fan it hâlden fan bisten by de ôfdieling dierwittenskippen.
It skriuwen fan in essay, as ûnderdiel fan syn wurk foar de leerstoelgroep Dierlijke productiesystemen, wie de oanlieding dat Simon Oosting wer yn it Frysk begûn te skriuwen. Hy skreau dat artikel, mei de titel ‘Lân. Molke en minsken’, nammentlik foar it literêr/kultureel tydskrift De Moanne (okt. 2002) yn syn memmetaal.
It skriuwen fan gedichten en ferhalen die er al op jonge leeftyd, publikaasje bleau beheind ta de skoallekrante en it blêd fan de Fryske studinteferiening WSSFS (Wageninsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje). Syn stúdzje en lettere wurk oan de universiteit brocht mei dat er him lange tiid allinne dwaande hold mei benammen Ingelsktalige wittenskiplike publikaasjes op it mêd fan syn fakgebiet.
Nei syn artikel yn De Moanne krige er wer aardichheid oan it skriuwen fan gedichten en ferhalen yn it Frysk. Hy debutearre as dichter yn De Moanne/Trotwaer mei it fers ‘Midsimmer’ (july 2003). Dêrnei publisearre Oosting njonken De Moanne/Trotwaer ek yn literêr tydskrift Hjir.
Yn 2004 krige er foar syn gedichtesyklus Yn ‘t foarbygean in Rely Jorritsma-priis takend.
Yn boekfoarm debutearre Simon Oosting yn 2007 mei de bondel Rauwe fisken op wynfearwolkens. De bondel is ferdield yn fjouwer skiften: Winterskoft, Seeën bylâns, Fierder en Skilderstikken. Eeltsje Hettinga hat yn syn besprek fan de bondel (go-gol, 2007) wurdearring foar benammen de magysk-realistyske fersen yn de bondel fan Oosting. Oer it gedicht Edward Hopper op Skylge skriuwt er: ‘in suver desperate tekst oer ljocht, leechte en allinnich wêzen’. Edward Hopper (1882-1967), Amerikaansk skilder, sterk yn it útbyldzjen fan iensume minsken yn sinistere, lege romtes. Hettinga neamt Oosting in lette debutant, mar wol in sterke debutant. Ek Jelle van der Meulen [1] fûn Rauwe fisken op wynfearwolkens 'een bepaald interessant te noemen dichtersdebuut'. Opfallende elemint yn it wurk fan Simon Oosting is it kontrast; dat tusken stêd en doarp, it no en it ferline, tusken kultuer en natuer, tusken earmoede en wolfeart. Harmen Wind [2] skreau yn syn besprek fan de bondel: ‘Ek al giet it om klassike tema’s, it is de kombinaasje fan de sterke gefoelsdriuw en de filosofyske ferdjipping dy’t de kwaliteit útmakket fan dizze poëzy’.
Yn de sammelbondel It each fan de griffioen, dêr’t ferhalen yn opnaam binne fan hjoedeiske Fryske skriuwers, stiet ek in ferhaal fan Simon Oosting. Yn it magysk-realistyske ferhaal, mei de titel De flecht fan parkiten moetet de haadpersoan nei in lange reis in frou dy’t er earder skildere hat. Mar de frou wurdt wei as er har oansprekke sil.
Yn respektyflik 2012 en 2020 folgen de bondels Hûnewacht en DC … en tichterby/DC … en dichterbij.
Tsjintwurdich makket er diel út fan it dichterskollektyf Rixt.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
[2] Harmen Wind, LC 23-11-2007
Wurk
Proaza
2006: De flecht fan parkiten, ferhaal yn sammelbondel It each fan de griffioen
Poëzy
2007: Rauwe fisken op wynfearwolkens
2012: Hûnewacht
2020: DC … en tichterby/DC … en dichterbij
Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)
Prizen
2004: Rely Jorritsma-priis (gedichtesyklus: Yn ‘t foarbygean)
2008: Fedde Schurerpublykspriis foar de bondel Rauwe fisken op wynfearwolkens
Mear ynformaasje
Wikipedy
Dichterskollektyf Rixt
©Tresoar, 26-08-2020